Provinsjale Steaten wizigje Fryske stavering

LJOUWERT – Sûnder grutskalich omtinken fan de media hawwe Provinsjale Steaten woansdei de offisjele staveringsregels foar it Frysk wizige. Alle oanwêzige Steateleden stimden foar de wiziging.

Oe / û

De opfallendste fernijing is te sjen by de skriuwwize fan de û/oe. Koarte en lange û-lûden wurde tenei skreaun as ‘oe’ as dat ek bart yn de Nederlânske oersetting fan in wurd en yn de doetiid fan tiidwurden. Yn oare gefallen wurde se as ‘û’ skreaun. Dat betsjut dat in stikmannich wurden tenei oars skreaun wurde moatte. Foarbylden fan de nije skriuwwize binne:

spûk (earder ‘spoek’)
foeterje (earder ‘fûterje’)
útnûgje (earder ‘útnoegje’)
toefe (earder ‘tûfe’)

Telefyzje

Yn in stikmannich wurden feroaret in ‘v’ of ‘z’ yn in ‘s’ of ‘f’, bygelyks yn:

telefyzje (earder ‘televyzje’)
ynfalide (earder ‘ynvalide’)
refyzje (earder ‘revyzje’)

20e iuw

De skriuwwize ‘ieu’ wurdt ferfongen troch ‘iuw’, bygelyks yn:

Siuwsk (earder ‘Sieusk’)
20e iuw (earder ’20e ieu’)

Fryske Akademy

De wizigings binne trochfierd op advys fan de Fryske Akademy. Dy is op fersyk fan de provinsje dwaande mei in staveringslist, it saneamde ‘Fryske Griene Boekje’. Dêryn komme hast alle Fryske wurden yn de korrekte skriuwwize te stean. De makkers kamen der lykwols efter dat guon saken oars yn de wurdboeken en learboeken steane as dat se neffens de offisjele regels moatte soene. Se hawwe dêrom in útstel dien foar ienfâldigere regels.

Mooglik mear wizigings yn 2014

De Fryske Akademy hat de Steaten derfoar warskôge dat der by it meitsjen fan de staveringslist mear ûndúdlikheden boppe wetter komme kinne. De Steaten hawwe dêrom woansdei ja sein tsjin de útstellen fan de Akademy, mar se hawwe de mooglikheid iepen holden om nei de oplevering fan de list noch oars wizigings yn de offisjele stavering troch te fieren. De list wurdt ein 2013, begjin 2014 ferwachte. De wizigings dy’t woansdei goedkard binne en de wizigings dy’t noch komme wurde neffens de hjoeddeiske plenning allegear tagelyk rjochtsjildich. Dat sil begjin 2014 wêze. Amtners en ûnderwizers binne fan dan ôf ferplichte om de nije regels te brûken.

Klik hjir om it beslút fan Provinsjale Steaten te lêzen.
Klik hjir om it advys fan de Fryske Akademy te lêzen.

Boarne: It Nijs

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *