De provinsje sil op 19 juny beslute oer de taalnota ‘Fansels Frysk’. Dêr steane moaie plannen yn. Dy kinne it Frysk foarút helpe. Mar deputearre steaten hawwe it jild der net foar oer. Se wolle sels besunigje. Dêrtroch steane de ambysjes faai. Tekenje en ferspried dêrom de petysje fan de Rie foar de Fryske Beweging, dy’t it EBLT stipet, en lit jo lûd hearre. Provinsje, kear dit op!
Kearn fan it nije taalbelied is, dat de taalfitaliteit stipe wurde moat. Mar it taalkado en tydskrift ‘Heit & mem’ reitsje in grut part fan de subsydzje kwyt. Beide binne bedoeld om âlden oan te moedigjen de Fryske taal oan harren bern troch te jaan. Mercator, dy’t de provinsje helpt om Europeesk ûndersyksjild nei de provinsje te heljen foar taalûndersyk, ferliest sels de folsleine strukturele subsydzje. De Stellingwarver Schrieversronte wurdt flink koarten op de subsydzje, en sawol de Fryske Rie as de Rie foar de Fryske Beweging rikke al harren jild kwyt. Ek oare besunigingen binne net te rymjen mei de ambysjes foar taalfitaliteit.
De provinsje hat ferskate finansjele tafallers hân, mar hâldt no ynienen de hân op de ponge. Yn 2026 is der wer jild. Dêrom freegje wy:
- Provinsjale steaten soene beslute moatte om no net te besunigjen, mar de tafallers te brûken.
- Praat earst mei de belutsen organisaasjes om te sjen, hoe’t se mei de provinsje ta in oplossing komme kinne. Want dat is oant no ta noch net bard!
Tekenje de petysje
Alle Fryske organisaasjes, wêrûnder it EBLT, lûke tegearre op om dit te kearen. Jo stim hjiryn is och sa wichtich. It lêste wurd is oan Provinsjale Steaten. Lit jo lûd heare en tekenje de petysje: https://www.petities.com/besunigings_op_it_frysk_fan_tafel