Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan HAVOtop (Burgum) en vwo5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju.

Skeve ferhâlding manlju-froulju

In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol alle talen op sa’n 80-20% sit. “Wikipedia is de grutste ensyklopedy fan de wrâld en wy wolle dat it de realiteit wjerspegelet. It kin net sa wêze dat fan elkenien dy’t in biografy op Wikipedia fertsjinnet, 80 % man is. Dat leau ik net,” seit Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk. By de ôftraap hat sy mei har kollega’s Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin sa’n 60 boppeboulearlingen fan beide skoallen entûsjast makke om oan it nije projekt te wurkjen. Ek wie der in Mystery Guest oanwêzich: biologysk boerinne en powerfrou Welmoed Deinum fan Sondel, dy’t sels (noch) gjin Wikipagina hat.

Foto: Afûk

Searje 36

 It projekt kriget in plak op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk, mar de biografyen komme op Wikipedy sels, want, sa seit Welmoed Sjoerdstra: “De measte minsken tinke dat Wikipedia net betrouber is, mar krekt omdat elkenien deroan tafoegje én yn korrizjearje kin, soest it sjen kinne as in (op syn eigen wize) tige betroubere ynformaasjeboarne.” In ‘jildich’ artikel hat dêrby op syn minst trije boarnen neamd, dêr’t út bliken docht dat it ûnderwerp (of de persoan) wichtich is. Dêrom is it dwaan fan boarne-ûndersyk part fan it projekt en sille de learlingen ek in besite bringe oan in GLAM (galery, bibleteek, argyf of museum).

Utwikseling

Op HAVOtop en it Drachtster Lyseum kinne se no los. Yn maart sil in delegaasje learlingen út Drachten wei nei Ierlân ta om dêr mei leeftydsgenoaten út Ierlân en Baskelân de nij skreaune biografyen út te wikseljen. Sa draacht harren wurk ek by oan de Iersk- en Baskysktalige Wikipedia’s, en oarsom! Takom jier sil der in twadde gearkomste wêze, yn Spanje, dêr’t learlingen fan Burgum hinne sille. It projekt makket de learling ta auteur en jout dy de kâns mei te wurkjen oan it tichtsjen fan de saneamde Gender Gap. Dêrmei is it in moai foarbyld fan betsjuttingsfol skriuwûnderwiis.

Wikiwomen

WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en Fryslân om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De trije Fryske kennispartners binne de Afûk, de Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennnissintrum en Learning Hub Friesland. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *