GRINS – Studinten fan de akademyske pabo yn Grins krije Fryske les. Se folgje dy lessen bûten skoaltiid en sûnder dat der stúdzjepunten foaroer steane. De achttjin studinten hawwe sels om de lessen frege, om’t se aanst de mooglikheid ha wolle om op Fryske skoallen te wurkjen.
De akademyske pabo is in gearwurkingsferbân fan de Hanzehogeschool, Stenden, de NHL en de Ryksuniversiteit Grins. De seleksje is tige strang en de studinten moatte hurd wurkje. Se krije fjouwer jier om neist in pabo-diploma ek in universitêr diploma pedagogyk te heljen. De motivaasje is dan ek grut. De kolleezjes wurde jûn op de Stenden-fêstiging yn Grins. Frysk waard der oant no ta net oanbean.
Om’t studinten ferskate kearen fregen oft der ek in kursus Frysk te regeljen wie, hifke opliedingskoördinator Guido Holvast de dosinten Frysk fan de NHL yn Ljouwert oft se ree wienen om yn Grins les te jaan oan de akademyske-pabo-studinten. Dosint Henk Wolf hat úteinlik de taak op him naam om de studinten yn fjouwer moanne te helpen oan it foech Frysk, it offisjele papierke dat tsjûget fan geskiktheid om Fryske les te jaan op basisskoallen. De lessen begjinne op 25 febrewaris.