De Fryske Beweging kaapt webside nije omrop dy’t minder Frysk nijs wol

Omrop Fryslân soe te Frysktalich wêze, neffens de inisjatyfnimmer fan in nije konkurrint foar de regionale stjoerder. De Fryske Beweging is it dêr net mei iens en wol just dat der mear Frysk yn Fryslân te sjen en lêzen is. Dêrom hat de belange-organisaasje foar it Frysk de webside fan de nije stjoerder ort.frl registrearre en trochlinkt nei syn eigen Frysktalige webside Goeie.frl. 

De konkurrint fan Omrop Fryslân soe as namme ORT FRL krije, mar wa’t no nei ort.frl ta giet komt op de side fan De Fryske Beweging út. Dêr wurket in redaksje oan it sichtber meitsjen fan de ‘rykdom fan Fryslân’. Neffens de foarsitter fan De Fryske Beweging, Sjirk Eildert Bruinsma, is in mear Nederlânsktalige stjoerder as ferfanger fan Omrop Fryslân in ‘striemin idee’. “De inisjatyfnimmer wol mear balâns yn it Fryske medialânskip. Dat wolle wy fansels ek graach. Mar dat betsjut wat ús oanbelanget dat de krante ek wolris yn it Frysk nijs bringe mei. En dat de bebuording yn treinen ek twatalich wêze kin. Net dat ien fan de bêste stjoerders fan Nederlân opdutsen wurdt.” 

Ludyk

It inisjatyf om de webside fan ORT FRL fêst te registrearjen is neffens de foarsitter ‘ludyk’, mar wol mei in serieuze ûndertoan. 94% fan de ynwenners fan Fryslân ferstiet it Frysk aardich tot hiel goed, neffens de Fryske taalatlas. Foar hast seis op de tsien ynwnners is it Frysk de memmetaal. Bruinsma: “Der liket in idee achter it inisjatyf te sitten dat Frysk prate minsken útslúte soe. Dat giet fansels net op, it Frysk is hjir de grutste memmetaal. Wêrom soene dy net yn de eigen taal nijs meikrije meie? Boppedat, as je it nijs yn it Nederlânsk meikrije wolle dan hat sels Omrop Fryslân dêr gewoan in knopke foar yn de app. Wat ús oanbelanget mei der earder noch wol in skepke Frysk boppe op.”

De Fryske Beweging

De Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Fryske Beweging is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. De stifting hat in advysried dêr’t ferskate Fryske Bewegingsorganisaasjes in sit hawwe.

Earste fiif takennings Frysk Film Fûns

Yn de earste subsydzjeronde fan it Frysk Filmfûns binne troch de ûnôfhinklike seleksjekommisje fiif útienrinnende filmprojekten selektearre foar realisaasje. Mei 7 ynstjoeringen en in totaal oanfrege budzjet fan € 210.000 waard de earste omgong rom oerfrege. De selektearre projekten ûntfange mei-inoar € 65.000 oan produksjestipe. Dy ynvestearring liedt ta in totale besteging fan mear as € 190.000 binnen de Fryske audiofisuele sektor.

selektearre Fryske koarte filmprojekten

Dit binne de selektearre projekten dy’t yn 2025 en 2026 realisearre wurde:

  • Folle lok en seine
    fan regisseur Jörgen Scholtens, senarist Job Tichelman en Makaki produktions.
  • Fuort
    fan regisseur en senarist Johanneke Dijkstra en produsint Videobrouwers
  • Niks om’e hakken
    fan makker Nelly Dansen
  • Kolletje
    fan produsint Rinskje Raap en regisseur Camiel Schouwenaar
  • Merke
    fan regisseur Rutger Veenstra en produsint Bart Dokter
Ofbylding fan GreenCardShow fia Pixabay

De kommisje bestie yn dizze omgong út: Hidde de Vries (haad-filmprogramma Cinekid), Lysbeth Jongbloed (praktor Frysk), Jurjen Enzing (koördinator Fries Film en Audio Archief), Maarten Almekinders (dramaturch Scriptbank).

