Projektorganisaasje ferfangt fakgroepen Akademy

De Fryske Akademy ferfangt syn âlde fakgroepstruktuer troch in projektorganisaasje. Yn stee fan de trije fakgroepen Taalkunde, Skiednis en Sosjale Wittenskippen komme der acht projektlieders dy’t it ûndersyk fan ’e Fryske Akademy ynhâldlik begeliede. Dat makke direkteur-bestjoerder Hanno Brand ôfrune freed bekend op Akademy-dei, de jiergearkomste foar leden en stipers fan de Fryske Akademy.

“Dy yngreep is in reaksje op de besunigingen fan de ôfrûne jierren, dy’t derfoar soargen dat yn 2013 de fêste wittenskiplike stêf omtrint troch de helte gien wie. Soks gie te’n koste fan dissiplinen lykas letterkunde, bestjoerskunde en sosjale duorsumens.” De Akademy is dizze moanne út ein set mei de oergong nei in projektorganisaasje. De acht projektlieders wurde út eigen gelederen rekrutearre. Brand: “Yn de nije struktuer binne ferantwurdlikheden foar it ûndersyk mear oer minsken ferdield mei it doel om de slachkrêft fan de Akademy te fergrutsjen. Om dy reden is de fokus fan de Fryske Akademy ek fersmelle. It ûndersyk rjochtet him no de kommende jierren op taal, leksikografy, meartaligens, skiednis en regionale identiteit.”

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre.