Noarderleech unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap: nij fotoboek fan Evert Wilstra mei twatalige gedichten fan Jochum Rijpma

It Noarderleech is ien fan Europa’s grutste kwelders en wurdt sjoen as tige wichtige natuer foar Europa. Yn ’e rin fan ’e jierren hat fotograaf Evert Wilstra prachtige foto’s makke fan dat 4200 hektare grutte natuergebiet, dat ek ûnderdiel is fan UNESCO Wrâlderfgoed Waadsee. Jochum Rijpma lit ús fia de taal de leechte, it moaie ljocht en it nachtlik tsjuster fan it gebiet fiele.

fotograaf en dichter

Evert Wilstra (Beetstersweach, 1951) is fotograaf en âld-fierljepkampioen. Evert Wilstra lit mei syn foto’s in ympresje fan it lânskip sjen, mar ek de ferbining tusken it lânskip, de natuer en de keunst. Earder ferskynde wurk fan Wilstra yn Auke Rauwerda – afscheid van de binnenstad.

Jochum Rijpma (Bears, 1948) is eko-campingboer op de Swetteblom, taalleafhawwer en eartiids tsjoender fan tongestreakjende suvel. Unrjocht, himsels of in oar oandien, kin hy min oer. De pinne helpt him om dat wer rjocht te breidzjen. Tagelyk hat er nocht om ûnnocht om sa de fleur der yn te hâlden.

Presintaasje

De feestlike oanbieding soe plakhawwe op moandeitemiddei 11 july op it stedhûs fan Dokkum, mar wurdt op in letter momint dit jier presintearre – nei alle gedachten yn septimber. Boargemaster Johannes Kramer sil dan it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

Noarderleech, unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap
Fotograaf: Evert Wilstra
Dichter: Jochum Rijpma
Oersetting: Syds Wiersma
Utfiering: paperback
ISBN: 978 949 315 9877
Tal siden: 96
Ferkeappriis: € 17,50
www.afuk.frl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *