sjongfestival

Nynke Gijsen wint Frysktalige sjongfestival Sjong

Foto: Pieter de Vries

It Frysktalige sjongfestival foar jongerein, SjONG, is wûn troch Nynke Gijsen (13). De sjuery wie te sprekken oer har prachtige stim, goede sjongkwaliteiten en natuerlike poadiumpresintaasje.

Nynke song har eigen Fryske oersetting fan ‘You’ve got a friend’ fan Carole King. Se pakte ek de tredde priis by de prizen foar de bêste Fryske songteksten. Nynke komt fan Heech en sit op it Bogerman yn Snits. Se wint de Johan Bloem Bokaal, de wikselpriis fan Sjong, en in optreden yn Noardewyn Live. It festival yn Sense yn Dokkum luts 250 besikers.

De twadde priis gong nei de band Kings of Diamonds mei Jelmer Braaksma (16), Thijs de Jong (16), Carlo Salakory (17), Mart de Jong (16) en sjongeres Jantine van der West (16). De band fan it Drachtster Lyseum die in cover fan Queen. Der wienen twa tredde prizen, foar it duo Syta & Marije en solist Jente Semplonius.

Winner foar de bêste songtekst wie Ilja Dijk (17) (Liudger Raai Drachten) mei ‘Dizze Wrâld’, in tekst op it nûmer ‘Beautiful’ fan Christina Aguilera. Marije Brouwer (17) gong nei hûs mei de Sjong YouTube-priis. Har klip ‘Fyn dyn eigen wei’ fan Sjong 2013 waard mear as 4.500 kear besjoen op YouTube.

Boarne: Omrop Fryslân

Bern fan 27 skoallen litte harren sjongtalint hearre

Foto: Cedin Taalsintrum Frysk

Bern fan 27 basisskoallen litte fan hjoed ôf harren sjongtalint hearre yn de trije foarrondes fan it Sjongfestival foar Bern. Oan dat sjongfestival kinne bern út groep 6, 7 en 8 fan basisskoallen út Fryslân meidwaan. De njoggen bêste optredens fertsjinje in plak yn de grutte finale op 11 april yn de Lawei yn Drachten.

De foarrondes fine plak op 20 maart yn It Dielshûs yn Wommels, 25 maart yn Glinstra State yn Burgum en 27 maart yn It Haske op ‘e Jouwer. Alle foarrondes begjinne om 13.30 oere. De learlingen sjonge lieten dy’t skreaun binne troch profesjonele tekstdichters en komponisten. By it Sjongfestival giet it der fansels om wa’t it moaist sjonge kin, mar de sjuery sjocht ek nei hoe’t it liet op de planken setten wurdt: dûns, beweging, oanklaaiïng, it hiele plaatsje krijt in beoardieling. De sjuery fan de foarrondes bestiet dit jier út Trevor Mooijman, Jelle Bangma en Carin Seegers. Yn de finale op 11 april stride de skoallen om de wikselbokaal: De Karin de Jong-priis. Lês mear…

Finale Liet wer op Befrijdingsfestival Fryslân

LJOUWERT, 23 jannewaris 2013

De finale fan Liet, it festival foar minderheidstalen yn Fryslân, sil yn 2013 wer plakfine op 5 maaie yn Ljouwert, ûnder it Befrijdingsfestival. De bestjoeren fan beide organisaasjes sjogge mei tefredenheid werom op de earste mienskiplike edysje fan 2012 en kontinuearje harren gearwurking.

Dizze wike begjint de saneamde “call for songs” foar Liet 2013. Muzikanten kinne harren mei in eigen skreaun nûmer yn it Frysk, as ek in Fryske streektaal, oanmelde by Stifting Liet ’91. De slutingsdatum is 1 maart 2013. De sjuery fan 2013 sil útde oanmeldings in foarseleksje meitsje. Yn totaal is der romte foar 15 akts dy’t trochgean nei in seleksje-omgong op 14 april. Ferskate (ferrassende) akts hawwe yntusken al oanjûn belangstelling te hawwen (sjoch foar de oanmeldingsproseduere www.liet.nl).
Lês mear…

Reina Rodina yn Ruslân

Reina Rodina van der Meer foar Liet International nei konferinsje oer kulturele gearwurking yn Ruslân

Op útnoeging fan de Russyske kulturele stichting Russiane is de jonge Fryske sjongeres en muzikante Reina Rodina van der Meer (24) op Twadde Pinksterdei op it fleantúch stapt nei Ruslân om út namme fan Liet International mei te dwaan oan de 6de ynternasjonale konferinsje oer ‘Russysk-Slavyske kultueren en ynterkulturele ynteraksje’. De konferinsje wurdt hâlden yn de stêden Moskou en Bryansk en duorret oant 4 juny. De konferinsje is ornearre foar jong ôfstudearre talint (oant 30 jier) út de wrâld fan de keunsten út Ruslân, de buorlannen fan Ruslân en befreone lannen yn Europa om mei-inoar te praten oer saken as ‘Cultural Identity and Cross-Cultural Communication’, ‘Dialogue of cultures under Globalisation’ and ‘Creative Development of a Person through Art’.

Lês mear…

Finalisten Sjongfestival foar Bern 2012 bekend

Finale op freed 25 maaie 2012 yn De Lawei yn Drachten.

Op freed 25 maaie wurdt foar de achtste kear de grutte finale fan it twa-jierlikse Sjongfestival foar Bern hâlden yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. It Sjongfestival foar Bern is in inisjatyf fan Cedin Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân.

25 skoallen dienen mei oan de trije foarrondes fan it Sjongfestival, dy’t op 23, 24 en 26 april hâlden binne yn Wommels, op De Jouwer en yn Burgum. De sjuery, dy’t bestie út Frederik Kampstra, Marrit de Schiffart en Carin Seegers, lit ûndersteande njoggen skoallen trochgean nei de finale.

By de Boarne – Boarnburgum, mei ‘Mobyl’
Ds. Hasperskoalle – Akkrum, mei ‘Planet Earth’
’t Grovestinshof – Koudum, mei ‘In eigen húske’
De Mienskip – Bûtenpost, mei ‘Seemansliet’
Eben Haëzer – Dokkum, mei ‘Boargemaster Ikke’
De Twine – Drylts, mei ‘Pake’
It Klimmerblêd – St. Nyk, mei ‘Dûnsjen bliuwe’
De Barte – Froubuorren, mei ‘Planet Earth’
’t Finster – Warkum, mei ‘Pake’

Lês mear…

Yldau wint slagge earste Prinsetúnedysje Liet

De earste edysje fan it Fryske sjongfestival Liet yn de Ljouwerter Prinsetún waard sneontejûn wûn troch de talintfolle formaasje Yldau mei it nûmer ‘Fjoer’. De band Yldau hat twa sjongeressen mei de foarnamme Yldau; Yldau Bylsma en Yldau Hoekstra. Sy skreaunen ek nochris tegearre it winnende nûmer, dat der oer giet dat je yn it libben je hert folgje moatte. Op de fiifkoppige sjuery ûnder foarsitterskip fan Anne Zwaga makke Yldau safolle yndruk dat sy de winner waarden fan Liet 2012, op de foet folge troch de formaasje Klif en de band Frjemdling. It publyk makke, en dat is net ûngebrûklik by Liet, in hiel oare kar. Sjaak Weiland fan Minnertsgea sammele de measte stimmen mei syn mei oertsjûging brochte leafdesliet ‘Earste leafde’. Neffens de sjuery wie it nivo fan Liet 2012 ‘goed oant heech’, mei ferrassende optredens fan in grut muzikaal ferskaat. De winnende band Yldau mei fansels Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International 2012.

Read More…

 Scroll to top