De Lytse Haskes yn Aldehaske behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

Sûnt maart 2017 wurket berne-opfang De Lytse Haskes mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by har eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en de lokaasje hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.

De Lytse Haskes en twatalichheid

De Lytse Haskes is in partikulier bernedeiferbliuw yn Aldehaske. Eigner Stien Ploegstra hat de lokaasje opsetten yn de skuorre fan in pleats. Der waard earst wurke mei ien berne-opfanggroep, mar ûnderwilens is dêr in twadde groep by kommen.

Sûnt 2017 wurdt der wurke mei in twatalich belied. Dat sjocht der yn de praktyk as folget út: guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan inoar te skieden, leare de bern de talen goed út inoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftiid bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Fisitaasjekommisje

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Lytse Haskes west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘In gouden momint nei’t Stien in Tomkeferhaal oer in spin foarlêzen hat. De bern harkje oandachtich, begripe it ferhaal ûnderstipe troch Stiens mimyk en yntonaasje. Kwa ynhâld past by it ‘grizeltema’ Halloween. Stien praat efkes mei de bern nei, mar it wurdt hielendal kânsryk as in tal bern it ferhaal sels nóch in kear ‘foarlêze’. Hiel goed om de bern sels sa oan it wurd te litten. Dat binne tige learsume taalmominten! Ek moai dat de bern har sa feilich fiele en sels it inisjatyf nimme.’

By it sertifisearringstrajekt kriget De Lytse Haskes begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Foto: Stien Ploegstra

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *