Tresoar bestiet fan’t jier 20 jier en om dit jubileumjier te fieren, binne der op sneon 10 en snein 11 septimber fan 11.00 oant 16.00 oere iepen dagen by Tresoar mei allerhande aktiviteiten, muzyk en geselligens. Kom del en sjoch mear fan it rike ferline fan Fryslân.
Altyd al witte wollen hokker skatten der yn de skatkeamer fan Fryslân ferburgen lizze? Dit is dyn kâns! Untdek in stikje fan dyn eigen skiednis en hokker rol dy spilet yn dyn takomst. Twa dagen grôtfol aktiviteiten dêr’tst sels yn belibbest watst allegear by Tresoar dwaan kinst.
Benijd nei dyn Fryske foarâlders of de skiednis fan dyn wenplak? Lit dy dan fernuverje troch dyn eigen Fryske ferline yn it Histoarysk Reisburo. Ek ast mear witte wolst oer de skiednis fan dy wenning bist by Tresoar oan it goeie adres. Meiwurkers litte harren persoanlike topstikken sjen en der wurde noch mear Fryske skatten ûntbleate by rûnliedingen. Doarsto it oan om dyn kennis fan ‘e Fryske literatuer te testen? Doch dan mei oan de Fryske literêre kwis! Yn de bioskoop kinst dêrnei wer efkes bykomme by koarte histoaryske fideo’s of harkje op dyn gemak nei in lêzing oer feministe Etta Palm. Bern kinne op ûntdekkingstocht troch it gebou. Wat is der allegear te ûntdekken?
Koartsein, genôch te sjen, te dwaan en te belibjen yn de skatkeamer fan Fryslân!
Kom lâns en fertel ek dyn ferhaal, want ek do bist in skat. It folsleine programma is te finen op tresoar.nl.
Tresoar bewarret it Fryske ferline en leit ferbining mei it no en de takomst. Yn septimber 2002 ûntstie Tresoar út in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Dit jier is it 20 jier lyn dat de trije organisaasjes fusearren. Op 1 oktober 2022 begjint Arjen Dijkstra as nije direkteur fan Tresoar.