Gean mei nei it grinslân Dútslân/Denemarken mei it peaskekongres

De Youth of European Nationalities (YEN) organisearret it Peaskekongres “time to think” yn Knivsberg, Denemarken fan 8-14/15 april. De YEN is de grutste organisaasje foar jongerein fan Europeeske minderheden. Wolsto (16-30 jier) meidwaan? Dat kin fia it Frysk Ynternasjonaal Kontakt

Yn 2020 wie it hûndert jier lyn dat de grins fan hjoed-de-dei fêstlein waard. Dat – en de goeie gearwurking fan it grinslân – soe grut fierd wurde. Lykwols kaam dat fansels oars, sa ek it peaskekongres, dat no,  twa jier, letter plakhat. Dit peaskekongres leit de fokus op identiteit, rjochten, jongerein fan minderheden en it ûntwikkeljen  fan feardichheden.

It organisaasjeteam bestiet út de Jugendverband für Nordschleswig (DJN) (Dútske minderheid yn Denemarken) Sydslesvigsk danske Ungdomsforeninger (SdU) (Deenske minderheid yn Dútslân). Sy sille dy ek meinimme op ekskurzje om mear fan it grinslân en harren minderheden te ûntdekken.

Yn de wike binne der twa workshops om út te kiezen:

  • Workshop 1 – ”Grenzland 2.0” sjocht nei de kânsen fan de grinsregio tusken Dútslân en Denemarken, dat yn 2020 harren 100ste jier mei de besteande grins (en gearwurking) fierde.  De workshop is yn it Dútsk
  • Workshop 2 – “Identity and Minority rights” sjocht nei identiteit en minderheidsrjochten. Yn de workshop komt de eigen identiteit oan bod en hoe’t de minderheid dêr ynfloed op hat. De workshop is yn it Ingelsk

Kosten foar dielname, akkomodaasje en iten binne €100,-. Dielnimmers kinne harren allinne opjaan fia it FYK. Opjefte oant en mei 19 maart. Foar mear ynformaasje oer it evenemint, workshops en YEN, of opjefte: nim foaral kontakt op mei it FYK

Bildts diktee op 31 maart 2022 in Froubuurt

t Bildts diktee is ’n begryp worren. Der binne wij wakker wiis met. Ok is d’r altiten ’n prot deelname en der binne wij nag wizer met. Jim begripe dat wij d’r weer och soa’n nocht an hewwe om ’t diktee te houwen, fooral omdat ’t fleden jaar niet deurgaan kon deur korona. Dut jaar de fijfde edisy. Dut sil op donderdeg 31 maart 2022 heve. En alle jaren gaan wij naar ’n ânder plak op ’t Bildt. Dut jaar wort ’t Bildts diktee in ’t MFC in Froubuurt houwen.

Dut jaar het Leendert Ferwerda ’t diktee skreven en dan komt ’t fansels helendal goed. Wij binne in elk gefal benijd wer’t ’t diktee over gaan sil en wat dut jaar de ‘instinkers’ binne.

En wij sêge ’t nag maar ’s ’n keer: ’t gaat niet om ’t winnen. Je hoeve echt niet bij de allergoeisten te sitten om met te doen. Bist mâl. Je kinne ommers jesels teste hoe’t ’t staat met dyn kinnis fan de Bildtse taal. En geniete fan ’t ferhaal dat ’t diktees dochs is. Just, bij de Elfstedentocht hewwe je ok te krijen met wedstriid- en toerrijers. En allenig de bêste drie worre trouwens in Froubuurt bekindmaakt…

Niks hoeft dij derom nag teugen te houwen om met te doen, dochs? Ooit de Bildtse kursus folgd? Dan is dut ommers ’n mooie gelegenhyd om weer ’s te têsten hoe’t ’t met dyn Bildts staat.

Wel graag allegaar ’n pin (meskien foor de wissighyd twee) metnimme trouwens. Pepier hoeve jim niet met te nimmen.

Wie wort de opfolg(st)er fan Hein Jaap Hilarides of wint hij op ’e nij…?

Mear Frysk en mear froulju op Wikipedia troch Europeesk projekt

De Fryske ûnderwiisorganisaasje en útjouwerij Afûk, Learning Hub Friesland en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe in Europeeske subsydzje krigen foar it trijejierrich projekt ‘WikiWomen’. Yn gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân sette de Fryske kennispartners harren de kommende trije jier yn om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

“Wat wy eins wol witte, mar wêr’t wy no op ‘e nij wer achter kamen, is dat artikels dy’t in relaasje hawwe ta froulju op Wikipedia ûndersnije,” sa seit Mirjam Vellinga, koördinator fan it projekt by de Afûk. “Der wurdt folle minder skreaun oer froulju, om’t de artikels dy’t skreaun wurde op Wikipedia dochs benammen troch manlju skreaun wurde en ek hiel faak oer manlju gean. Dat docht ek bliken út in ûndersyk fan de Erasmus Universiteit. Mar 18,5 prosint fan de biografyen op de Nederlânske Wiki giet oer froulju. Dêr wolle wy de learlingen en dosinten ek bewust fan meitsje.”

By it projekt sille de Fryske partners gearwurkje mei Wikipedia-organisaasjes en skoallen út Ierlân en Baskelân, dêr’t ek in minderheidstaal sprutsen wurdt. “Dus it giet eins om twa emansipaasjeslaggen: de emansipaasje fan de minderheidstaal en de emansipaasje fan de frou,” fettet Vellinga gear.

Foto: Afûk / Istock

Dat it projekt yn trije ferskillende lannen útfierd wurdt, biedt moaie kânsen foar Fryske learlingen en dosinten. Ut de trije regio’s wei komme learlingen en dosinten meielkoar yn kontakt troch ferskillende útwikselingen yn ’e rin fan it projekt. Mirjam Vellinga: “Foar learlingen wurde dat in soarte fan ‘Wikithons’, wêrby’t se mei-inoar wurkje oan harren artikels ûnder begelieding fan dosinten en de minsken fan Wikipedia.”

Yn maart komme de bûtenlânske partners nei Ljouwert foar in twadeiske byienkomst. De fokus leit dan benammen op it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek op de earste stappen dy’t it ynternasjonale konsortium de kommende moannen sette kinne soe.

Pjutte-opfang ‘t Plankje yn Balk behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

Pjutte-opfang ‘t Plankje yn Balk wurket al sûnt 2004 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn it ferline hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Elke trije jier wurdt op ‘e nij besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. By ‘t Plankje wie dat wer sa en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij foar trije jier fertsjinne.

‘t Plankje en twatalichheid

Pjutte-opfang ‘t Plankje is sûnt 2021 ûnderdiel fan de organisaasje SKIK Kinderopvang. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren berne- en pjutte-opfang yn De Fryske Marren. Op 17 pjuttelokaasjes en 4 bernedeiferbliuwen wurdt wurke mei in twatalich belied.

Tineke Vlietstra, Rozina van der Lagemaat, Marijke Nijholt, Corien Leenstra  en Elly Apperloo sette harren yn om it twatalich belied goed del te setten yn Balk. Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers konsekwint ien taal. Dat wol sizze dat der net tusken it Frysk en it Nederlânsk skeakele wurdt. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen.

fisitaasjekommisje

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by ‘t Plankje west te sjen. Der wurdt sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling. De kommisje skriuwt oer dat lêste ûnderwerp yn har rapport ûnder oaren: ‘Mei-inoar hat dit team in bult ûnderfining yn it begelieden fan (meartalige) jonge bern. Dit team hat hiel bewust en dúdlik in wurkwize dêr’t romte is foar ûnderlinge ûnderfinings út te wikseljen, inoar skerp te hâlden yn hoe’t se mei bern wurkje en wurkje wol, en boppedat hoe’t se de âlden dêr yn meinimme kin.’

Foto: SFBO

By it sertifisearringstrajekt krijt ‘t Plankje begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Moi Meertmoand!: n moand vol Grunnegs in Stad en pervinzie

Laifhebbers van de Grunneger toal en cultuur kinnen in maart heur haart ophoalen. Centrum Groninger Taal & Cultuur (CGTC) komt tiedens de Meertmoand Streektoalmoand mit n moand vol activiteiten rondom de Grunneger toal en cultuur: Moi Meertmoand!. Mit verschillende prizzentoatsies rondom t Grunnegs, Grunneger verhoalenvertellers, de Wiesneus veur basisschoulen, n online open podium, n kenniscafé over meertoaleghaid én n Grunneger Oavend.

Dialect Digitaal: oratie Martijn Wieling

Op vrijdagmiddag 4 maart trapt Martijn Wieling, biezunder hoogleroar Nedersaksische/Groningse toal en cultuur, af mit zien oratie in t Academiegebaauw van de Rijksuniversiteit Grunnen. In zijn lezen Dialect digitaal: nieuwe kansen voor streektaalgebruik en -onderzoek beproat Wieling digitoale technieken doarmit hai en zien team waitenschoppers de varioatsie en verandern in t Nedersaksisch onderzuiken. De oratie is live en online bie te wonen. Aanmelden kin tot 25 feberwoarie. Meer informoatsie

Wiesneus en verhoalenvertellers in de klas

Ook dit joar konden basisschoulen zich aanmelden veur t Grunneger kindertiedschrift Wiesneus. Roem 60 basisschoulen in Grunnen hebben t magazine aanvroagd. Van 7 t/m 11 maart presenteert CGTC meer Grunnegs in de klas mit Verhoalenvertellers in de klas. Collectief Kom op Verhoal, Frank den Hollander, Peter de Haan, de Giezelbaargbloazers, Bert Hadders, mulder Jan Kugel en vertelster Ina de Raad goan mit verhoalen op pad laans basisschoulen in Stad en ommelaand.

Grunneger Oavend

In t Forum in Stad vindt zotterdagoavond 19 maart de Grunneger Oavend ploats: n oavond in t Grunnegs, over t Grunnegs en over aal wat mit t Grunnegs van doun het. In n twij uren durend quizpergram mit schaarpe vroagen aan t publiek over de Grunneger taal en cultuur, mit live muziek, poëzie, theater en nog veul meer. Mit host Marieke Klooster (o.a. Vrouw Holland) en studiogasten Alex Vissering, Esmé van den Boom, Herman Sandman, Myron Hamming en theatergroep WAARK. Meer informoatsie en tickets.

Marieke Klooster. foto: Robin Plomp

Live streaming: Platform F.

Kenniscafé Op dunderdag 24 meert organiseert Studium Generale mit CGTC t Kenniscafé Meer dan één taal. In t Forum gaait Alex van den Berg aan de proat mit Grunneger experts over meertoaleghaid. Hoogleroar Engelse Toalkunde Merel Keijzer dut onderzuik noar t effect van meertoaleghaid op de hazzens. Kunstenoar Ahilan Ratnamohan onderzuikt in zien project Pidgin X de sozioal-culturele en emotionele aigenschoppen van n taal. Streektoalconsulent Olaf Vos dut ter alles aan om t Grunnegs in leven te loaten deur streektoalonderwies en Grunneger zangeres Josien Bakker treedt op. Meer informoatsie en tickets

Open Podium

In de Meertmoand Streektoalmoand gebeurt ter nog meer rondom t Grunnegs, onder meer n online broescursus Grunnegs geven deur Piet Reitsema, de Stoatenvergoadn in t Grunnegs en elke dinsdag in maart is der Loat die zain, loat die heuren!: t online open podium van CGTC. Bist muzikant of schriever en is dien Grunnegs laid, verhoal of gedicht kloar veur t grode pebliek? Stuur n filmpke van dien optreden noar info@cgtc.nl en wel wait komt dien inzenden veurbie op onze socials. Veur meer informoatsie over de Meertmoand activiteiten van CGTC kiek op www.cgtc.nl.

Populêre taalspultsjes Wordle en Wurdian no ek yn it Frysk

Sûnt hjoed, moandei 21 febrewaris 2022 én Ynternasjonale dei fan de Memmetaal, binne de populêre wurdspultsjes Wordle en Wurdian ek offisjeel yn it Frysk te spyljen. Yn gearwurking mei Afûk, Buro KLEI en de Fryske Akademy, ûntwikkelen Jelle Besseling en Ronald van den Berg fan beide taalspultsjes in offisjele Fryske fariant.

Wordle yn it Frysk: Wurdl
It online wurdspul Wordle is yn koarte tiid hiel populêr wurden. No is der neist in Ingelske en in Nederlânsktalige ferzy dus ek in offisjele Fryske ferzy, mei de namme Wurdl. De ynstek bliuwt simpel: ried in fiif- of seis letterwurd yn seis beurten of minder.

Spesjaal foar de Fryske ferzy binne bysûndere lettertekens as ê, â en ú, dy’t yn de Fryske taal brûkt wurde, as ekstra letters tafoege. De offisjele Fryske ferzy fan it populêre wurdspultsje is fan hjoed ôf te spyljen op: www.wurdl.nl.

Wurdl is makke yn gearwurking mei studint Jelle Besseling en mei mooglik makke troch de Afûk, Buro KLEI en de Fryske Akademy.

Wurdian: in Fryske Wordfeud
De app Wurdian bestie al langer yn it Frysk, mar hat yn gearwurking mei de Afûk en de Fryske Akademy no ek in Fryske omjouwing. Dêrneist is de definysjefunksje yn Wurdian in handich taallearmiddel wêrmei’t ek net-Frysktaligen al dwaande Frysk leare kinne.

Wurdian is ûntwikkele troch Ronald van den Berg, in Fries yn Stockholm. De app is beskikber yn trije talen en biedt mear funksjes as it eardere Wordfeud. Wurdian is as app te downloaden foar Apple- en Android-apparaten fia de gebrûklike app-stores

Wurdian. Foto: Afûk

Win twa kaartsjes foar de film op Memmetaaldei!

De earste twa minsken dy’t harren oanmelden hawwe elk twa kaartsjes wûn! Fan herte lokwinske.

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op op 21 febrewaris organisearje it EBLT en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Sliker Film de premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen. De film draait moandei twa kear; om 14:30 oere en om 20:00 oere.

Mochten jo net ien fan de winners wêze, by Slieker Film kinne jo in kaartsje keapje.

© Bund Deutscher Nordschleswiger

De kaarten kinne net ynwiksele wurde foar jild of oare produkten. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Tentoanstelling ‘Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting’

Rasskilder Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) hâldt fan it libben en ferwûnderet him alle dagen oer de skjintme fan de dingen. Hy toant hertstochtlik en útsprutsen de skjintme fan in lânskip en syn fassinaasje foar de minske. De kleuren fan Kor Onclin binne dy fan in pasjonearre en yntins libjende minske, mar yn syn palet sitte ek tinten dy’t in oare kant fan him sjen litte. Fan 6 maart o/m 3 maaie 2022 presintearret Tresoar it fassinearjende wurk fan Onclin yn de tentoanstelling Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, poadium foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar. 

Besibbens, Ferwûndering & Ungerêstens, Portret en Spul

Mei in seleksje skilderijen en objekten wurdt oan de hân fan fjouwer tema’s Onclin syn wurk presintearre.
Besibbens, dêr’t keunst, muzyk en poëzy by elkoar komme. Fryske dichters binne útnûge om in gedicht te skriuwen ynspirearre op in keunstwurk út de tentoanstelling. In oantal gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.
Ferwûndering & Ungerêstens, oer ferwûndering oer alles wat de wrâld, de minske en de natuer te bieden hat en tagelyk de ûngerêstens oer destruktive krêften yn de wrâld en wat minsken elkoar oandogge. 
Portret oer it ‘wêzen’ fan de minske, dêr’t Onclin laach foar laach nei siket. De kreëarre personaazjes fan Onclin toane it gemoed: ferwûndering, earnst, humor, myldens en moederaasje. 
Spul, karakteristyk troch de mear geometrysk abstrakte foarmen, it ûnbefongene, spontane en oarspronklike. 

It ûntwerp fan de tentoanstelling is ta stân kaam yn gearwurking mei ûntwerpburo LOKAALWERK. De gearstalling fan tekst en byld is dien yn gearwurking mei Marleen Onclin.

Lêzing Spel met verf troch Marleen Onclin

Wat is it ferhaal fan Kor Onclin? Hoe seach syn libben derút? Hoe stie er yn it libben en wat fertelt er mei syn keunst? Marleen Onclin jout dy antwurden yn har lêzing Spel met Verf op 24 maart yn Obe.

Literêre jûn mei dichterskollektyf RIXT

Op 1 april is der in literêre jûn yn Obe. Acht dichters fan Frysk Dichterskollektyf RIXT drage har gedichten foar dy’t se skreaun hawwe by it wurk fan Kor Onclin. Nei de optredens fan de dichters is it poadium frij foar wa’t it moai fynt om in gedicht foar te dragen. Ek sil der muzyk te hearren wêze.

It folsleine programma komt op de webside fan Tresoar.

Game fan Mercator/ Fryske Akademy wint Belgyske designpriis

De meartalige augmented reality game ‘BabelAR’, ûntwurpen troch in kollektyf fan kennisynstituten út Fryslân, België, Baskenlân en Ierlân, hat de earste priis wûn yn de kategory Digital Product fan de prestizjeuze Belgyske designpriis Henry van de Velde Awards. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, wie de koördinator fan VirtuLapp, it projektkollektyf dat de game ‘BabelAR’ betocht en ûntwikkele hat. NHL Stenden Hegeskoalle wie teffens nau belutsen by it projekt as associate partner.

Henry van de Velde Awards

De Henry van de Velde Awards binne de meast prestizjeuze designprizen yn België. De Awards, ferneamd nei de belangrike ûntwerper, foarmjouwer en arsjitekt Henry van de Velde, toane en lauwerje sawol nasjonaal as ynternasjonaal Flaamske ûntwerpers, bedriuwen, produkten, projekten, tsjinsten en systemen dy ‘t in positive ympakt hawwe op de maatskippij, it miljeu en de ekonomy.

De útrikking wie tiisdei 8 febrewaris yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel. De Flaamske game-ûntwikkeler fan it VirtuLApp-projekt hat de priis yn ûntfangst nommen. De organisaasje wie yn hannen fan Flanders District of Creativity (Flanders DC) en it Vlaams Agentschap Innoveren & Ondernemen (VLAIO).

De priis is in trofee en de bysûndere mooglikheid om it winners-logo fan de Henry van de Velde Awards te brûken yn alle kommunikaasje-uteringen. Oant 10 april 2022 is BabelAR ek noch te sjen op in spesjale design-eksposysje yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel.

BabelAR

De game ‘BabelAR’ is makke foar bern tusken de 7 en 12 jier âld. Yn dizze augmented reality (AR) game wurkje learlingen mei-inoar gear. It doel fan BabelAR is om learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen te litten en om harren taalkennis te aktivearjen. De game is makke yn 14 talen, wêrûnder it Frysk en it Nederlânsk, en fergees del te laden op iOS en Android.

It spultsje is ûntwikkele binnen VirtuLApp, in trijejierrich projekt yn it troch de Europeeske Uny betelle Erasmus+ programma. De projektkoördinaasje wie yn hannen fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens. De projektpartners binne, neist Mercator, ATiT (Audiovisual Technologies, Informatics and Telecommunications) út België, Luca School of Arts út België, Trinity College Dublin út Ierlân en de Universiteit fan it Baskenlân/ Euskal Herriko Unibertsitatea út Spanje. Prof. Joana Duarte, lektor Meartaligens en Skriftlike Taalfeardigens op de NHL Stenden Hegeskoalle wie nau belutsen by it projekt en de game.

Oer it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen  

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje. As ûndersyksynstitút makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy’t de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartalichheid. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en nijsgjirrige ûntjouwings út minderheidstaleregio’s tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân.  

Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.