Twa nije (betelle) striders foar it Nedersaksysk

Fia itnijs.frl

It Nedersaksysk hat der twa beropskrêften by. Der binne ferskate organisaasjes yn Nederlân dy’t opkomme foar dy erkende streektaal. Oars as it Frysk hat dy gjin standerttaal, mar bestiet er út in grut tal dialekten. Dy wurde praat yn in grut part fan Noard- en East-Nederlân. Yn Fryslân hearre it Stellingwerfsk en it dialekt fan eastlik Kollumerlân der ek by.

Op 1 augustus is Arja Olthof begûn as streektaalfunksjonaris by it Huus van de taol, in organisaasje yn Beilen, dy’t opkomt foar de Drintske dialekten fan it Nedersaksysk. Hja folget Abel Darwinkel op, dy’t ferline jier mei in oare baan begûn is. Frou Olthof hat hjirfoar as learares Dútsk wurke. Hja sil neist taalpromoasje ek ûndersykswurk dwaan.

Hendrik Jan Bökkers is ek op 1 augustus begûn, mar dan as meiwurker by de IJsselacademie yn Swol. Hy sil dêr lesmateriaal meitsje oer it Nedersaksysk. It Nedersaksysk is gjin ferplichte skoalfak, mar guon skoallen besteegje der wol wat tiid oan. In probleem is lykwols dat der net foar alle skoaltypen gaadlik lesmateriaal is. Bökkers is muzikant en hat earder lesmateriaal oer muzyk makke. Hy is ûnder oaren bekend as sjonger fan de groep Bökkers.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.