Woansdei 14 septimber om 15.00 oere is de presintaasje fan ’e wittenskiplike biografy:
Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)
It earste eksimplaar sil oanbean wurde yn it ramt fan ’e Conference of Frisian Humanities oan kommissaris fan ’e kening Arno Brok.
De biografy is skreaun troch dr. Liuwe H. Westra, dy’t dêrta yn 2019 de opdracht krige fan it Feitsma Fûns – Fûûns fwar it Frysk. Hy hat 2½ jier oan ’e biografy wurke.Undersyk en skriuwen is mooglik makke troch in grut tal fûnsen, ynstânsjes en persoanen.
Tony Feitsma kaam út in Fryske famylje, mar waard grut yn ’e Wieringermar. Hja gie yn Alkmaar nei it gymnasium, studearre Frysk, Deensk en Frânsk yn Amsterdam en waard wittenskiplik assistinte, learares Frânsk, wittenskiplik haadmeiwurker en op it lêst heechlearaar Frysk. Dêrnjonken hat Tony Feitsma har hiele aktive libben yn it spier west foar de Fryske beweging. Westra beskriuwt har libben yn dy kontekst en evaluearret har bydrage oan wittenskip en beweging. Hy jout ek antwurd op ’e fraach hoe’t Tony Feitsma sa Frysksinnich waard, en jout ynsjoch yn har bysûndere karakter.
Tiid en plak: woansdei 14 septimber 2022, 15.00-16.30 oere yn it WestCord WTC Hotel, Heliconwei 52, 8914 AT Ljouwert
Utjouwer: Afûk; ynbûn; tal siden: 720; ferkeappriis: € 49,50; ISBN 978 94 93159 93 8.