De wike fan 21 septimber oant en mei 26 septimber 2015 stiet foar it EBLT yn it teken stean fan de Fryske taal op Google Translate. Yn dy wike, organisearre troch Provinsje Fryslân, de Fryske Akademy, de Afûk, it EBLT en Tresoar wolle wy mei sa folle mooglik minsken yn en bûten Fryslân wurkje oan it oersetten fan data dy’t nedich is foar it opnimmen fan de Fryske taal yn Google Translate. It giet om tûzenen wurdsjes, sintsjes, taaleigen en stikken fan sinnen dy’t oerset wurde moatte foar’t it Frysk echt ûnderdiel wurde kin fan Google Translate. Hjirfoar hawwe wy de stipe nedich fan alle Friezen dy’t in aardich wurdsje Frysk skriuwe kinne.
Yn de Fryske Google Translate Wike kin op ferskate plakken yn en bûten Fryslân wurke wurde oan de oersettingen. Ynkoarten sil it programma op de webside en de Facebook-eveneminteside pleatst wurde. Mar fansels kinne je ek thús oan de gong en no al útein sette kin fansels ek. Gean dêrfoar nei de webside fan Google Translate. Je hawwe wol in Google- of Gmail-akkount nedich om ynlogge te kinnen.
Google Translate is in online-tsjinst fan Google dêr’t stikken tekst mei oerset wurde kinne fan de iene nei de oare taal. Der binne op dit stuit hast 90 talen yn dizze oerset-masine beskikber, mar it Frysk noch net. De provinsje Fryslân en de Fryske Akademy wolle graach dat it Frysk ek opnaam wurdt yn dizze oersetter. Minsken oer de hiele wrâld kinne dan teksten fan it Frysk oersette yn ien fan de oare yn Google Translate beskikbere talen en oarsom. Mar foardat it safier is, moatte der earst tûzenen koarte Ingelske foarbyldsintsjes en losse wurden nei it Frysk oerset wurde. Dêrfoar hawwe wy de help nedich fan elk dy’t knap Frysk skriuwe kin! Doch mei!
Google Translate is net allinne hartstikke handich, mar ek hiel wichtich foar in lytsere taal as it Frysk: it lit sjen dat de taal fitaal is en mei de tiid meigiet. Boppedat wurdt de tapassing en de sichtberens fan de taal fergrutte. Dat it Frysk opnommen wurdt yn dit soarte fan digitale tapassingen, fersterket it eigentiidske imago fan it Frysk dêr’t ek de jongerein mei oansprutsen wurdt. Stikken skreaun yn it Frysk kinne mei Google Translate maklik oerset wurde nei 90 oare talen, wêrmei’t Fryske teksten in wrâldwiid berik krije. Fryske teksten oersette yn bygelyks Russysk of Japansk wurdt sa in stik makliker. Ek stipet de oersetfunksje fan Google Translate minsken dy’t graach ris in stikje yn it Frysk skriuwe wolle mar it Frysk net folslein yn de macht hawwe. Handich en wichtich dus!
Hoe wurket Google Translate?
Google makket gebrûk fan software dat it ynternet ôfsneupt op syk nei teksten dy’t yn ferskate talen beskikber binne. Troch deselde tekst yn ferskillende talen te ferlykjen, is der in systeem ûntwikkele dat patroanen yn talen ûnderskiede kin. Op basis fan dy patroanen en in korpus fan dokuminten dy’t yn ûnderskate talen beskikber binne, past Google statistyk ta dat ta de bêst passende oersetting liede moat.
It korpus dat Google brûkt bestiet út alle bestannen dy’t de Europeeske Uny sûnt 1957 publisearre hat yn har 24 offisjele talen, alles wat de Feriene Naasjes en har besibbe ynstellings yn 6 talen publisearje en bulten oar materiaal as boeken en artikels dy’t meartalich beskikber binne. Njonken dat korpus offisjele meartalige teksten, hat Google Translate ek frijwillige oersetters nedich. Hielendal foar talen as it Frysk, dêr’t net in soad teksten fan op it ynternet publisearre wurde dy’t ek yn in oare taal beskikber binne.
By it oersetten wurdt meastal gebrûk makke fan in tuskentaal. As der wat fan bygelyks it Frânsk nei it Frysk oerset wurde moat, dan wurdt dat dien mei tuskenkomst fan it Ingelsk. Om it Frysk beskikber te meitsjen yn Google Translate, hoege dêrom allinne mar Ingelske sintsjes oerset te wurden.
It unike fan Google Translate is dat der no fan en nei talen oersettingen makke wurde kinne dêr’t earder hielendal gjin taalkontakt mei bestie. Sa kin der aanst maklik oerset wurde fan it Frysk nei it Azerbeidzjaansk, it Bengaly (yn Bangladesj) of it Yoruba (yn West-Afrika) en oarsom! Google Translate: praat mei de hiele wrâld!
Betink wol dat Google Translate, lykas ek alle oare fertaaltsjinsten, mar hiele brike sinnen ôfleveret, wêr’t noch krekt út op te meitsjen falt wat de bedoeling west hat.
Dat komt om’t goede oersettings gewoanwei net mooglik binne. Want dêrfoar moatte jo in kompjoeter neitinke litte as in minske. Sa fier is de wittenskip noch net, en it is de fraach oft it ea sa fier komt.