Nije tentoanstelling Obe: Koos van der Sloot – kloktijd voorbij

Yn paviljoen Obe is fan 4 septimber oant en mei 31 oktober 2021 de oersjochtentoanstelling ‘Koos van der Sloot  – kloktijd voorbij’ te sjen.

Koos van der Sloot (1953-2018) wurke as stêdeboukundige foardat er himsels op ’e nij útfûn as keunstner. Yn de koarte perioade fan syn publike keunstnerskip, fan 2007 oant syn dea, makke er in boeiende ûntwikkeling troch. Hy socht nei de grinzen fan de abstraksje en lei dy grinzen hieltyd fierder om himsels yn beweging en ûntwikkeling te hâlden.

Yn syn eigensinnich universum liket in striid geande mei de tiid. Yn syn iere wurk is it de tiid dy’t fia de fassinaasje fan de keunstner foar aaien it wurd ta ús rjochtet. Dy EGGSCAPES drage symboalyske nammen dêr’t tiid fan libjen, de seizoenen en it fergliden fan de tiid yn oantsjut wurde.

Koos van der Sloot fûn prachtige manieren om syn jeugd, syn gefoelens en foaral syn ferbûn wêzen mei it Fryske lân te ferbyldzjen. It aai wie foar him de metafoar fan tal fan oantinkens oan en betsjuttingen fan syn jeugd en nei it lânskip fan syn berteplak De Jouwer. It aaisykjen wie foar him ferbûn mei de rook, de kleuren en lûden fan de betide maitiid. De titels fan guon kollaazjes fan aaien, hout en elektrisiteitstried ferwize direkt nei dy jeugdoantinkens of lykje bedoeld om de oantinkens  wer oproppe te kinnen.

Geandewei waard syn wurk waard abstrakter en oardering fierde de boppetoan.
De assemblaazjes mei aaien makken plak foar boukundige konstruksjes. Dy wurken fange op ienfâldige, mar tagelyk yngenieuze wize it ferglidende deiljocht, mei aaifoarmige skaadgatten as resultaat. De tiid is yn it wurk sels slûpt en liket dêryn oplost.


Yn gearwurking mei de Stichting Koos van der Sloot en Tresoar toant kurator Albert Oost yn de tentoanstelling de wûnderlike gearhing fan it wurk fan Koos van der Sloot, dat syn plak fertsjinnet yn de kanon fan de keunst.

By de tentoanstelling ferskynt it boek Koos van der Sloot (útjouwerij Noordboek). Ferskillende  auteurs (Albert Oost, Annet Huisman, Bert Looper, Herman Nijholt, Fred Wagemans, Nynke-Rixt Jukema en Anne Feddema) tsjutte syn wurk út keunsthistoarysk of persoanlik perspektyf wei. De toan is ôfwikseljend essayistysk, ferhalend of poëtysk. Ek de stim fan de keunstner sels klinkt yn in oantal fan syn fersen.

Mear ynformaasje oer de boekpresintaasje en oare aktiviteiten by de tentoanstelling folgje meikoarten. Hâld de webside fan Tresoar yn de gaten.

Obe – it poadium foar literatuer, keunst en taal
Heer Ivostraatje 1, Ljouwert
Tongersdei o/m snein 11.00 – 17.00 oere
Reservearje is net nedich

Nei boek Tonko Ufkes: De weg dreumen

Oetgeverij Het Drentse Boek van het Huus van de Taol hef op 29 april de verhalenbundel De weg dreumen van de Grunneger schriever Tonko Ufkes prissenteerd. In 2015 kwam ok al een boek van Ufkes oet bij de Drentse oetgeverij.

Achter de Coendersborg in Nuis hej een mooi beschut terras. Hier mus het gebeuren met een klein groepie, allen femilie en vrienden. De boekprissentasie gung aans. Het regende helderop en dus stun Tonko dreug in de muziekkoepel en de gasten met paraplu’s in de tuun van de Coendersborg. Het wur een bezundre boekpresentasie. Tonko Ufkes gaf de eerste exemplaren van De weg dreumen an Marleen Diepeveen, Melle Hijlkema en Baukje Bloemert.

Grunneger Tonko Ufkes is verhalenverteller. Dat döt hij al heel lang en altied in de taal van de streek waor hij geboren is, het Westerkwartiers. In zien neie verhalenbundel De weg dreumen lat Ufkes zien dat hij as schriever niet stil is blieven staon. Tonko Ufkes schref veurnamelijk verhalen. Tot veur kort waren die verhalen kört en keus de schriever onderwarpen die zich daorveur leenden; vaak met een wat weemoedige inslag en een onderliggend verlangen naor (fysiek) contact. Maor in zien neie bundel hef Tonko Ufkes deels minder bekende paden keuzen. Der bint langere verhalen in te vinden, en ok de onderwarpen bint gevarieerder. Zien liefde veur de zee en veugels is hij niet kwiet, en een zekere fascinatie veur vrouwen evenmin. Mar daornaost lat hij zien dat hij ok weg wet mit een speulse maniere van een echt toneelstuk, of een quasi vraog en antwoordverhaal.
Met De weg dreumen hef Tonko Ufkes zien vaste plek in de noordelijke schrieverswereld bewezen.


De weg dreumen is te koop in de boekhandel en op de webshop van het Huus van de Taol veur € 12,50. De vörmgeving van het boek is daon deur Wouter van Tilborg.

The story of Frisian in multilingual Friesland

Reitze J.Jonkman & Arjen P. Versloot

Nei de súksesfolle útjeften fan dizze oersichtlike taalskiednis fan Fryslân yn it Frysk en yn it Nederlânsk, Fryslân lân fan talen, in skiednis is no ek in Ingelske oersetting ferskynd.

The story of Frisian in multilingual Friesland is in tige lêsber en ryk yllustrearre útjefte oer de skiednis fan it Frysk: wêr’t it weikomt, hoe âld at it is en dat it yn de rin fan de iuwen aardich wat feroare is en noch hieltyd feroaret. Hoe’t it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat syn posysje yn de lêste iuw wurden is.

Continue reading “The story of Frisian in multilingual Friesland”

Neie uutgave Het Drentse Boek n tuut op beide schelpen

De presentatie van de nieuwe verhalenbundel van Tonko Ufkes, uitgegeven door Stichting Het Drentse Boek uit Beilen, gebeurde in het Huis van de Groninger Cultuur. De reden daarvoor is dat het Westerkwartiers, de taal waarin Ufkes schrijft, veel raakvlakken kent met zowel het Drents als het Gronings, en zelfs ook met het Stellingwerfs en Fries. Het is een typische grensregio. Dat betekent dat veel lezers die een van de streektalen machtig zijn, herkenning vinden in de taal van schrijver Ufkes. Het eerste exemplaar werd overhandigd aan collegaschrijver Melle Hijlkema. Het Westerkwartiers mag dan een klein taalgebied zijn, actief is men er wel.

Ufkes gaf al eerder vijf poëziebundels uit en een verhalenbundel. Zijn verhalen hebben een eigen kleur, zijn duidelijk herkenbaar van zijn hand. Ook de thema’s en verwerking daarvan zijn karakteristiek voor het proza van Tonko Ufkes. In n tuut op beide schelpen vertellen zijn verhalen over sterke mensen die in kwetsbare situaties terecht zijn gekomen. Liefde en lichamelijkheid, natuur en de stad, zijn passie voor het Wad en vogels, alles komt samen in deze nieuwe bundel. Verhalen die verrassen, amuseren en tot nadenken stemmen. Verhalen die door het Westerkwartiers een extra dimensie krijgen. Continue reading “Neie uutgave Het Drentse Boek n tuut op beide schelpen”

Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Foto: Fryske Akademy, Hindrik Sijens
De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Oan it begjin fan de tweintichste ieu wie it idee om Frysk te brûken yn it godstsjinstich en ek it tsjerklik libben sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. Ds. Sipke Huismans fan Eanjum hat mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 de stjit jûn ta feroaring: prinsipieel wie der neffens him gjin beswier om yn it Frysk te bidden en te preekjen. Krekt oarsom: de eigen taal rekket it hert folle mear as de Hollânske ‘tale Kanaäns’. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west, benammen by grifformearden. Earst nei de Twadde Wrâldoarloch krige it Frysk in erkend plak(je) yn ‘e tsjerke. Yn De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu giet de skriuwer, Jan Popkema, de skiednis nei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012), it Roomsk Frysk Boun (1917-1997), it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske Mienskip op frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar foaral harren doelstellings en resultaten en hoe’t de tsjerken dêrop reagearre hawwe. Continue reading “Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu”