EBLT, Mercator en Slieker hawwe premjêre fiiftalige film op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjtatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen.

Yn de humoristyske krimy wurdt op it stek tusken Denemarken en Dútslân in lyk fûn, de holle yn it iene lân en de fuotten yn it oare. Fanwegen it deadlik grinsgefal moatte sawol in Dútske en in Deenske resjersjeur op paad om de saak op te lossen. Oft de stamgasten fan de lokale kroech harren dêrby helpe sille is mar de fraach.

Screenshot fan de film, mei it lyk op it stek foar wylde swinen. © Bund Deutscher Nordschleswiger

De film is tige bysûnder, want yn dy kroech klinkt der folle mear as allinne mar bierglêzen. Dêr wurde nammentlik op natuerlike en lykweardige wize de fiif talen praat fan de streek yn Sleeswyk. It giet om it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy meartalige situaasje is troch de jierren hinne ûntstien en elk is wend om de eigen taal te praten en de oare talen yn alle gefallen te ferstean.

De film is regissearre troch Noardfries Gary Funck. It is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken. Op 21 febrewaris wurdt de film noch meartaliger, mei’t de film yn it Frysk ûndertitele wurdt, mei tank oan Geertrui Visser.

It is alwer de achtste kear dat it EBLT en Mercator yn gearwurking mei Slieker Film films en dokumintêres oer en mei taalminderheden presintearje mei de Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dy’t him ynset foar de promoasje en beskerming minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT sitte mear as tweintich organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Trailer

De film is allinnich te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, moandei 21 febrewaris, yn Slieker Film, Ljouwert. Der binne twa foarstellings mei de feestlike premjêre om 14:30 oere en in twadde fertoaning om 20:00 oere.

Fanwege de beheinde kapasiteit yn de bioskoop is it ferstannich om yn’t foar kaartsjes te keapjen by Slieker Film.

Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne harren oanmelde fia de útnûging of by it sekretariaat.

Tentoanstelling Vierspanning yn paviljoen Obe

Ekspressyf, kleurryk en besiele mei in ûnbidige ferbylding – dat tekenet it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Oant en mei 27 febrewaris 2022 presintearjret Tresoar yn gearwurking mei Museum Belvédère Vierspanning: in eksposysje mei in greep út resint wurk fan de fjouwer Fryske skilders. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, it paviljoen foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar.

Fiering fan in jubileum

De tentoanstelling Vierspanning fiert it jubileum (25 + 1) fan de gearwurking fan de keunstners. De earste mienskiplike eksposysje fan de fjouwer skilders yn 1995 hie de iroanyske titel ‘Een kwart Christus in zicht’. Sûnt foarmen se by gelegenheden in keunstnersgroep, in soarte fan ‘vierspan’. Yn de ôfrûne desennia gienen alle skilders, eigensinnich en dwers, har eigen figurative wegen. Hoewol’t se har eigen kleuretaal ûntwikkele hawwe, is der ek in dúdlik ferbân te sjen: har kleurrike wurk wurdt dreaun troch in ûnbedimme ferbylding.
 

Unike dûbeleksposysje

Vierspanning is in unike, ynterdissiplinêre dûbeleksposysje. Letter yn 2022 toant ek Museum Belvédère wurk fan de keunstners. De eksposysjes toane foaral resint wurk fan it bysûndere fjouwerspan. Yn de tentoanstellingen binne de krêft en de spanning fan kleurgebrûk sichtber yn de keunstwerken dêr’t letterlike en figuerlike lânskippen, persoanlike ferhalen, humor, irony en dreambylden sintraal yn stean.

Katalogus

De tentoanstelling is ferrike mei in byhearrende katalogus dêr’t de keunstwurken yn te bewûnderjen binne. Fotografe Tryntsje Nauta makke foar dizze katalogus foto’s fan de wurken en fjouwer yntrigearjende portretten fan de skilders. Oer elke keunstner binne koarte artikels skreaun en by inkelde skilderijen binne frije literêre reaksjes te lêzen yn de foarm fan poëzy en proaza. Dy bydragen binne skrean troch jong talint en mear fêstige (lokale) skriuwers. It foarwurd is skreaun troch Bert Looper en de ynlieding troch Anna Tilroe.

Mear ynformaasje

Benijd wurden nei de ferbyldingskrêft fan it Fryske fjouwerspan? Dan bisto fan herte útnûge dy ûnder te dompeljen yn kleure-eksploazjes fan it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden fan Obe.

Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen. Sa bewarret it Literatuurmuseum brieven en manuskripten fan Theun de Vries en Tresoar boeken, foto’s en artikels. Ynformaasje oer syn publikaasjes is te finen by de Koninklijke Bibliotheek en it NIOD Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies bewarret in fersetsberjocht.

It online auteursportaal Theun de Vries moat in ein meitsje oan de oerlaap oan biografyske en bibliografyske ynformaasje en bringt de belangrykste boarnen by elkoar yn in oersichtlik gehiel. It portaal wurdt op sa’n wize makke dat it ek brûkt wurde kin foar ynformaasje oer oare auteurs. Ein 2022 komt it portaal online.

Nij oan dit portaal is dat gebrûk makke wurdt fan Linked Open Data (LOD). LOD is de standert wize om gegevens sa online op it web te publisearjen dat se (wer)brûkber binne. It kin dan gean om digitale of digitalisearre materialen lykas tekst, ôfbyldingen of audiofisueel materiaal, mar ek ynformaasje oer materialen: de metadata. De data wurdt op sa’n wize oanbean dat der folle makliker, en sels automatysk, ferbining lein wurde kin mei oare data. Dêrtroch wurdt de data riker en nuttiger foar de brûker. De ynformaasje giet net ferlern as in webside opheft wurdt.


