Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek Frysk yn foar Mozilla Common Voice.

Wat soe it moai wêze dat dyn telefoan Frysk ferstiet en prate kin! Takomstmuzyk? Der wurdt al oan wurke en wy hawwe dyn stipe derby nedich!

Mozilla Common Voice

Mozilla Common Voice is in iepen source platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin. Spraaktechnology wurdt ynset om masines te learen hoe’t minsken sprekke yn ferskillende talen en om masines sels spraak produsearje te litten. Tink oan in soarchrobot, Siri, Google Home ensafh. Dy technology wurdt de kommende jierren hieltyd wichtiger en it is wichtich dat dy technyk ek yn it Frysk wurket.

Fryske ynsprekwike

Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan 300 oeren ynsprutsen tekst te kommen. Dochst ek mei oan de Fryske ynsprekwike fan 20 oant en mei 26 septimber? Harkje yn dy wike ek nei Omrop Fryslân radio, mei in soad omtinken foar taaltechnology en de ynsprekwike. Alle dagen wurdt fia in aksje op Omrop Fryslân radio in Google Home miny weijûn!

Hoe dochst mei?

Hast dyn tillefoan, tablet of kompjûter by de hân?

1. Gean nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari).

2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’

3. Sprek de sinnen yn. Do kinst it eventueel weromharkje foardatst it ynstjoerst. Klik op de knop ‘Yntsjinje’.

4. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’.

Do kinst fansels safolle sinnen ynsprekke of tsjekke ast sels wolst! Súkses!

Tûke trúks

  • Praat sa’tst altyd praatst. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ‘e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen.
  • Do hoechst gjin aparte mikrofoan te brûken. De ynboude mikrofoan fan dyn telefoan, tablet as kompjûter is goed genôch. It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen.
  • De betingsten fan Mozilla binne datst op syn minst 18 jier wêze moatst.
  • Do kinst derfoar kieze om in akkount oan te meitsjen, mar dat hoecht net perfoarst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar, RUG/Campus Fryslân.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek yn!