Bern fan 27 skoallen litte harren sjongtalint hearre

Foto: Cedin Taalsintrum Frysk
Bern fan 27 basisskoallen litte fan hjoed ôf harren sjongtalint hearre yn de trije foarrondes fan it Sjongfestival foar Bern. Oan dat sjongfestival kinne bern út groep 6, 7 en 8 fan basisskoallen út Fryslân meidwaan. De njoggen bêste optredens fertsjinje in plak yn de grutte finale op 11 april yn de Lawei yn Drachten.

De foarrondes fine plak op 20 maart yn It Dielshûs yn Wommels, 25 maart yn Glinstra State yn Burgum en 27 maart yn It Haske op ‘e Jouwer. Alle foarrondes begjinne om 13.30 oere. De learlingen sjonge lieten dy’t skreaun binne troch profesjonele tekstdichters en komponisten. By it Sjongfestival giet it der fansels om wa’t it moaist sjonge kin, mar de sjuery sjocht ek nei hoe’t it liet op de planken setten wurdt: dûns, beweging, oanklaaiïng, it hiele plaatsje krijt in beoardieling. De sjuery fan de foarrondes bestiet dit jier út Trevor Mooijman, Jelle Bangma en Carin Seegers. Yn de finale op 11 april stride de skoallen om de wikselbokaal: De Karin de Jong-priis.

It Sjongfestival foar Bern is in inisjatyf fan Cedin Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân en wurdt ienris yn de twa jier organisearre. De Stichting Herbert Duintjes Fonds, Boersma-Adema Stichting en de Lammert Koopmans Stichting stypje it Sjongfestival mei in finansjele bydrage.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *