It EBLT presintearret de films ‘Cigán’ en ‘Rein sûnder ein’

CIGAN_06-660x380Nei oan lieding fan de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film dit jier op snein 25 febrewaris de priiswinnende Roma-film Cigán! út Slowakije. Foar de film Cigán! wurken regisseur Martin Sulik en produsint Rudolf Biermann moannenlang yntinsyf gear mei amateur-akteurs út in Roma-mienskip yn it easten fan Slowakije. De film is, en dat is útsûnderlik, foar in grut part sprutsen yn de Romataal. It resultaat is in tige libbene film, dy’t ynsjoch jout yn it hurde libben yn in earme Roma-mienskip op it plattelân.

Der binne twa saken dy’t fleur jouwe oan it libben fan de jonge haadpersoan Adam: de bokssport en syn freondinne Julka. Mar as Julka úthoulike wurdt oan in rike Tsjech en syn heit ûnder mysterieuze omstannichheden stjert krijt Adam it dreech. Syn mem trout mei syn kriminele omke Zigo. En wylst Adam sels graach nei skoalle wol en sporte hat syn omke hiele oare plannen mei him….. In konfrontaasje kin dan ek net útbliuwe. De film Cigán! makke rûnom yn Europa in soad yndruk en skopte it ek ta offisjele Slowaakse ynstjoering foar de Oscar-kategoary bêste film yn in frjemde taal.

De film wurdt koart ynlaat troch de Nederlânske Roma-kenner Peter Jorna, dy’t him al sûnt 1991 ynspant foar de posysje fan de Sinti en Roma yn Nederlân en oare Europeeske lannen. Jorna is consultant social inclusion en lid fan it EU Romaplatfoarm. Nei de film is der gelegenheid foar neipetear.

Sean Decelis as The Boy
Sean Decelis as The Boy

It filmprogramma fan EBLT en Slieker Film begjint dit jier mei de koarte film ‘Rein sûnder ein’ fan de jonge Malteeske filmmakker Kenneth Scicluna. Dizze wat mysterieuze mar tige byldzjende film jout in folslein oar byld fan Malta as út de reisfolders. Ek hjir hat in jongeman it dreech mei syn mem en omke. Shakespeare is net fier fuort, op Malta likemin as yn Slowakije. Dizze film is foar ús troch Geertrui Visser foarsjoen fan ûndertitels yn linich en geef Frysk. De film ‘Plangent Rain’ is oandroegen troch Kulturele Haadstêd Valletta 2018.

It is al wer de fiifde kear dat EBLT en Slieker Film tegearre in bysûndere filmfoarstelling organisearje nei oanlieding fan ynternasjonale memmetaaldei. EBLT en Slieker Film dogge dat yn oparbeidzjen mei Mercator, it kennissintrum foar meartaligens en taallearen fan de Fryske Akademy. De ôfrûne jierren waarden de folgjende produksjes nei Ljouwert helle: Son Bojos, aquests Catalans (Kataloanië, 2014), Syrcas (Wales, 2015), Amama (Baskelân, 2016), en Sumé – the sound of a revolution’ (Grienlân, 2017). De films út Kataloanië en Baskelân waarden fertoand mei ûndertitels yn it Frysk.

In kaartsje foar ‘Cigán!’ en ‘Rein sûnder ein’ kostet 7 euro 50. De films binne allinnich te sjen op snein 25 febrewaris moarns om 11.30 (mei gasten en ynliedings) en de jûns om 20.00 oere.

Lees dit bericht in het Nederlands.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *