Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

Tomke bestiet 25 jier

Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is juster op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en materialen út it kofferke kinne de liedsters mei de bern in feestje fiere én oan de slach mei it tema ‘tiid’.


Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje belibbet mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren dêr’t alle pjutten gek op binne. Underwilens binne der al heiten en memmen dy’t eartiids sels de Tomke-ferhaaltsjes foarlêzen krigen en no de boekjes oan harren eigen bern foarlêze. It bekende giele boekje dêr’t it 25 jier lyn allegear mei begûn, wurdt noch alle jierren makke en tradisjoneel útdield yn de jierlikse Fryske Foarlêswike oan sa’n 12.500 Fryske pjutten.


Yn de rin fan de jierren is it Tomke-projekt hieltyd fierder útwreide. ‘Dat giet fan rigeboekjes en filmkes op telefyzje oant hânpoppen en fan metoades foar it foarskoalsk ûnderwiis oant bôletrompkes en apps’, laket Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk fan de Afûk: ‘Tomke is hiel divers en leechdrompelich en biedt in breed en oantreklik oanbod foar sawol heiten en memmen en pakes en beppes as foar profesjonele opfieders om mei pjutten talich dwaande te wêzen.’

Tomke-feestkofferke op pjutteplak it Healtsje. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf


Feestlike aktiviteiten en produkten
Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele: it Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’, it Tomke-feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang, in feestlike Tomke-toer, nije Tomke-ferskes, Tomke yn de biblioteek, de Tomke-skriuwwedstriid, Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’, it jierdeifeestje fan Tomke op 18 septimber yn Bûtenpost en in nij Tomke-temaboekje foar de Fryske Foarlêswike (27 septimber oant en mei 1 oktober). Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke en de jubileumaktiviteiten op www.tomke.frl.


Oer it Tomke-projekt
Tomke is it foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.


Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS (út namme fan de biblioteken yn Fryslân). It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Cedin en Omrop Fryslân soargje foar promoasje en fersterking. Dêrneist organisearret it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse alle jierren de Fryske Foarlêswike. It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Delegaasje út Malta op besite yn Fryslân

Bildtse aardappelwekenOp freed 24 juny wie der in delegaasje út Malta op besite yn Fryslân en by de Fryske Akademy. De delegaasje bestie út Rita Saliba en Leanne Ellul, beide aktyf yn it kulturele en literêre fjild yn Valetta, Malta.

De delegaasje besocht de Fryske Akademy yn it ramt fan it Potatoes Go Wild projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken, in gearwurkingsprojekt tusken de twa Kulturele Haadsteden fan Europa yn 2018: Ljouwert en Valetta. De Stichting Bildtse Aardappelweken hie de Maltese gasten útnûge en Rixt van Dongera van it Mercator Research Centre / Fryske Akademy hat harren in rûnlieding jûn troch de krekt ferboude gebouwen fan de Fryske Akademy.

Nei de rûnlieding stuts de groep de dyk oer nei Tresoar, wêr’t Wieke de Haan (Tresoar), Taeke Oppewal (Tresoar) en Jelle Bangma (Cedin) har ferwolkommen. Der waard yn dit ynformative diel fan dei mear fertelt oer de ferskate projekten fan Tresoar, it Cedin en Mercator en de Fryske Akademy. Frou Saliba en Ellul fûnen it tige nijsgjirrich en al gau waard der drok diskusjearre oer de ferskillen en oerienkomsten tusken de meartalige situaasje op Malta en yn Fryslân. De tiid waard yn dizze libbene diskusje folslein út it each ferlern en in stik letter dan eins de bedoeling wie setten de beide froulju wer ôf nei harren hotel. Sy moasten gau harren koffer pakke en troch nei it fleanfjild foar harren flecht nei hûs.

 

Ylse Barkmeijer fan OBS Akkrum is Fryske Foarlêskampioen 2015

Foto: OBS Akkrum
Yn in spannende finale yn de teaterseal fan Tryater yn Ljouwert is Ylse Barkmeijer út groep 8 fan OBS Akkrum útroppen ta Fryske Foarlêskampioen 2015. Sy lies foar út In nije heit fan Thys Wadman.

‘Der wurde prachtich foarlêzen, it nivo dit jier wie tige heech en we hawwe ús net in momint ferfeeld,’ sa sei Janny Bottema út namme fan de sjuery.

De alve foarlêsfinalisten hienen hast 150 fans meinaam. Mei spandoeken en yells waarden de favoriten oanmoedige. De sjuery dy’t bestie út Sjoeke Faasse (NHL Hogeschool), Tjitske van Dijk (dosint basisûnderwiis) en Janny Bottema (Stichting It Fryske Berneboek) beoardielen de bern op toan, klam, kontakt mei it publyk, gebrûk fan de stim en fersteanberens. Tusken de bedriuwen troch koenen de finalisten en harren fans genietsje fan optredens fan De Frets.

Foar alle skoalkampioenen wie der oan ‘e ein fan de middei in boekenpakket.

Finalisten SjONG 2015 bekend

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Wiebe de Jong net 10, mar 12 acts dy’t troch meie nei de grande SjONG-finale op 11 april 2015 yn teater Sense yn Dokkum. De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:

. Carinda Pander (Bogerman Snits) mei ‘Asto myn leafde wolst’
. Elske Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Meitsje mear lûd’
. Marije Brouwer (ROC Friese Poort Snits) mei ‘Ik fiel it fjoer’
. Marten Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Wûnderbûnte fûgel’
. Nynke Gijsen (Bogerman Snits) mei ‘Foar no en altyd’
. Rixt Rypma (Bogerman Snits) mei ‘Oan de ein fan de tiden’
. Kings of Diamonds (Drachtster Lyseum) mei ‘Ik bin it sêd’
. No Music No Life (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ik fiel my frij’
. Dorien & Eline (ROC Friese Poort Drachten) mei ‘Ik wol net mear’
. Syta & Marije (Liudger Burgum) mei ‘Mei ik dan by dy?’
. Jente Semplonius (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ingel mei blauwe eagen’
. Britta Kwant (Bogerman Snits) mei ‘Yn dyn earms’ Continue reading “Finalisten SjONG 2015 bekend”

It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân

Wa’t ris besykje wol hoe goed hy of sy it Frysk skriuwe kin, krijt no de kâns. Minsken kinne dit jier thús meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. It diktee is op woansdei 16 april foar it earst live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en ynternet. It Grut Frysk Diktee wurdt om ‘e twa jier holden, dit jier foar de tolfte kear. Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs bûge 32 dielnimmers harren oer it diktee.

Presintatrise Karen Bies fan Omrop Fryslân hat de tekst foar it Grut Frysk Diktee fan dit jier skreaun en sil it ek foarlêze. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering. Yn 2010 en 2012 waard it diktee wûn troch André Looijenga. Hy docht ek dit jier wer mei om syn titel te ferdigenjen. 51 minsken hawwe oan ‘e foarronde meidien, 32 dêrfan hawwe har pleatst foar de finale. Oan it diktee dogge tradysjegetrou ek bekende Friezen mei, ûnder oaren aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018. Continue reading “It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân”

Bern fan 27 skoallen litte harren sjongtalint hearre

Foto: Cedin Taalsintrum Frysk
Bern fan 27 basisskoallen litte fan hjoed ôf harren sjongtalint hearre yn de trije foarrondes fan it Sjongfestival foar Bern. Oan dat sjongfestival kinne bern út groep 6, 7 en 8 fan basisskoallen út Fryslân meidwaan. De njoggen bêste optredens fertsjinje in plak yn de grutte finale op 11 april yn de Lawei yn Drachten.

De foarrondes fine plak op 20 maart yn It Dielshûs yn Wommels, 25 maart yn Glinstra State yn Burgum en 27 maart yn It Haske op ‘e Jouwer. Alle foarrondes begjinne om 13.30 oere. De learlingen sjonge lieten dy’t skreaun binne troch profesjonele tekstdichters en komponisten. By it Sjongfestival giet it der fansels om wa’t it moaist sjonge kin, mar de sjuery sjocht ek nei hoe’t it liet op de planken setten wurdt: dûns, beweging, oanklaaiïng, it hiele plaatsje krijt in beoardieling. De sjuery fan de foarrondes bestiet dit jier út Trevor Mooijman, Jelle Bangma en Carin Seegers. Yn de finale op 11 april stride de skoallen om de wikselbokaal: De Karin de Jong-priis. Continue reading “Bern fan 27 skoallen litte harren sjongtalint hearre”

Fersen frege foar FeRstival 2012

Taalsintrum FryskBêste dichters/skriuwers,

It FeRstival – de foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortset ûnderwiis – belibbet fan’t jier de 70ste edysje. Wat in tradysje! It Frysk is hip, cool… (of watfoar wurden ek mar brûkt wurde), oars soenen net in 150tal pubers it toaniel opstappe om in gedicht foar te dragen!

Fryske skriuwers/dichters hawwe altyd wichtige pylders west fan it FeRstival, om’t dy spesjaal gedichten makken dy’t gaadlik wiene om foar te dragen. Sûnder har krewearjen hie der noait genôch oanbod west foar de leeftyd 12 – 18.

Dus, sa as alle jierren doch ik it fersyk om (in) fers(en) te leverjen foar it FeRstival. Wurde de fersen geskikt achte, dan sille dy bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze.

Continue reading “Fersen frege foar FeRstival 2012”

Finalisten Sjongfestival foar Bern 2012 bekend

Finale op freed 25 maaie 2012 yn De Lawei yn Drachten.

Op freed 25 maaie wurdt foar de achtste kear de grutte finale fan it twa-jierlikse Sjongfestival foar Bern hâlden yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. It Sjongfestival foar Bern is in inisjatyf fan Cedin Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân.

25 skoallen dienen mei oan de trije foarrondes fan it Sjongfestival, dy’t op 23, 24 en 26 april hâlden binne yn Wommels, op De Jouwer en yn Burgum. De sjuery, dy’t bestie út Frederik Kampstra, Marrit de Schiffart en Carin Seegers, lit ûndersteande njoggen skoallen trochgean nei de finale.

By de Boarne – Boarnburgum, mei ‘Mobyl’
Ds. Hasperskoalle – Akkrum, mei ‘Planet Earth’
’t Grovestinshof – Koudum, mei ‘In eigen húske’
De Mienskip – Bûtenpost, mei ‘Seemansliet’
Eben Haëzer – Dokkum, mei ‘Boargemaster Ikke’
De Twine – Drylts, mei ‘Pake’
It Klimmerblêd – St. Nyk, mei ‘Dûnsjen bliuwe’
De Barte – Froubuorren, mei ‘Planet Earth’
’t Finster – Warkum, mei ‘Pake’

Continue reading “Finalisten Sjongfestival foar Bern 2012 bekend”