Dekker: “Regionale omroppen bliuwe sels baas oer programmearring”

De redaksjes fan de regionale omroppen hâlde sizzenskip oer de programma’s dy’t se útstjoere op radio en tillevyzje. Dat is de útkomst fan oerlis tusken steatssikretaris Sander Dekker en ROOS, de oerkoepeljende organisaasje foar de 13 regionale omroppen. De ôfspraken binne moandei nei de Twadde Keamer stjoerd.

Wol wurdt der in Regionale Publieke Omroep (RPO) oprjochte. Dy wurdt ferantwurdlik foar de administraasje fan de omroppen. Ek saken as finansjen, technyk en personiel wurde hjiryn ûnderbrocht. De besparring op dizze kosten is nedich om de besunigings fan 17 miljoen euro op te fangen by de regionale omroppen. De feroarings jilde fan 2017 ôf.

Yn syn keamerbrief skriuwt Dekker ek dat hy de eigen stjoerder foar Omrop Fryslân en it Frysktalich media-oanbod opnimme wol yn de mediawet. Oer de bestjoerlike oanstjoeren wol de steatssiktaris yn petear mei de provinsje Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.