In moaie reklame sil op himsels dus no net mear tarikkend wêze as de organisaasje – net-kommersjele ynstellings (lykas sikehûzen) komme likegoed yn de beneaming – it Frysk fierders net brûkt yn de skriftlike en mûnlinge kommunikaasje. Oarsom telt ‘Geveltsjefrysk’ no ek mei, mar dat is net genôch. It Frysk moat in wêzentlik ûnderdiel útmeitsje fan hoe’t in organisaasje him oppenearret. Dat boadskip wurdt meijûn oan de sjuery’t dy’t op it heden gearstald wurdt; de sjueryleden wurde meikoarten bekend makke.
De sjuery makket in kar út de nominaasjes en dêrnei giet it oan mei de stimmerij. Der kin op dit stuit dus noch net stimd wurde, mar eltsenien kin wol al bedriuwen en organisaasjes nominearje: sjoch hjirre. De nominaasje moat basearre wêze op reklame-uterings fan likernôch begjin 2013 (eventueel ein 2012) oant no.
Boarne: Fryske Reklamepriis