It Frysk is mear as ien taal. It is in samling fan farianten dy’t wy in ‘talefamylje’ neame kinne. Mar hoe goed kenne we eins al dy famyljeleden? Mei dy fraach reizget presintatrise Tjits van der Wal – Boersma nei alle hoeken fan it Fryske taalgebiet.
Fier yn it rûn– Boarne: Omrop Fryslân
Yn’e kunde komme mei de talefamylje
Yn Fier yn it rûn reizget Tjits troch hiel Fryslân en dêrbûten, op syk nei alle farianten fan de Fryske taal. Tink dêrby oan It Bilt, Skylge, West-Fryslân, Föhr en Sylt. Se siket sprekkers fan de taal en praat mei harren oer de skjintme en skaaimerken fan de taal, mar ek oer de steat fan de taal. Want hoefolle wurdt der eins noch mei de taal praat yn dy gebieten?
Alle farianten ta ien liet
Under de syktocht nei de farianten is Tjits dwaande mei it meitsjen fan in liet. Se hat in liet makke dy’t oerset wurdt yn de ferskate Fryske farianten. Yn de ôfleveringen siket se sprekkers fan de taal op en sjongt se mei harren de kûpletten fan it liet. Uteinlik komt hjir in hiel liet út, dêr’t ek in fideoclip fan makke wurdt, dy’t yn de lêste ôflevering te sjen is. Sa kinne alle famyljeleden meidwaan mei ien mienskiplik liet fan de Fryske taal.
De earste útstjoering fan Fier yn it rûn start op it Bilt. Tjits ûndersiket hoe’t it Biltsk ûntstien is en komt derachter dat it mear is as gewoan in mjuks fan twa talen. Dêrneist docht se as dielnimmer mei oan it Biltsk Diktee en besiket se har liet yn it Biltsk te sjongen.
Fier yn it rûn
De seis ôfleveringen fan Fier yn it rûn binne fan moandei 28 oktober ôf eltse moandei om 17.15 oere te sjen by Omrop Fryslân.
Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz! En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, wêrby’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten organisearre wurde.
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Tomke & Keimpe
It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, wat oanslút op it tema fan de Kinderboeken- week yn oktober. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje yn dat tema. Yn it boekje stean ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
It Tomke-foarlêsboekje ferskynt yn it Frysk, Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei leuke ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe- memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap!
Minyboekjes sammelje by de Poiesz
Yn de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. Alle wiken ferskine der twa nije boekjes dy’tst fergees meinimme meist by oankeap fan in griente- of fruitoanbieding. Bekende én nije skriuwers en yllustratoaren hawwe spesjaal foar dizze aksje acht prachtige boekjes makke. Op is op, dus fluch nei de Poiesz, en sammelje se alle acht!
Feest yn de biblioteek!
Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen ha in foarstelling makke oer it populêre boek ‘Lampke’. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. En hast it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Helje ’m dan gau fergees op by de biblioteek!
Oare foarlêsaktiviteiten
Op 14 septimber mei ‘Uit in Huis’ wurdt der de middeis foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert. Tusken 14.00 en 16.00 oere sil dêr troch in tal minsken foarlêzen wurde út prachtige eigenwize berneboeken.
Fierder binne yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân nije bernefilmkes te besjen en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.
It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan jonge bern.
Betinke dogge we by Omrop Fryslân dit jier mei in live útstjoering fan de provinsjale deadebetinking. Fiere dogge we de dei dêrnei, mei it Noardewyn Live poadium fan Omrop Fryslân op de Wissesdwinger yn Ljouwert. Belibje it troch derby te wêzen of sjoch it live op telefyzje.
Op 4 maaie stjoert Omrop Fryslân de provinsjale deadebetinking yn de Prinsentún yn Ljouwert live út op radio en telefyzje. Mei muzyk fan de Fryske Ambassadeur fan de Frijheid, Kaspar, en Brassband Hossanah. Fierder is Jacques Kooistra, de soan fan nazi-jager Jack Kooistra, fan de stifting Hunting Jack, oanwêzich. Boargemaster Van Haersma Buma fan Ljouwert sil in taspraak hâlde. De presintaasje komt fan Eric Ennema.
De Deadebetinking is op 4 maaie om 19.30 oere live te folgjen by Omrop Fryslân.
