Yldau wint slagge earste Prinsetúnedysje Liet

De earste edysje fan it Fryske sjongfestival Liet yn de Ljouwerter Prinsetún waard sneontejûn wûn troch de talintfolle formaasje Yldau mei it nûmer ‘Fjoer’. De band Yldau hat twa sjongeressen mei de foarnamme Yldau; Yldau Bylsma en Yldau Hoekstra. Sy skreaunen ek nochris tegearre it winnende nûmer, dat der oer giet dat je yn it libben je hert folgje moatte. Op de fiifkoppige sjuery ûnder foarsitterskip fan Anne Zwaga makke Yldau safolle yndruk dat sy de winner waarden fan Liet 2012, op de foet folge troch de formaasje Klif en de band Frjemdling. It publyk makke, en dat is net ûngebrûklik by Liet, in hiel oare kar. Sjaak Weiland fan Minnertsgea sammele de measte stimmen mei syn mei oertsjûging brochte leafdesliet ‘Earste leafde’. Neffens de sjuery wie it nivo fan Liet 2012 ‘goed oant heech’, mei ferrassende optredens fan in grut muzikaal ferskaat. De winnende band Yldau mei fansels Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International 2012.

Foar de organisearjende Stichting Liet ’91 wie it bysûnder dat it Fryske sjongfestival foar it earst op it Befrijdingsfestival plak fûn op in poadium yn de fiver fan de Prinsetún. Dy kar pakte goed út. De Prinsetún wie goed fol by it Fryske sjongfestival en luts sawol fêste Liet-besikers as in nij publyk. En alhoewol’t yn ‘e rin fan ‘e jûn guon besikers ôfheakken fanwege de ynfallende kjeld, wie de tún op ‘e nij fol doe’t it oan it bekend meitsjen fan de winners ta wie. Publyk en artysten wiene beide dan ek goed te sprekken oer de nije lokaasje fan it Fryske sjongfestival. Itselde jildt ek foar de beide belutsen Stichtingen Liet ’91 en Befrijdingsfestival Fryslân. Foar it Befrijdingsfestival is Liet in wolkomme oanfolling op it programma, dy’t dúdlik yn in ferlet foarsjocht. Stichting Liet ’91 is tige wiis mei de lokaasje yn it hert fan Ljouwert en ek mei de noflike gearwurking mei it Befrijdingsfestival, in poadium dêr’t alle Liet-dielnimmers hiel graach stean wolle. De twa stichtingen hawwe dan ek ôfpraat dat se fan doel binne om de gearwurking troch te setten.

De folsleine útslach fan Liet 2012:
1. Yldau mei ‘Fjoer’: 50 punten
2. Klif: 49 punten
3. Frjemdling: 46 punten
4. The Crab Groove Alliance: 41 punten
5. Mosk: 30 punten
6. Sake: 29 punten
7. Het Struikelblok: 24 punten
8. Carla de Wal: 23 punten
9. Sjaak Weiland mei ‘Earste leafde’ 22 punten en publykspriis
10. Jan Dirk en Elsa van der Meulen: 11 punten
10. Minstrels: 11 punten

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *