NHL Stenden stelt Albert Walsweer oan as bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer

NHL Stenden beneamt mei yngong fan 1 jannewaris 2025 Albert Walsweer ta bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer. It lektoraat is ta stân kommen yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en is ynsteld om de doelstellings fan it belied Taalplan Frysk 2030 mei stal te jaan. It bysûnder lektoraat makket ûnderdiel út fan it lektoraat ‘Meertaligheid en Geletterdheid’ fan NHL Stenden.

Albert Walsweer hat in brede ûnderfining yn it ûnderwiis. Hy wurke as learaar, as ûnderwiisadviseur by ECNO en as ûndersiker en associate lector yn it lektoraat ‘Meertaligheid en Geletterdheid’. As lektor sil hy, yn ’e mande mei oaren en yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, op ’e praktyk rjochte ûndersyk dwaan en him rjochtsje op de fraach hoe’t skoallen de Fryske taal en kultuer op in tagonklike en ynspirearjende manier ferwurkje kinne yn har kurrukulum, sadat yn 2030 alle learlingen en studinten de kâns krije Frysk te learen en te brûken.

De ynstelling fan it lektoraat komt fuort út de ôfspraken dy’t fêstlein binne yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK 2024-2028), dêr’t it Ryk en de Provinsje Fryslân yn fêstlein hawwe hoe’t sy wurkje wolle oan de beskerming en fuortsterking fan de Fryske taal en kultuer. Ien fan de ambysjes is it fuortsterkjen fan de ûndersyksynfrastruktuer dêr’t mei de ynstelling fan dit lektoraat in folgjende konkrete stap yn set is. It ûndersyk sil yn de kommende jierren yn in trochgeande line útfierd wurde troch in praktoraat (mbû), in lektoraat (hbû) en in heechlearaarskip (wû).

Walsweer follet it ûndersyksprogramma fan it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid oan, dat laat wurdt troch Mirjam Günther-van der Meij, dy’t yn juny fan dit jier beneamd waard ta lektor. De ynauguraasjes fan dr. Walsweer en dr. Günther-van der Meij binne op 21 maart 2025 yn Ljouwert.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *