Op freed 12 desimber 2014 fynt de 10e edysje fan Liet International plak yn de Noard-Dútske stêd Aldenboarch (Oldenburg). Nei dielname fan de Föfftig Penns oan Liet International 2009 is yn Oldenburg úteinset mei Plattsounds, in Platdútske fariant fan Liet. De organisatoaren fan dit sjongfestival en it teater Kulturetage binne der tige wiis mei dat Liet International 2014 yn Oldenburg plakfine sil. De winner fan ús eigen Fryske Liet sil op 12 desimber Fryslân fertsjintwurdigje yn Oldenburg.
Minderhede-sjongfestival Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar it earst organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it sjongfestival troch Europa, sûnt 2008 ûnder beskermhearskip fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt alle jierren in soad media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeid oant ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. De lêste edysje fan Liet International fûn yn 2012 plak yn it Asturyske Xixón/Gijón yn it noarden fan Spanje.
Yn eardere jierren waard Liet International troch it gastlân faak keppele oan in konferinsje oer minderheidstalen. Dit jier wurdt in konferinsje op inisjatyf fan de bestjoeren fan Plattsounds en Liet International mienskiplik organisearre. Hjirby wurdt de gearwurking tusken UCF, Rijksuniversiteit Groningen en Universität Oldenburg yntinsivearre. Neffens belutsen professor dr. G.T. Jensma “stelt ús dit yn steat om mei in grut tal Europeeske kollega’s kennis út te wikseljen, wêrby de kombinaasje fan taal en muzyk in unike manier is om wittenskip en muzyk oan inoar te ferbinen.”