De provinsje sil op 19 juny beslute oer de taalnota โFansels Fryskโ. Dรชr steane moaie plannen yn. Dy kinne it Frysk foarรบt helpe. Mar deputearre steaten hawwe it jild der net foar oer. Se wolle sels besunigje. Dรชrtroch steane de ambysjes faai. Tekenje en ferspried dรชrom de petysje fan de Rie foar de Fryske Beweging, dyโt it EBLT stipet, en lit jo lรปd hearre. Provinsje, kear dit op!
Kearn fan it nije taalbelied is, dat de taalfitaliteit stipe wurde moat. Mar it taalkado en tydskrift โHeit & memโ reitsje in grut part fan de subsydzje kwyt. Beide binne bedoeld om รขlden oan te moedigjen de Fryske taal oan harren bern troch te jaan. Mercator, dyโt de provinsje helpt om Europeesk รปndersyksjild nei de provinsje te heljen foar taalรปndersyk, ferliest sels de folsleine strukturele subsydzje. De Stellingwarver Schrieversronte wurdt flink koarten op de subsydzje, en sawol de Fryske Rie as de Rie foar de Fryske Beweging rikke al harren jild kwyt. Ek oare besunigingen binne net te rymjen mei de ambysjes foar taalfitaliteit.
De provinsje hat ferskate finansjele tafallers hรขn, mar hรขldt no ynienen de hรขn op de ponge. Yn 2026 is der wer jild. Dรชrom freegje wy:
Provinsjale steaten soene beslute moatte om no net te besunigjen, mar de tafallers te brรปken.
Praat earst mei de belutsen organisaasjes om te sjen, hoe’t se mei de provinsje ta in oplossing komme kinne. Want dat is oant no ta noch net bard!
Tekenje de petysje
Alle Fryske organisaasjes, wรชrรปnder it EBLT, lรปke tegearre op om dit te kearen. Jo stim hjiryn is och sa wichtich. It lรชste wurd is oan Provinsjale Steaten. Lit jo lรปd heare en tekenje de petysje: https://www.petities.com/besunigings_op_it_frysk_fan_tafel
Noch in pear dagen en dan kinne wy stimme foar de Europeeske ferkiezings op 6 juny. Op de kandidatelisten stean ek in oantal Fryske kandidaten. Trije kandidaten op kรขnsrike plakken, listlรปker Anja Haga fan de ChristenUnie, om Raquel Garcรญa Hermida-Van Der Walle fan D66 (#2) en Sjoerd Wijnsma fan it CDA (#5), gongen op tongersdei 23 maaie yn Kafee de Gouden Leeuw yn petear mei petearlieder Onno Falkena en fansels it oanwรชzige publyk. Wat wolle sy foar Fryslรขn berikke yn de EU? En sjogge se ek kรขnsen om de posysje fan minderheidstalen te fersterkjen? De jรปn waard organisearre op 23 maaie troch it EBLT yn gearwurking mei it Mercator Europeesk Kennissintrum.
Minderheidstalen op de aginda
De Fryske kandidaat-Europarlemintariรซrs Anja Haga (CU), Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66) en Sjoerd Wijnsma (CDA) wolle harren alle trije yn Brussel ynspanne foar it Frysk en oare minderheidstalen. As it oan harren leit krije minderheidstalen in fรชst plak op de Europeeske aginda en as it heal kin ek in eigen begruttingspost. Ek soe it makliker wurde moatte foar lytse organisaasjes en ek foar lytsere talen om jild oan te freegjen foar projekten. Dat is no in toer, omdat projekten yn lytse talen konkurrearje moatte mei oanfragen foar projekten yn grutte steatstalen.
Mar ferskillen tusken de kandidaten binne der ek. Wylst Wijnsma pleitet foar in ‘realistyske green deal’ mei helbere doelen foar boeren en mobiliteit, wolle Haga en Garcia Hermida-van der Walle fol faasje foarรบt mei it Europeeske belied op it mรชd fan bioferskaat en klimaat. It EBLT helle de trije gadingmakkers nei kafee De Gouden Liuw yn Ljouwert foar in goed petear oer it Frysk, lรขnbou, mobiliteit en polarisaasje. Op dizze moeting yn in goed besocht kafee koe ek it publyk frijรบt fragen stelle oan de trije kandidaten.
Europeeske ferkiezings
Op 6 juny binne de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Nederlรขn kin dy dei kieze foar 31 Europarlemintariรซrs, dyโt foar fiif jier in sit hawwe sille. Stimburoโs binne tongersdei 6 juny iepen tusken 7:30 en 21:00 oere.
yn petear mei trije kรขnsrike kandidaten รบt Fryslรขn foar it Europeesk Parlemint
Yn โe oanrin nei de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint op tongersdei 6 juny organisearret it EBLT op tongersdeitejรปn 23 maaie in iepen petear mei de trije meast kรขnsrike kandidaten รบt Fryslรขn. It giet om listlรปker Anja Haga fan de ChristenUnie, om Raquel Garcรญa Hermida-Van Der Walle fan D66 en Sjoerd Wijnsma fan it CDA. As Europeesk oriรฏntearre organisaasjes wolle it EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum elkenien graach de kรขns biede om ynformeel mei dizze trije Fryske Europeanen yn petear te gean. Wat wolle sy foar Fryslรขn berikke yn de EU? Hoe wolle se de kontakten mei harren kiezers รปnderhรขlde? Sjoernalist Onno Falkena sil de jรปn liede.
Trije kandidaten รบt Fryslรขn
De Europeeske Uny sil foar elk in rol spylje mei de grutte รบtdagings fan dizze tiid, mar de Europeeske polityk stiet somtiden fier fan de minsken รดf. Alle oanlieding om neier yn de kunde te kommen mei Anja Haga รบt Dokkum, Raquel Garcรญa Hermida-Van Der Walle fan De Gordyk en Sjoerd Wijnsma fan Ljouwert. Wรชr wolle sy harren krekt foar ynsette yn Europa? Binne se ek fan doel om op te arbeidzjen yn it Europeesk Parlemint? En wรชr sitte krekt de ferskillen tusken Haga en Wijnsma as sy harren yn Brussel oanslute by deselde grutte EPP-fraksje?
Foar it EBLT binne minderheidstalen, kultuer en รปnderwiis wichtich. Temaโs dyโt yn Europa krekt wat minder heech op de politike aginda steane. Wat kinne we op dizze terreinen fan de trije Fryske kandidaten ferwachtsje? De opset fan de jรปn is sa dat it publyk folop de gelegenheid kriget om fragen te stellen oan de trije gadingmakkers. Dat kin ek gean oer foar Fryslรขn wichtige temaโs as de Lelyline, de melkfeehรขlderij of de beskerming fan de Waadsee. EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum
It Europeesk Buro foar Lytse Talen, EBLT, is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlรขn. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, Biltsk of Papiamintsk. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) รปndersiket meartalich รปnderwiis en taallearen yn Europa. It is in รปnรดfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje, benammen oer regionale en minderheidstalen yn Europa.
Juster wie de Nederlรขnske premjรชre fan de suksesfolle Dรบtske film Mittagsstunde. De film waard tige goed besocht: de seal wie รบtferkocht!
Jelle BangmaOnno Falkena
De foto’s binne makke troch Geart Tigchelaar.
Mittagstunde is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dรถrte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdรบtsk, en ien mei dialogen yn it Heechdรบtsk. Op Memmetaaldei wie de Platdรบtske ferzje te sjen, mei รปndertitels yn it Frysk.
De premjรชre waard yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film.
Sneontemiddei, om 13:30 oere is de film noch in kear te sjen by Slieker Film.
Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dรชrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlรขnske premjรชre fan de suksesfolle Dรบtske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen.De film is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dรถrte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdรบtsk, en ien mei dialogen yn it Heechdรบtsk. It EBLT presintearret de Platdรบtske ferzje, mei รปndertitels yn it Frysk.
Mittagsstunde
Mittagsstunde (โmiddeisoereโ) folget universitรชr dosint Ingwer (47) รบt Kiel, dyโt in sabbatical nimt omdat syn รขldelju Sรถnke en Ella op it Noard-Fryske plattelรขn harren sels net mear rรชde kinne. Heit is kwetsber, mar besiket achter de rollator stรขn te hรขlden as kroechbaas en mem is it paad hieltiid mear bjuster. Ingwer komt der al gau achter dat net allinnich syn aldelju feroare binne, mar ek it doarp Brinkebรผll. De skoalle en de winkel binne ticht en de kastanjebeammen yn de buorren moatte wike foar de grutte frachtautoโs en lรขnboumasines. Fan de mienskip is net folle mear oerโฆ
De wat mankelike film Mittagsstunde giet oer de bysรปndere famyljeskiednis fan Ingwer en de โ ek foar รบs Fryslรขn โ tige werkenbere feroarings op it plattelรขn en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelรขnsbewenners noch as alles ferdwynt?
Nederlรขnske premjรชre
Boek รฉn film hawwe yn heech tempo it Dรบtske taalgebiet ferovere. De film wie de bรชst besochte filmhรปsfilm fan Dรบtslรขn yn de winter fan 2022/2023. De Dรบtske media wiene loovjend en neamden de film โin Noarddรบtske pearelโ en de film waard priizge as humoristysk, weemoedich en gefoelich.
Mittagsstunde wie net earder te sjen yn in Nederlรขnske bioskoop of filmhรปs. EBLT, Mercator en Slieker bringe dรชr feroaring yn en presintearje de film รปnder de Fryske titel Middeisoere. De premjรชre wurdt in meartalige fertoaning. Yn de film wurdt neist it Dรบtsk benammen in soad Platdรบtsk sprutsen, in taal dyโt besibbe is oan it Nedersaksysk. De film wurdt troch Geertrui Visser foarsjoen fan รปndertitels yn it Frysk.
Ynternasjonale Memmetaaldei
It is alwer de tsiende kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintรชres of films oer en mei taalminderheden presintearje op โe Ynternasjonale Memmetaaldei.
EBLT
It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlรขn neistribbet. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dyโt harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.
Wรชs wolkom
De film is te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, woansdei 21 febrewaris, by Slieker Film, yn Ljouwert om 19:30 oere. De film wurdt nochris werhelle op sneon 24 febrewaris om 13:30 oere. Kaarten binne te ferkrijen foar 11,50,-
Taheakjen Papiamentu op Bonรชre oan it Europeesk Hรขnfรชst foar regionale en minderheidstalen is in histoaryske stap
It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is der wiis mei dat minister Hanke Bruins Slot fan Bรปtenlรขnske Saken it Papiamentu op Bonรชre oanmeld hat by de Ried fan Europa yn Straatsburch as beskerme taal neffens haadstik III fan it Europeesk Hรขnfรชst foar regionale en minderheidstalen. It is foar it earst sรปnt 1997 dat Nederlรขn in โnijeโ taal oan it ferdrach taheakke hat. It Papiamentu en it Frysk binne no tegearre de iennichste minderheidstalen fan Nederlรขn mei beskerming รปnder haadstik III. De oare erkende talen ฬถ it Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en de talen fan Sinti en Roma ฬถ hawwe in โlichtereโ beskerming neffens haadstik II, sรปnder ferplichtings foar bygelyks it brรปken fan de talen by oerheid of de rjochtbank .
Paad nei erkenning
It ynskriuwen fan it Papiamentu yn it ferdrach lit sjen dat it Europeesk Hรขnfรชst gjin statysk dokumint is, mar in dokumint dat je feroarje en oanpasse kinne oan de 21ste iuw en ek oan it ferlet fan de sprekkers fan de minderheidstalen. It EBLT is sรปnt 2014 aktyf belutsen by de striid fan de Papiamentu-sprekkers op Bonรชre en yn Nederlรขn foar in bettere beskerming fan harren taal. Papiamentu-organisaasje SPLIKA is sรปnt 2014 in warber en wurdearre lid fan it EBLT en ek de Fundashon Akademia Papiamentu fan Bonรชre brocht troch de jierren hinne ferskate wurkbesites oan Fryslรขn om harren fierder te ferdjipjen yn de mooglikheden en de wurking fan it Hรขnfรชst.
It Hรขnfรชst kaam foar Bonรชre yn byld doeโt it eilรขn yn 2010 in Nederlรขnske gemeente (โopenbaar lichaamโ) waard. It troch Nederlรขn รปndertekene en ratifisearre Hรขnfรชst waard neffens de Ried fan Europa dรชrtroch ek fan tapassing op de trije BES-eilannen. Nederlรขn hat no foar it Papiamintsk kรชsten ratifisearre op it mรชd fan รปnderwiis, rjochtsferkear, iepenbier bestjoer en iepenbiere tsjinsten, media, kulturele aktiviteiten en ekonomysk en sosjaal libben.
Maatregels
Troch de รปndertekening fan it Hรขnfest wurdt Den Haach no, mei de selsstannige lannen Aruba en Curaรงao, ferantwurdlik foar de beskerming en befoardering fan it Papiamintsk. De ratifikaasje betsjut dat de situaasje fan it Papiamintsk om de fiif jier hifke wurdt troch in รปnรดfhinklike kommisje fan saakkundigen en dat organisaasjes fan Papiamentu-sprekkers harren fyzje en winsken ynbringe kinne by de Ried fan Europa.
Nederlรขn sil no รปnder oare maatregels nimme moatte om it Papiamintsk mear romte te jaan yn it รปnderwiis. It tal lesoeren yn it primรชr รปnderwiis yn it Papiamintsk is op oantrunen fan it ministearje fan O.C. en W. werombrocht sรปnt Bonรชre in iepenbier lichaam fan Nederlรขn is. Troch it รปndertekenjen fan it Hรขnfรชst รปntstiet der in nije situaasje. Nederlรขn is no ferplichte primรชr รปnderwiis yn it Papiamintsk te bieden. Dat betsjut dat dรชr ek learmiddels, meiwurkers en jild foar รบtlutsen wurde moat.
Fan inoar leare
Mei it Papiamintsk as twadde taal รปnder haadstik III lizze der ek mooglikheden foar Fryslรขn en Bonรชre om op te arbeidzjen en om fan inoar te learen. Guon saken binne yn Fryslรขn better regele, lykas it beropstoaniel yn eigen taal, mar Fryslรขn kin wer fan Bonรชre leare wรชrโt it giet om it plak fan de minderheidstaal op de rjochtbank. Papiamentu-sprekkers hawwe it rjocht om prosedueres folslein yn eigen taal te fieren, wylst Friezen al bliid wรชze meie as it harren slagget om de eigen taal prate te kinnen.
Wurkje mei it Europeeske Hรขnfรชst foar regionale talen en minderheidstalen is in saak fan de lange azem, mar kin ek tige weardefol wรชze. Hieltiid kritysker rapportaazjes fan de Ried fan Europa hawwe der mei ta laat dat de KNAW okkerdeis advisearre om sa gau mooglik wer in selsstannige universitรชre stรบdzjerjochting Frysk te begjinnen. It Hรขnfรชst bewekket in รปndergrins en wol tagelikertiid minderheden en de Ryksoerheid stimulearje om yn oparbeidzjen de minderheidstalen te รปntwikkeljen en te befoarderjen.
Lokwinsk
It EBLT wol SPLIKA, de Fundashon Akademia Papiamentu en de Papiamentu-taalmienskip fan herte lokwinskje en ek sukses winskje by de realisaasje fan alle รดfspraken รบt it Hรขnfรชst. It lidmaatskip fan SPLIKA en de noflike kontakten mei Bonรชre hawwe it wurk fan it EBLT in ekstra diminsje jรปn. It EBLT sjocht รบt nei it ferdjipjen fan de gearwurking yn dizze fase en seit dรชrom jitris pabien!
Het EBLT feliciteert SPLIKA en de Fundashon Akademia Papiamentu met erkenning Papiamentu
toevoeging Papiamentu op Bonaire aan het Europees Handvest voor regionale en minderheidstalen is een historische stap
Het Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is er blij mee dat minister Hanke Bruins Slot van Buitenlandse Zaken het Papiamentu op Bonaire heeft aangemeld bij de Raad van Europa. Het is voor het eerst sinds 1997 dat Nederland een โnieuweโ taal aan het verdrag heeft toegevoegd. Het Papiamentu en het Fries zijn nu samen de enige minderheidstalen van Nederland met bescherming onder hoofdstuk III. De andere erkende talen ฬถ het Nedersaksisch, Limburgs, Jiddisch en de talen van Sinti en Roma ฬถ hebben een `lichtere’ bescherming volgens hoofdstuk II, zonder verplichtingen voor bijvoorbeeld het gebruik van de talen bij overheid of de rechtbank.
Weg naar erkenning
Het inschrijven van het Papiamentu in het verdrag laat zien dat het Europees Handvest geen statisch document is, maar een document dat je kunt veranderen en aanpassen aan de 21ste eeuw en ook aan de behoeften van de sprekers van de minderheidstalen. Het EBLT is sinds 2014 actief betrokken bij de strijd van Papiamentu-sprekers op Bonaire en in Nederland voor een betere bescherming van hun taal. Papiamentu-organisatie SPLIKA is sinds 2014 een actief en gewaardeerd lid van het EBLT en ook de Fundashon Akademia Papiamentu van Bonaire gebracht door de jaren heen verschillende werkbezoeken aan Fryslรขn om zich verder te verdiepen in de mogelijkheden en de werking van het Handvest.
Het Handvest kwam voor Bonaire in beeld toen het eiland in 2010 een Nederlandse gemeente (`openbaar lichaam’) werd. Het door Nederland ondertekende en geratificeerde Handvest werd volgens de Raad van Europa hierdoor ook van toepassing op de drie BES-eilanden. Nederland heeft nu voor het Papiaments artikelen geratificeerd op het gebied van onderwijs, rechtsverkeer, openbaar bestuur en openbare diensten, media, culturele activiteiten en economisch en sociaal leven.
Maatregelen
Door de ondertekening van het Handvest wordt Den Haag nu, met de zelfstandige landen Aruba en Curaรงao, verantwoordelijk voor de bescherming en bevordering van het Papiaments. De ratificatie betekent dat de situatie van het Papiaments elke vijf jaar wordt getoetst door een onafhankelijke commissie fan experts en dat organisaties van Papiamentu-sprekers hun visie en wensen in kunnen brengen bij de Raad van Europa.
Nederland zal nu onder andere maatregelen moeten nemen om het Papiaments meer ruimte te geven in het onderwijs. Het aantal lesuren in het primair onderwijs in het Papiaments is op aandringen van het ministerie van O.C. en W. teruggebracht sinds Bonaire een openbaar lichaam van Nederland is. Door het ondertekenen van het Handvest ontstaat er een nieuwe situatie. Nederland is nu verplicht primair onderwijs in het Papiaments te bieden. Dat betekent dat daar ook leermiddelen, medewerkers en geld voor moet worden uitgetrokken.
Van elkaar leren
Met het Papiaments als tweede taal onder hoofdstuk III liggen er ook mogelijkheden voor Fryslรขn en Bonaire om samen te werken en van elkaar te leren. Sommige zaken zijn in Fryslรขn beter geregeld, zoals het beroepstoneel in eigen taal, maar Fryslรขn kan weer van Bonaire leren als het gaat om de plek van de minderheidstaal op de rechtbank. Papiamentu-sprekers hebben het recht om procedures volledig in eigen taal te voeren, terwijl Friezen al blij mogen zijn als het hen lukt om de eigen taal te kunnen spreken.
Werken met het Europese Handvest voor regionale talen en minderheidstalen is een zaak van de lange adem, maar kan ook erg waardevol zijn. Steeds kritischere rapportages van de Raad van Europa hebben er mede toe geleid dat de KNAW onlangs adviseerde om zo snel mogelijk weer een zelfstandige universitaire studierichting Fries te beginnen. Het Handvest waakt over een ondergrens en wil tegelijkertijd minderheden en de Rijksoverheid stimuleren om in samenwerking de minderheidstalen te ontwikkelen en te bevorderen.
Felicitaties
Het EBLT wil SPLIKA , de Fundashon Akademia Papiamentu en de Papiamentu-taalgemeenschap van harte feliciteren en ook succes wensen bij de realisatie van alle afspraken uit het Handvest. Het lidmaatschap van SPLIKA en de aangename contacten met Bonaire hebben het werk van het EBLT een extra dimensie gegeven. Het EBLT kijkt uit naar het verdiepen van de samenwerking in deze fase en zegt daarom nogmaals pabien!
Ien fan de nije linen fan it Noordelijk Film Festival, dit jier fan 8 oant en mei 12 novimber yn Ljouwert, is โMemmetaal โ. Dit is in programmaline mei films รบt saneamde lytse taalgebieten.
It Frysk ferstiet it grutste part fan de besikers fan it Noordelijk Film Festival wol. Mar hoe sit dat mei it Baskysk, Samysk, Nauvhal, Kannada of Marathi? De memmetaal is in wichtige utering fan in kulturele identiteit. De line past dรชrom goed yn it oerkoepeljende tema โThรบsโ, dat keazen is foar de 43e edysje fan it filmfestival.
Y Sลตn mei ynlieding EBLT
Op freed, 10 novimber, om 19:30 oere presintearret it EBLT yn Slieker Film de filmfoarstelling fan Y Sลตn, mei in ynlieding fan Onno Falkena, riejouwer by it EBLT en sjoernalist. De film is troch it EBLT selektearre foar it Memmetaal-programma.
Oer de film
It is 1979, it Feriene Keninkryk wurdt oanstjoerd troch Margaret Thatcher. Mar net elkenien is like wiis mei har politike besluten โ foaral de minsken รบt Wales net. Har tasizzing om nei de ferkiezingen in Welsk televyzjekanaal op te rjochtsjen, moat nammentlik noch wol neikommen wurde. Wannear ‘t Thatcher dizze belofte nei moannen weromdraait, wurdt der flink protestearre yn Wales. Pplitikus Gwynfor Evans giet dรชrby yn hongerstaking oant Thatcher weromkomt op har belofte. Getten yn in frisse en humoristyske foarmjout Y Sลตn in krityske blik wer op dy striid.
trailer fan Y Sลตn
Films yn โe minderheidstaal
Al hast tsien jier presintearret it EBLT op de Ynternasjonale Memmetaaldei in dokumintรชre of film yn/oer in minderheidstaal yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film. Boppedat freget it EBLT oandacht foar de stipe fan produksje fan films yn โe minderheidstaal, eat dat hieltyd faker op โe aginda komt yn โe Noardlike provinsjes. Rรปnom yn Europa wurde der hieltyd mear films yn minderheidstalen makke en it nivo wurdt hieltyd better. Benammen Samyske, Baskyske, Welske en Ierske films lรปke de oandacht, wat ek in reden wie dat de Iersktalige Oscar-nominaasje ‘An Cailรญn Ciรบin’ (The Quiet Girl) te sjen wie mei de lรชste Ynternasjonale Memmetaaldei.
Paneldiskusje
Njonken ferskate fertoaningen op it wite doek lykasY Sลตn, is der op tongersdeitemoarn yn Neushoorn yn Ljouwert in paneldiskusje mei filmmakkers, beliedsmakkers en oare ynteressearren. Sintrale fraach: wรชr bliuwe de Fryske, Grinzer en Drintske films? En op hokker wize kinne dy bydrage oan de ekonomy yn de regio? Ynternasjonale sprekkers รบt ferskate lytse taalgebieten diele harren รปnderfinings.
Ek wurde de resultaten dield รบt it รปndersyksrapport โHollywood aan de Waddenโ dat yn opdracht fan de provinsje Fryslรขn รบtfierd is. Dit รปndersyk lit sjen wat films yn de โmemmetaalโ opsmite en hoe โt de Fryske en Noardlike oerheden de regionale film in stimulรขns jaan kinne. Deputearre Sijbe knol is oanwรชzich om it rapport yn รปntfangst te nimmen.
Tagong ta it panelpetear is fergees, in kaartsje reservearje is wol needsaaklik. Dat kin fia de webside fan it Noordelijk Film Festival. Op de site stiet ek it folsleine programma, mei dรชryn de films yn de line โ Memmetaal โ.
Op tiisdeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen, mei it tema โTaal & Rjochtโ. Dat wurdt dien mei in rรปnetafelpetear, poรซzy en muzyk. Nei รดfrin is der in hapke en drankje.
Taal & Rjocht
โFries wil geen Nederlands praten in rechtbank.โ Sa kopte it Dagblad van het Noorden op 18 augustus it krante-artikel oer de rjochter dyโt de Fryske eed fan Jan Benedictus net akseptearre. Mar, sa seit Benedictus: โDat rjocht haw ik.โ Taalferskaat en de rjochtbank, hoe sit dat eins?
Yn in rรปnetafelpetear sil dรชr oer praat wurde mei:
Attje Meekma
Kommisjelid yn Fryslรขn (CDA) en foarsitter fan it Steatekomitee Frysk
Jan Benedictus
Ald-wethรขlder fan Skarsterlรขn en yn it nijs fanwegen de Fryske eed yn de rjochtbank
Fieke Gosselaar
strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlรขn en streektaalconsulent by it Centrum Groninger Taal & Cultuur
Poรซzy
Njonken it rรปnetafelpetear is der poรซzy fan Grinzer dichteresse Fieke Gosselaar, de Drintske dichteresse Ria Westerhuis. Fieke Gosselaar is net allinne strafrjochtjurist en streektaalconsulent, marsyskriuwt ek, sawol yn it Grinzers as yn it Nederlรขnsk. Ria Westerhuis skriuwt yn de streektaal fan de Reest โ de leechlรขnbeek en grins tuksen Oerisel en Drinte โ en yn it Nederlรขnsk.
Europeeske Dei fan de Talen
De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sรปnt 2001 alle jierren fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Rie fan Europa binne 81 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 206 taalmienskippen. Dat binne talen lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dรบtsk dat fan Armeniรซ oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.
EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum
De middei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy). It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlรขn. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamentu. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen รปndersiket meartalich รปnderwiis en taallearen yn Europa.
Plak & tiid
It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik en sil plakhawwe op tiisdei 26 septimber yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar, oan de Bรปterhoeke 1, Ljouwert. Ynrin is om 15:30 oere. It programma begjint om 16:00 oere en einiget mei in hapke en in drankje om 17:30 oere.
Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op tiisdeidejรปn 21 febrewaris fertoane it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film de Iersktalige film An Cailรญn Ciรบin.
An Cailรญn Ciรบin.
Caรญt (9) is in wat stil famke yn in grutte hรบshรขlding, dรชr’t se net folle oandacht kriget. As har mem wer in lytse kriget, wurdt Caรญt รปnderbrocht by fiere famylje. Sรฉan en Eibhlin Cinnsealach binne hiel aardich foar Caรญt en it famke bloeit op, mar dochs is der ek in gefoel fan driging…
trailer An Cailรญn Ciรบin
Iersktalich sรบkses
It is in hertferwaarmjende film, mei in moai ferhaal en treflike aktearprestaasjes fan de haadrolspilers. ‘An Cailรญn Ciรบin’ (it stille famke) is de earste spylfilm fan de regisseur Colm Bairead. Net allinne hat de film hiele goede kritiken krigen en folle sealen lutsen yn Ierlรขn, de film hat it ynternasjonaal ek goed dien. Sa wie it de earste Iersktalige film op de Berlinale en gie it fuortendaliks mei ien fan de bearen nei hรปs. Boppedat is ‘An Cailรญn Ciรบin’ ek de alderearste Iersktalige film dy’t nominearre is foar in Oscar.
Ynternasjonale Memmetaaldei
It is alwer de njoggende kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintรชres of films oer en mei taalminderheden presintearje. Dat bart mei de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes dat taalferskaat en meartaligens yn it sintsje set.
It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlรขn. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamintsk.
Wรชs wolkom
De filmfertoaning is op tiisdei 21 febrewaris, om 20:00 oere yn Slieker Film, oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Kaarten binne te bestellen by Slieker foar โฌ11,-.
Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne harren oanmelde fia de รบtnรปging of by it sekretariaat.
It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum fiere op 26 septimber it taalferskaat yn Nederlรขn en Europa
Op moandeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen mei spesjale oandacht foar in meartalige learomjouwing. Dichter fan Fryslรขn Sigrid Kingma en trรปbadoer Jan Henk de Groot sille harren talen klinke litte mei poรซzy en muzyk.
Meartalige learomjouwing
Sprekkers Hilda Heyde fan de RUTU-foundation en Janke Singelsma fan NHL-Stenden Hegeskoalle sille sprekke oer de ynklรบzje fan talich ferskaat op โe (basis)skoalle. Heyde sil it projekt โLanguage Friendly Schoolsโ fan de RUTU-foundation taljochtsje en Singelsma sil it koartby ferskynde boek โTalenbewust lesgeven: Aan de slag met talige diversiteit in het basisonderwijsโ presinstearje.
Dichter fan Fryslรขn en Grinzer muzyk
It talige ferskaat is de middeis ek werom te hearren yn poรซzy en muzyk. Sigrid Kingma, de Dichter fan Fryslรขn hat spesjaal foar de Europeeske Dei fan de Talen in gedicht skreaun, dyโt sy fansels foardrage sil. Grinzer trรปbadoer Jan Henk de Groot sil de muzyk fersoargje.
Europeeske Dei fan de Talen
Europeeske Dei fan de Talen, in inisjatyf fan de Ried fan Europa, wurdt sรปnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dรชrfan binne njonken de offisjele talen likernรดch 79 talen erkend fan mei-inoar 204 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dรบtsk dat fan Armeniรซ oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.
Wolkom
It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik. De ynrin begjint om 15:00 oere en om 15:30 oere set it programma รบtein. De middei wurdt รดfsletten mei in hapke en in drankje.