Rekôrtal skoallen docht mei oan it Frysk diktee!

Op tiisdei 4 april wurdt wer it jierlikse Lyts Frysk Diktee holden foar bern út de heechste groepen fan it basisûnderwiis. Sa’n 750 bern fan 38 skoallen hawwe meidien oan de foarseleksje. Dêr dogge diskear 50 bern fan mei oan ‘e finale. Wiene der ferline jier noch 16 skoallen dy’t bern opjoegen, dit jier is dat mear as ferdûbele. It diktee wurdt lykas wenst wer ôfnommen yn de Steateseal fan provinsje Fryslân.  

De tekst foar it diktee is fan ‘t jier skreaun troch Tialda Hoogeveen, de berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Tialda is as skriuwer bekend fan boeken as Abe en de Aardichman, Maia en har freonen en Wurden fan Timo.  

Tialda Hoogeveen. Foto: Natalia Balanina.

Organisaasje 
It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin, Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy.  

Fan ‘t jier wurdt it Grut Frysk Diktee ek wer holden. Dat is op tiisdei 23 maaie, de kwalifikaasje foar dat diktee set meikoarten útein. 

Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan HAVOtop (Burgum) en vwo5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju.

Skeve ferhâlding manlju-froulju

In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol alle talen op sa’n 80-20% sit. “Wikipedia is de grutste ensyklopedy fan de wrâld en wy wolle dat it de realiteit wjerspegelet. It kin net sa wêze dat fan elkenien dy’t in biografy op Wikipedia fertsjinnet, 80 % man is. Dat leau ik net,” seit Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk. By de ôftraap hat sy mei har kollega’s Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin sa’n 60 boppeboulearlingen fan beide skoallen entûsjast makke om oan it nije projekt te wurkjen. Ek wie der in Mystery Guest oanwêzich: biologysk boerinne en powerfrou Welmoed Deinum fan Sondel, dy’t sels (noch) gjin Wikipagina hat.

Foto: Afûk

Searje 36

 It projekt kriget in plak op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk, mar de biografyen komme op Wikipedy sels, want, sa seit Welmoed Sjoerdstra: “De measte minsken tinke dat Wikipedia net betrouber is, mar krekt omdat elkenien deroan tafoegje én yn korrizjearje kin, soest it sjen kinne as in (op syn eigen wize) tige betroubere ynformaasjeboarne.” In ‘jildich’ artikel hat dêrby op syn minst trije boarnen neamd, dêr’t út bliken docht dat it ûnderwerp (of de persoan) wichtich is. Dêrom is it dwaan fan boarne-ûndersyk part fan it projekt en sille de learlingen ek in besite bringe oan in GLAM (galery, bibleteek, argyf of museum).

Utwikseling

Op HAVOtop en it Drachtster Lyseum kinne se no los. Yn maart sil in delegaasje learlingen út Drachten wei nei Ierlân ta om dêr mei leeftydsgenoaten út Ierlân en Baskelân de nij skreaune biografyen út te wikseljen. Sa draacht harren wurk ek by oan de Iersk- en Baskysktalige Wikipedia’s, en oarsom! Takom jier sil der in twadde gearkomste wêze, yn Spanje, dêr’t learlingen fan Burgum hinne sille. It projekt makket de learling ta auteur en jout dy de kâns mei te wurkjen oan it tichtsjen fan de saneamde Gender Gap. Dêrmei is it in moai foarbyld fan betsjuttingsfol skriuwûnderwiis.

Wikiwomen

WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en Fryslân om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De trije Fryske kennispartners binne de Afûk, de Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennnissintrum en Learning Hub Friesland. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

Lês-mar-foar-wiken feestlik ôfsluten

Yn de moanne septimber wiene de Lês-mar-foar-wiken en waard der troch de hiele provinsje foarlêzen oan pjutten op sa’n 400 pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. De feestlike ôftraap wie op 3 septimber mei it grutte Tomke Foarlêsfeest by paviljoen MeM yn Bûtenpost. Freed 30 septimber wiene de lêste foarlêsaktiviteiten en waard de foarlêsmoanne yn styl ôfsletten mei de foarstelling ‘Tomke syn pyamadei’ fan Geartsje Douma yn de biblioteek fan Grou.

Yn totaal binne der tidens de Lês-mar-foar-wiken mear as 25.000 Tomke-boekjes útdield oan Fryske pjutten. Yn de Stellingwerven binne dêrneist noch 1000 Stellingwerfske boekjes útdield. Tagelyk wiene der de hiele moanne septimber nije Tomke-útstjoeringen op Omrop Fryslân te besjen en wiene der flochs fan Tjitsfloch oer de ferskes en ferhaaltsjes út it Tomke-boekje. By de Fryske biblioteken koene bern nei foarstellings fan Tomke-skriuwster Geartsje Douma, sjongeres Janneke Brakels en De Vertellende Piano.

Foto: Hippe kiek fotografie by Sjoeke

‘Wy sjogge werom op in prachtige en suksesfolle earste edysje fan de Lês-mar-foar-wiken’, seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Earder waarden de foarlêsaktiviteiten en in nij, fergees Tomke-boekje foar alle Fryske pjutten byelkoar brocht yn de Fryske Foarlêswike, mar om’t de organisaasje feroare is, wie it ek de tiid foar in nije namme en opset.’ Yn 2023 binne der yn septimber wer de Lês-mar-foar-wiken mei fansels in nij Tomke-boekje en in hiel soad leuke foarlêsaktiviteiten foar pjutten.

De Lês-mar-foar-wiken binne in inisjatyf fan de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS. Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne Opfang (SFBO) soargje foar promoasje en fersterking.

Nij projekt ‘Dêrom Frysk – Klassem!nt’ mei fergees lespakketten foar fuortset ûnderwiis

Afûk, Cedin en SJB Media komme mei it nije projekt ‘Klassem!nt’ foar skoallen yn it fuortset ûnderwiis. It betsjut in ferfolch én in ferdjippingsslach op de eardere en tige suksesfolle kampanje #dêromfrysk, dy’t yn febrewaris 2021 útein setten is. Klassem!nt hat as doel learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke te litten oer wat taal foar harren betsjut en harren entûsjast te meitsjen om foar it Frysk as (eksamen)fak te kiezen. In rige portretten lit harren sjen hoe leuk en wichtich it Frysk is en hokker kânsen en mooglikheden it biede kin.

Dêrom Frysk – Klassem!nt

Dêrom Frysk is in bewustwurdingskampanje foar jongerein yn Fryslân dy’t antwurd jout op de fraach “Wêrom Frysk?”. Klassem!nt wurket oan dat belangrike part dat oan it fak Frysk learen foarôf giet: it lit learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke oer wat taal foar harren betsjut. Doel is om de kommende jierren ta te wurkjen nei in gruttere groep eksamenkandidaten yn it fak Frysk.

Lisa Boersma, projektkoördinator ûnderwiis by de Afûk: “Prosintueel sjoen is de groep learlingen dy’t eksamen docht yn it Frysk net grut. Mei Dêrom Frysk wolle wy de learlingen bewust meitsje fan de foardielen fan it Frysk – en meartalichheid yn bredere sin – en geane dêrby djipper yn op emoasje en motivaasje.”

By Klassem!nt stiet in rige fan seis fideoportretten fan ‘gewoane’ Friezen sintraal. Ferhalen oer it Frysk dy’t ferwûnderje, werkenning oproppe en oansette ta in moai klassepetear tusken learlingen en dosinten. De learlingen ‘ranke’ de fideo’s op basis fan wat sy hearre en tinke nei oer de wearde fan in taal en it nut fan it Frysk. Sipke Jan Bousema, produsint fan SJB Media: “De doelgroep wurdt direkt en mjitber berikt fia de ynteraktive website, dêrtroch binne de oerwagingen fan learlingen ynsichtlik. Dat is handich, omdat wy mei dy ynformaasje de doelgroep op in letter momint fia de dosint noch better oansprekke kinne en sa komme ta in optimale aktivaasje.”.

Fergees lespakketten foar alle skoallen

Op 7 april binne nei alle fuortset ûnderwiisskoallen yn hiel Fryslân lespakketten tastjoerd wêrmei’t it ynteraktive projekt Klassem!nt op skoalle útfierd wurde kin. Dat kin binnen in les Frysk of bygelyks by it fak Maatskippijlear. Alles dat nedich is om dizze lessen te jaan, sit yn it lespakket dat sy fergees tasjoerd krije: fan lesbrieven en posters, oant in hantlieding mei stap-foar-stap útlis foar de dosint. Anna Marije Bloem, ûnderwiisadviseur by Cedin: “Foar de einopdracht krije alle learlingen in fotomapke wêrmei’t sy harren persoanlike portret meitsje kinne oer harren eigen taal. Dat leveret moaie persoanlike petearen op en begryp foar elkoars motivaasjes.”

Gearwurking Dêrom Frysk

Dêrom Frysk is in gearwurking tusken Afûk, Cedin en SJB Media en ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Ien fan de doelstellingen is dat it yn 2030 op alle fuortset ûnderwiisskoallen mooglik is om Frysk as eksamenfak te kiezen; dat is no mooglik op 13% fan alle skoallen. Mei Taalplan Frysk wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

It Grut Frysk Diktee werom mei in nije edysje

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Dat is foar it earst sûnt It Grut Frysk Diktee yn 2018 op it Aldehoustertsjerkhôf wie, mei in rekôrtal dielnimmers. Op tiisdei 17 maaie wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fan âlds hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Kwalifisearje foar it diktee kin fan hjoed ôf fia it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl.

Politikus Habtamu de Hoop skriuwt dit jier de dikteetekst, dy’t as tema ‘sport’ hat. ‘’Ik fyn it in geweldige ear dat ik it diktee skriuwe mei. Ik fyn it hiel belangryk foar it befoarderjen fan it Frysk en it is moai dat ik sa dêr in bydrage oan leverje kin’’, seit de politikus.

Omrop Fryslân soarget ek diskear wer foar de registraasje en de útstjoering fan it diktee. Dy is op woansdei 18 maaie.

Kwalifikaasjediktee
Minsken dy’t op 17 maaie mei dwaan wolle oan It Grut Frysk Diktee, moatte har dêrfoar kwalifisearje. Fan 28 maart oant 24 april kinne minsken online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee. Dat kin op www.fryskdiktee.nl De bêste 15 dielnimmers meie meidwaan oan It Grut Frysk Diktee.

Organisaasje

It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan it Cedin, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

Tomke bestiet 25 jier

Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is juster op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en materialen út it kofferke kinne de liedsters mei de bern in feestje fiere én oan de slach mei it tema ‘tiid’.


Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje belibbet mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren dêr’t alle pjutten gek op binne. Underwilens binne der al heiten en memmen dy’t eartiids sels de Tomke-ferhaaltsjes foarlêzen krigen en no de boekjes oan harren eigen bern foarlêze. It bekende giele boekje dêr’t it 25 jier lyn allegear mei begûn, wurdt noch alle jierren makke en tradisjoneel útdield yn de jierlikse Fryske Foarlêswike oan sa’n 12.500 Fryske pjutten.


Yn de rin fan de jierren is it Tomke-projekt hieltyd fierder útwreide. ‘Dat giet fan rigeboekjes en filmkes op telefyzje oant hânpoppen en fan metoades foar it foarskoalsk ûnderwiis oant bôletrompkes en apps’, laket Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk fan de Afûk: ‘Tomke is hiel divers en leechdrompelich en biedt in breed en oantreklik oanbod foar sawol heiten en memmen en pakes en beppes as foar profesjonele opfieders om mei pjutten talich dwaande te wêzen.’

Tomke-feestkofferke op pjutteplak it Healtsje. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf


Feestlike aktiviteiten en produkten
Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele: it Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’, it Tomke-feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang, in feestlike Tomke-toer, nije Tomke-ferskes, Tomke yn de biblioteek, de Tomke-skriuwwedstriid, Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’, it jierdeifeestje fan Tomke op 18 septimber yn Bûtenpost en in nij Tomke-temaboekje foar de Fryske Foarlêswike (27 septimber oant en mei 1 oktober). Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke en de jubileumaktiviteiten op www.tomke.frl.


Oer it Tomke-projekt
Tomke is it foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.


Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS (út namme fan de biblioteken yn Fryslân). It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Cedin en Omrop Fryslân soargje foar promoasje en fersterking. Dêrneist organisearret it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse alle jierren de Fryske Foarlêswike. It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Delegaasje út Malta op besite yn Fryslân

Bildtse aardappelwekenOp freed 24 juny wie der in delegaasje út Malta op besite yn Fryslân en by de Fryske Akademy. De delegaasje bestie út Rita Saliba en Leanne Ellul, beide aktyf yn it kulturele en literêre fjild yn Valetta, Malta.

De delegaasje besocht de Fryske Akademy yn it ramt fan it Potatoes Go Wild projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken, in gearwurkingsprojekt tusken de twa Kulturele Haadsteden fan Europa yn 2018: Ljouwert en Valetta. De Stichting Bildtse Aardappelweken hie de Maltese gasten útnûge en Rixt van Dongera van it Mercator Research Centre / Fryske Akademy hat harren in rûnlieding jûn troch de krekt ferboude gebouwen fan de Fryske Akademy.

Nei de rûnlieding stuts de groep de dyk oer nei Tresoar, wêr’t Wieke de Haan (Tresoar), Taeke Oppewal (Tresoar) en Jelle Bangma (Cedin) har ferwolkommen. Der waard yn dit ynformative diel fan dei mear fertelt oer de ferskate projekten fan Tresoar, it Cedin en Mercator en de Fryske Akademy. Frou Saliba en Ellul fûnen it tige nijsgjirrich en al gau waard der drok diskusjearre oer de ferskillen en oerienkomsten tusken de meartalige situaasje op Malta en yn Fryslân. De tiid waard yn dizze libbene diskusje folslein út it each ferlern en in stik letter dan eins de bedoeling wie setten de beide froulju wer ôf nei harren hotel. Sy moasten gau harren koffer pakke en troch nei it fleanfjild foar harren flecht nei hûs.

 

Ylse Barkmeijer fan OBS Akkrum is Fryske Foarlêskampioen 2015

Foto: OBS Akkrum
Yn in spannende finale yn de teaterseal fan Tryater yn Ljouwert is Ylse Barkmeijer út groep 8 fan OBS Akkrum útroppen ta Fryske Foarlêskampioen 2015. Sy lies foar út In nije heit fan Thys Wadman.

‘Der wurde prachtich foarlêzen, it nivo dit jier wie tige heech en we hawwe ús net in momint ferfeeld,’ sa sei Janny Bottema út namme fan de sjuery.

De alve foarlêsfinalisten hienen hast 150 fans meinaam. Mei spandoeken en yells waarden de favoriten oanmoedige. De sjuery dy’t bestie út Sjoeke Faasse (NHL Hogeschool), Tjitske van Dijk (dosint basisûnderwiis) en Janny Bottema (Stichting It Fryske Berneboek) beoardielen de bern op toan, klam, kontakt mei it publyk, gebrûk fan de stim en fersteanberens. Tusken de bedriuwen troch koenen de finalisten en harren fans genietsje fan optredens fan De Frets.

Foar alle skoalkampioenen wie der oan ‘e ein fan de middei in boekenpakket.

Finalisten SjONG 2015 bekend

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Wiebe de Jong net 10, mar 12 acts dy’t troch meie nei de grande SjONG-finale op 11 april 2015 yn teater Sense yn Dokkum. De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:

. Carinda Pander (Bogerman Snits) mei ‘Asto myn leafde wolst’
. Elske Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Meitsje mear lûd’
. Marije Brouwer (ROC Friese Poort Snits) mei ‘Ik fiel it fjoer’
. Marten Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Wûnderbûnte fûgel’
. Nynke Gijsen (Bogerman Snits) mei ‘Foar no en altyd’
. Rixt Rypma (Bogerman Snits) mei ‘Oan de ein fan de tiden’
. Kings of Diamonds (Drachtster Lyseum) mei ‘Ik bin it sêd’
. No Music No Life (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ik fiel my frij’
. Dorien & Eline (ROC Friese Poort Drachten) mei ‘Ik wol net mear’
. Syta & Marije (Liudger Burgum) mei ‘Mei ik dan by dy?’
. Jente Semplonius (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ingel mei blauwe eagen’
. Britta Kwant (Bogerman Snits) mei ‘Yn dyn earms’ Continue reading “Finalisten SjONG 2015 bekend”