Omrop Fryslân op it Befrijingsfestival
We ha in jier sûnder moatten, mar Omrop Fryslân is werom mei in eigen poadium op it Befrijingsfestival yn Ljouwert. Omrop Fryslân sil mei Noardewyn Live de Wissesdwinger omtsjoene ta in muzikaal doarpsplein. De presintaasje leit yn hannen fan Willem de Vries en Eric Ennema.
Understeande nammen stean kommende snein op it poadium fan Omrop Fryslân:
14.00 oere – Nothing/Kaydee and the Goodfornothing Boys 14.45 oere – F.O.D. 15.30 oere – Bildtstar 16.15 oere – Folgas 17.00 oere – Jitiizer 17.30 oere – De Doelleazen
It Omrop Fryslân poadium is fan 14.00 oant 18.00 oere te finen op de Wissesdwinger yn Ljouwert en is online en op telefyzje live te folgjen.
Noardewyn Live op Befrijingsfestival 2017 – boarne: Omrop Fryslân
Op woansdei 24 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters besykje te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne bekende Friezen mei ûnder oare Marijke Groenewoud en Steyn Land, Yung Frysk, de Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit fan Amsterdam.
Tekst fan Gerrit Hiemstra
Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes, doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat.
“Ik woe it oer it klimaat ha”, seit Hiemstra. “Mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt derop del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”
Fan bekende Friezen oant Harkemase Boys
Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit fan Amsterdam.
Skriuw mei op woansdeitejûn 24 april
It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân.
Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t besykje om de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Kwalifisearje foar it diktee kin fan tiisdei 5 maart ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.
Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes en doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat: “Ik woe it oer it klimaat ha, mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt der op del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”
Fan bekende Friezen oant de Harkemase Boys Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne: Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit van Amsterdam.
Ek meidwaan? Minsken dy’t op 23 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 5 oant 31 maart kin elkenien online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl. Ut de bêste dielnimmers wurde tweintich kandidaten selektearre dy’t meidwaan meie oan de grutte finale yn de Steateseal.
It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.
Hoe fertaalst rou yn wurden? Twa Fryske skriuwers, Nynke Sietsma en Sytse Jansma, beskriuwe it yngripende ferlies fan in leafste. Harren ferhalen binne werkenber, harren wurden treastend foar oaren. Yn de FryslânDOK Winterswannen fan Karen Bies komme beide skriuwers oan it wurd. De útstjoering is op 16 en 17 maart, oan it begjin fan ‘e Boekewike, bij NPO2 en Omrop Fryslân.
Nynke Sietsma en Sytse Jansma
Sjoernalist en skriuwster Nynke Sietsma (1980) ferlear har soantsje Berend oan in slimme sykte, hy wie noch mar krekt fjouwer jier. Yn har boek B giet se yn dialooch mei him, besiket se te begripen wat der bart, siket se wurden om de pine en it djipste fertriet út te drukken. ‘Dit boek skriuwe wie gjin kwestje fan wolle. It moast, it wie needsaak,’ fertelt Sietsma. ‘Mei skriuwe koe ik mysels oerein hâlde.’
De freondinne fan dichter en keunster Sytse Jansma (1980) stoar op 32-jierrige leeftyd ûnferwachts oan in harsenbloeding. Mei syn dichtbondel Rozige maanvissen debutearret er yn it Nederlânsk. Dêrfoar skreau er yn ’t Frysk, mar mei Roos prate hy Nederlânsk. Jansma folget har yn deiboekfersen, eroatyske oantinkens, brieven en boartlike ‘hiernamaalsvariaties’. Hy skriuwt: ‘Ergens in taal is zij nog – in woorden die duurloos en momentenbreed ronddobberen – als rozige maanvissen.’
Winterswannen
De FryslânDOK Winterswannen (de titel komt út in gedicht fan Sytse Jansma) giet oer de treast fan taal by rou. De skriuwers fine dy net allinnich yn it skriuwen sels, mar ek yn literatuer fan oaren. Nynke Sietsma: ‘Troch te lêzen wit ik dat ik net allinnich bin. It is treastend te witten dat ik altyd dát noch haw. It draacht my.’ Sytse Jansma oer poëzy: ‘Gewoan deistich taalgebrûk foldocht net by sa’n grut ferlies. Hoe’t it echt is, dat gefoel, dy erfaring kinst der net mei útdrukke. Dêr hast poëzy foar nedich.’
FryslânDOK ‘Winterswannen’ is te sjen:
Sneon 16 maart 15.30 oere NPO2 (werhelling sneins 13.10 oere)
Snein 17 maart Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele
Yn petear oer FryslânDOK Winterswannen
Op tiisdei 19 maart om 19.30 oere gean Nynke Sietsma en Sytse Jansma yn petear mei Karen Bies nei oanlieding fan de FryslânDOK Winterswannen. Elkenien is wolkom yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. De jûn is frij tagonklik.
De film Bartele Bûse fan Omrop Fryslân Tsjil giet yn premjêre op it Cinekid Festival yn Amsterdam, it grutste film- en mediafestival foar bern yn de wrâld. It is foar it earst dat in Fryske fiksjefilm fertoand wurdt by Cinekid.
De ôfrûne moannen is der op de Omrop Fryslân Tsjil-redaksje hurd wurke oan de koarte film ‘Bartele Bûse en de kaam fan Juffer Lize’. It ferhaal komt út ien fan de klassikers fan de Fryske berneliteratuer: Bartele Bûse fan Berber van der Geest. De regisseur fan de film, Halbe Piter Claus is tige bliid mei de wurdearring: “Dat ús earste Frysktalige bernefilm daliks sa’n grut berik hat is fantastysk en soarget foar mear omtinken foar it Frysk en lêzen yn it algemien .”
Filmfestivals Bartele Bûse is talitten op it Cinekid Festival yn Amsterdam en sil dêr op tongersdei 26 oktober offisjeel yn premjêre gean. Dêrneist is der ek ynternasjonaal omtinken foar de film mei fertoaningen op it KIDS FIRST! Film Festival yn New Mexico en it Universal Kids Film Festival yn Turkije. Bartele Bûse sil ek te sjen wêze op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert.
Bartele Bûse Wannear’t in magyske kaam yn ’e hannen falt fan de behelpsume kapperssoan Bartele, groeit it hier fan alle klanten op magyske wize fan de iene op de oare dei. Mar as de situaasje út de hân driget te rinnen fanwege de habsucht fan syn heit, hat Bartele de help fan in tovener nedich om de magyske kwestje op te lossen.
Bartele Bûse is yn de krystfakânsje te sjen by Omrop Fryslân en fan 1 jannewaris ôf op Omropfryslan.nl/tsjil om te brûken yn it ûnderwiis.
Dizze tongersdei, op 12 oktober, is der tusken 14:00 en 18:00 oere yn Den Haach in rûnetafelpetear oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Meardere lidorganisaasjes fan it EBLT hawwe sprektiid en teffens in position paper yntsjinne.
foto: pixabay
Programma
Der binne fjouwer blokken fan elk in oere, mei de ûnderwerpen:
Kultuer, Wittenskip en Media
H. Rijpstra, Omrop Fryslân
J. J. Hoebe, Screen Talent Europe
M. Hospers, Explore the North
N. IJssennagger-Van der Pluijm, Fryske Akademy
Rjochtspraak
F. Dijkstra, rjochtbanktolk
A.R. Van der Winkel, Rechtbank Noord-Nederland
J. Koster, DINGtiid
B.G. Kooi, Kooi Advocaten
Underwiis
A. Merkuur, Fryske taal en kultuer Rijksuniversiteit Groningen
A. Wallinga, Drachtster Lyceum
A. P. Walsweer, lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid NHL Stenden
H. Van der Molen, Firda
S. De Boer, Sintrum Frysktalige Berne-opfang
Bestjoer
A. Brok, Kommissaris fan de Kening profinsje Fryslân
R. De Groot, Komitee fan Eksperts fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en talen fan minderheden
Wat it slavernijferline no mei ús docht. Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân
We meie op 1 july dan wol betinke dat it 150 jier lyn is dat Nederlân de slavernij yn de eardere koloanjes ôfskafte, mar hoe wurket dat ferline noch altyd troch yn ús maatskippij? Oer dy fraach organisearret Tresoar op tongersdei 22 juny in temajûn, yn gearwurking mei opinyblêd De Moanne en FryslânDOK, dokumintêreplatfoarm fan Omrop Fryslân. Op dizze jûn wolle we ûndersykje hoe ynklusyf de Fryske maatskippij no echt is. Wurket it slavernijferline noch altyd troch yn ús hâlden en dragen ten opsichte fan minsken mei in ôfkomst fan de eardere wingewesten?
(ûn)lykwurdigens
De Moanne ferskynt healwei juny mei in edysje dy’t folslein yn it teken stiet fan dit tema ûnder de paraplu fan (ûn)lykwurdigens. Yn dizze edysje lêst ûnder mear in grut artikel mei in fraachpetear mei Jaleesa Schiphorst, wichtich adfiseur foar de Pier21-foarstelling Un dia nobo – Wan nyun dey – In nije dei en bestjoerslid Comité 30 juni / 1 juli Fryslân.
Jaleesa Schiphorst is ien fan de gasten op 22 juny. (Byld: omslach Moanne, foto: Linus Harms)
slavernijferline yn Fryslân
FryslânDOK stjoert ein juny twa ôfleverings út wêryn’t sjoen wurdt nei de trochwurking fan it slavernijferline yn Fryslân. By de slavehannel tinke we gau oan VOC en WIC en ‘dus’ oan Amsterdam, mar ek yn Fryslân wennen keaplju dy’t oandielen hienen yn plantaazjes mei slavenarbeid, of seelju dy’t meiwurken oan it transport fan minsken of guod fan dizze plantaazjes. FryslânDOK praat mei ynwenners fan ús provinsje dy’t woartels ha yn dizze histoarje oer wat sa’n ferline noch altyd mei har docht. Boppedat sjogge de programmamakkers hoe’t de ekonoamyske machtsbasis dy’t yn de koloniale tiid lein waard, noch altyd hannels-ûngelikensens yn stân hâldt – wat bygelyks sichtber is yn it bakje kofje dat wy alle dagen drinke en dat noch altyd in produkt is fan ûnearlike hannel.
Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân
Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar sjogge en harkje we nei dizze ferhalen en prate dêr fierder oer. De makkers fan De Moanne en FryslânDOK skowe oan, tegearre mei gasten dy’t yn harren ferhalen foarkomme, wêrûnder Jaleesa Schiphorst. Mei har en oaren prate we oer de hâlding dy’t de maatskippij oannimt ten opsichte fan dit tema en hoe’t de media hjir in rol yn spile ha en yn spylje kinne.
De byienkomst begjint om 20:00 oere en is fergees by te wenjen. Wol freegje we dy om in plak te reservearejen yn ferbân mei de beskikberheid. Reservearje kin hjir.
Omrop Fryslân sil mei it Fryske songfestival Liet gearwurkje om te kommen ta in artyst dy’t Fryslân fertsjintwurdigje mei op it Regio Songfestival yn Utrecht. In evenemint dat no al folop lanlike bekendheid krijt.
De earste edysje fan it Regio Songfestival hat plak op sneon 4 novimber yn de Stadsschouwburg yn Utrecht. It ynstjoeringstermyn fan Liet ferskoot mei de gearwurking nei 1 augustus wêrtroch’t elkenien langer de kâns krijt om in liet yn te stjoeren.
Omrop Fryslân en tolve oare regionale omroppen organisearje mei-inoar it Regio Songfestival. Eltse omrop kin in eigen kandidaat oanleverje. De 13 ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live-optreden. De ynstek is om de dielnimmers yn de streektaal sjonge te litten. Dy talen fertsjintwurdigje nammentlik de eigenheid fan de regio.
De gearwurking tusken Omrop Fryslân en Liet is dêrmei in logyske set sizze foarsitter fan Liet Frans Veltman en einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: “Troch de gearwurking wolle we besykje it Fryske liet nei in heger nivo te tillen. Dielnimming fan de Fryske winner oan it Regio Songfestival en it optreden op in poadium dat lanlik op telefyzje en online te sjen wêze sil, kin in grutte ympuls jaan oan it Frysk liet. It soe geweldich wêze dat in Fryske dielnimmer úteinlik it festival yn Utrecht wint en lanlik by de regionale en lanlike stjoerders te hearren is. We hoopje dat dit Fryske artysten ferliede sil om mei te dwaan oan ús eigen Liet 2023 yn oktober.”
Oanmelde foar Liet én it Regio Songfestival
De finale fan Liet sil plakhawwe op tongersdei 12 oktober yn poppoadium Neushoorn. Mei dy nije, en dus eardere, datum is mear romte oant de finale fan it Regio Songfestival.
Oanmelde foar Liet kin hjir en is noch mooglik oant 1 augustus. De finale fan Liet wurdt live útstjoerd op telefyzje by Omrop Fryslân. De úteinlike winner wurdt bepaald troch in profesjonele sjuery en it publyk.