It Skriuwersboun

Skriuwersboun: hâld Omrop Fryslân bestjoerlik en organisatoarysk selsstannich

It Skriuwersboun is net gerêst op de posysje fan it Frysk by Omrop Fryslân as de omrop har selsstannigens ferlieze soe.

De Omrop is in tige wichtige pylder fan de ynfrastruktuer fan de Fryske taal. Omrop Fryslân is ûnmisber as de grutste Frysktalige produsint fan nijs, edukatyf materiaal en ferdivedaasje fia de massamedia radio, tillevyzje en ynternet.

It Skriuwersboun hat der gjin betrouwen yn dat de Omrop de funksje dy’t it foar de Fryske taal hat, útfiere kin sa’t it dat no docht, as it opgiet yn in grutter, lanlik en Nederlânsktalich gehiel.

Yn it belang fan de Fryske taal en kultuer moat Omrop Fryslân finansjeel, bestjoerlik, organisatoarysk en redaksjoneel selsstannich bliuwe.

Winners Ferhalewedstryd 2015 bekend

Baukje Zijlstra, Janneke de Boer en Harmen Houtman binne de trije priiswinners fan de jierlikse Ferhalewedstryd, útskreaun troch It Skriuwersboun, it Friesch Dagblad en Omrop Fryslân. Ien fan de trije ferhalen makket boppedat noch kâns op in ferfilming.

De sjuery besteande út Abe de Vries (dichter en redakteur by it Friesch Dagblad), Bart Kingma (sjoernalist en regisseur by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (ûnderwizer en jeugdboekeskriuwer), ha de trije ferhalen selektearre. Yn totaal binne 54 teksten ynstjoerd, fan masikmaal 725 wurden. De ferhalen komme út alle leeftydskategoryen wei en waarden net allinnich yn it Frysk skreaun, mar ek bygelyks yn it Stellingwerfs en it Bildsk, sa lit de sjuery witte. Lês mear…

Diskusjejûn staveringsferoaring

It Skriuwersboun organisearret in diskusjejûn oer de staveringsferoaring.

De jûn sil wêze op freed 7 juny 2013 om 20.00 oere yn Kafee Wouters, Sophialeane 5 Ljouwert. De Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy ha plannen foar in staveringsferoaring, in standertwurdlist en in staveringshifker. Foar- en tsjinstanners kinne deroer redendiele. De ûndertekeners fan de oprop oan de Steaten binne ek útnoege. Hja binne fan betinken dat de plannen net trochset wurde moatte.

Nei de diskusjejûn sil It Skriuwersboun ta in stânpunt komme.

Sjoch foar ynformaasje www.skriuwersboun.nl

Boarne: It Nijs

Skriuwerskalinder 2013

Der is wer in skriuwerskalinder foar 2013! De Skriuwerskalinder is dit jier wer opstarten op inisjatyf fan It Skriuwersboun, yn de mande mei Tresoar.
Der steane 41 literêre bydragen yn en 12 hiel ferskillende, mar allegearre tige goed passende ôfbyldings fan ferskillende keunstners: foto’s, skilderijen, en grafysk wurk. Op de omslach in stedslânskip fan skriuwer/fotograaf Abe de Vries.

Los jildt de skriuwerskalinder € 7,50, mar yn de Moanne fan it Fryske Boek by oankeap fan € 10,00 oan Fryske boeken is de ferkeappriis € 5,00.

Boarne: It Skriuwersboun

Priisútrikking ferhalenwedstryd

Begjin dit jier skreaunen It Skriuwersboun en it Friesch Dagblad in ferhalenwedstryd út foar minsken o/m 25 jier âld. It ûnderwerp: ‘Freonskip en sosjale media’. Ut de ynstjoerde ferhalen hat de sjuery, besteande út Jaap Krol, Sigrid Kingma en Ate Grypstra, fjouwer ferhalen útkeazen. Se binne skreaun troch: Theuna Zwaga, Ijsbrand Drost, Geart Tigchelaar en Meindert Reitsma.

Op freed 15 juny oansteande om 20.00 oere is de priisútrikking. Yn de Gysbert Japixcseal fan Tresoar, yn Ljouwert.

De fjouwer bekroande ferhalen sille dêr troch de skriuwers sels foarlêzen wurde, de sjuery sil harren kar ferantwurdzje en der is in optreden fan Carolien Hunneman út Easterwâlde, mei eigen lietsjes yn it Frysk en it Stellingwerfs.

Elkenien is wolkom op dizze nijsgjirrige literêre jûn. As jim fan doel binne te kommen, dan graach even in mailtsje stjoere: skriuwersboun @ hotmail.com

Spannend! Komt der in nije Skriuwerskalinder?

Yn 2010 ferskynde de Skriuwerskalinder foar it lêst en út reaksjes docht bliken dat dy tige mist wurdt. Dêrom wol in wurkgroep fan It Skriuwersboun en Tresoar besykje dizze âlde tradysje wer nij libben yn te blazen. We binne drok dwaande mei de organisaasje, mar soe it dizze simmer net slagje, dan dogge we it takom jier!

Dêrom no alfêst in oprop foar it stjoeren fan bydragen foar de kalinder fan 2013. It tema wurdt:
Spannend

In aktueel tema dêr’t je alle kanten mei út kinne. Dêrby kin men tinke oan de krisis, in relaasje, sport, fakânsje en oare aventoeren. Mooglik ropt sa’n wurd noch wol mear en oare assosjaasjes op.
It tema is ornearre as in hânfet. As jo der net mei út ’e fuotten kinne meie jo ek in oar ûnderwerp kieze. Dêrby kinne jo tinke oan eveneminten, hjeldagen, seizoenen en sa fierder. Njonken literêre bydragen binne foto’s en oar byldmateriaal wolkom, sa wolle wy ek oare keunstfoarmen in kâns jaan.

Lês mear…

 Scroll to top