In resintlik takende subsydzje fan Stichting Pica makket it mooglik it projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ út te fieren en dêrmei it auteursportaal te realisearjen. It projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ rint oant en mei maart 2023.

Fertel ris siket ferhalen yn Smellingerlân en Opsterlân

It projekt Fertel ris  fan de Afûk reizget mei de Karavaan van de vriendschap om ferhalen op te heljen. Sterke ferhalen oer eartiids, persoanlike ferhalen oer freonskip, ferhalen dy’t werkenber binne foar de âldere generaasjes. Dy ferhalen brûkt de Afûk om nij materiaal te meitsjen lykas boeken, foarlêsferhalen of praatkaarten foar aktiviteiten mei âlderein.

Op 7 jannewaris reizget de Karavaan troch Smellingerlân, op 4 febrewaris troch Opsterlân. De karavaan bringt freonskip, muzyk en poëzy en siket ferhalen. By wa kin de karavaan oanstekke op de tocht troch dizze gemeenten?

Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk

De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen, setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende ynstellingen fan ’e moarn harren hantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’.

Deputearre Sietske Poepjes is ynnommen mei de plannen: ‘It middelber beropsûnderwiis is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners yn Fryslân mei in (berops)diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil wenjen en wurkjen bliuwe yn de regio. Krekt dêrom is it wichtich om binnen harren beropsoplieding goed omtinken te hawwen foar de meartalige sitewaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal.’

F.l.n.r.: deputearre Sietske Poepjes (provinsje Fryslân), direkteur Lineke Kleefstra-Jansen (ROC Friese Poort), direkteur Zahra Mousazadeh (ROC Friesland College), direkteur Truda Kruijer (Aeres) en direkteur Alex de Jager (Afûk).

Frysk yn it bedriuwslibben

It belang fan it Frysk docht ek bliken út resint ûndersyk fan E&E advies (2020) nei de posysje fan it Frysk yn it bedriuwslibben. Wurkjouwers jouwe oan dat by 54% fan de bedriuwen meiwurkers faak oant hiel faak yn kontakt komme mei it Frysk yn relaasje ta de klanten. Sa’n 76% fan de bedriuwen jout ek oan dat sy it ferstean fan it Frysk troch harren wurknimmers wichtich fine. Dêrmei hat it Frysk yn it ekonomysk ferkear in wichtige posysje.

Studinten sille yn harren mbû-oplieding op ferskillende wizen yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wurkje de studinten oan taalbewustwêzen en taalhâlding oan ’e iene kant en oan taalfeardichheden Frysk oan ’e oare kant. De eigen beropspraktyk fan de yndividuele studint stiet dêrby sintraal.

Taalplan Frysk 2030

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Mei it Taalplan Frysk wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

Grammatika fan it Sealtersk

De Fryske Akademy, de Oldenburgische Landschaft en de Gemeinde Saterland hawwe de “Grammatik des Saterfriesischen” online útbrocht. De grammatika is skreaun troch Bouke Slofstra, Dr. Eric Hoekstra en Tessa Leppers. Dy is online te besjen.

Binnen de Fryske taalfamylje binne it Westerlauwersk Frysk (ús Frysk) en it Noard-Frysk goed beskreaun. It Frysk fan Sealterlân komt lykwols al jierren oan ‘e krapperein, benammen wat it grammatikaal ûndersyk oanbelanget.

De Fryske Akademy hat it no op him nommen en bou it grammatikale fûnemint fan Pyt Kramer fierder út ta in folweardige grammatika. It projekt wurdt betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur en de gemeente Sealterlân. Ynearsten is der subsydzje jûn foar 2021, mei yngong fan 1 oktober.

It leit yn ‘e bedoeling en meitsje de grammatika oan ‘e ein fan it projekt net inkeld beskikber yn it Dútsk, mar ek yn it Ingelsk. Idealiter wurdt de Ingelske ferzje taheakke oan it Taalportaal, dêr’t op dit stuit al grammatika’s yn oanwêzich binne fan it Nederlânsk, fan ús Frysk en fan it Afrikaansk. De hope is om njonken it grammatikale ûndersyk ek omtinken te jaan oan ‘e taalsosjologyske stân fan saken en in bydrage te leverjen oan ‘e fersprieding fan ‘e kennis fan dizze lytste taal fan Europa.

‘Fear yn ’e Broek’ foar Fedde Dijkstra

De Ried fan de Fryske Beweging hat besletten de saneamde Fear yn ´e Broek dit jier út te rikken oan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra út Wurdum. De Ried kent de Fear sûnt 1994 geregeldwei ta oan persoanen of ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De priis sil útrikt wurde op sneon 27 novimber yn it skoft fan de Fedde Schurerlêzing. Dy lêzing is fan 15.00 – 17.00 oere yn de Koperen Tún yn Ljouwert.

De Ried is fan betinken dat Fedde Dijkstra him as rjochtbanktolk Frysk al jierren tige fertsjinstlik makket om Friezen dy’t yn Fryslân foar de rjochter ferskine, yn de gelegenheid te stellen Frysk te praten. Dat er dat net allinnich as wurk beskôget, mar it ek as in ferantwurdlikheid sjocht om foar dat rjocht fan de Friezen te striden. Hy is der benammen yn 2021, eksakt 70 jier nei Kneppelfreed, mei aksjes yn slagge om it rjocht fan Friezen om har memmetaal te brûken foar de rjochter, yn it omtinken te bringen fan de lanlike media en de Haachske politisy.

Fedde Dijkstra. Foto: Arie Bruinsma

Mei it each op it boppesteande is de Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat de Fear yn ’e Broek dit jier Fedde Dijkstra takomt. De priis bestiet út in hânmjittich ynkleure, orizjinele linofyk fan byldzjend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.