Foarsitter fan de seleksjekommisje Hidde de Vries: “De vijf films vertegenwoordigen een brede thematische en stilistische spreiding, van persoonlijke verhalen tot sociaal drama, van jeugdige perspectieven tot experimentele vormen. Alle projecten zijn geworteld in de Friese context – door taal, locatie, makers of thematiek – en dragen bij aan de zichtbaarheid en versterking van het Friese filmklimaat.”

Strukturele ympuls foar de regio

It Frysk Filmfûns, oprjochte yn 2025, hat as doel Fryske ferhalen en makkers in struktureel produksjeplatfoarm te bieden. De takennings yn dizze earste omgong litte de breedte fan it regionale filmtalint sjen en befêstigje it ferlet fan doelfêste regionale stipe. Mei in sektorbesteging dy’t it trijefâldige fan it subsydzje oerstiicht, lit de regeling fuortendaliks ekonomyske én kulturele impact sjen.

Alle projecten zijn geworteld in de Friese context – door taal, locatie, makers of thematiek – en dragen bij aan de zichtbaarheid en versterking van het Friese filmklimaat.”

Foarsitter fan de seleksjekommisje Hidde de Vries

Twadde omgong

Yn omgong 2 kin der stipe oanfrege wurde foar: koarte film, de ûntwikkeling fan ambisjeuze projekten (spylfilms en searjes) en foar in production incentive foar spylfilms en searjes. De deadline foar omgong 2 fan 2025 slút op 1 oktober 2025.

In slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’

De boekoanbieding wie de kers op ‘e taart ôfrune freed yn it tsjerke fan de Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden. Wat in moaie middei belibben wy by it Literêr Sympoasium Lêze is Willewurk. In middei yn it ramt fan lêze mei muzyk én de oanbieding fan in spesjale ferhalebondel mei de titel Lêze, blinder.

Jelle Krol, earder ek by it EBLT-bestjoer, naam it earste eksimplaar yn ûntfangst! Der wie der feestlik omtinken foar Jelle Krol, spesjalist Fryske literatuer by Tresoar: hy sil dit jier mei pensjoen.

Oer de ferhalebondel

De tradysje fan koarte ferhalen is lang en ken ek yn Fryslân in rike skiednis. Dy rint fan Aldfrysk en Gysbert Japicx, fia de Halbertsmabruorren nei Simke Kloosterman oant Trinus Riemersma.

Yn dizze spesjale útjefte stean tsien ferskillende koarte ferhalen, oer mantsjes, katten en wittenskip, fan skriuwers fan no. Mei bydragen fan Jetske Bilker, Douwe Kootstra, Janneke Spoelstra, Klaas van der Hoek, Ytsje Hettinga, Bouke Oldenhof, Wieke de Haan, Doeke Sijens, Marijke de Boer en Goffe Jensma.

Dizze simmer ek lekker lêze? It boek is no te keap by alle boekhannels.

Aggie Meijer wint de Fryske Poëzyslam 2025

(flnr) Erik de Boer, Arjan Hut (presintator), Gabriëlle Terpstra, Eelke Veltman, Sigrid Kingma, Marije de Lange, Jetze de Vries, Alexander Moto, Aggie Meijer, Meindert Talma en Kesanova. Foto: Natalia Balanina

De Frysk/Biltske dichter Aggie Meijer stie mei Kesanova (Kees de Vries) yn de finale fan de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam. Yn in spannend duel namen se om bar de mikrofoan om it publyk mei har wurdkeunsten te ferlieden.

Nei’t it publyk yn it smûke Kafee De Gouden Leeuw mei blommen har foarkar foar de winner oanjûn hie, die bliken dat Aggie mei in minym ferskil ta slamkampioen útroppen wurde koe. Neist ivige rom krijt se in wikselbokaal, in sjek fan 500 euro en in bosk blommen.

Tsien dichters dienen mei oan de slam: neist de finalisten wienen dat Alexander Moto, Eelke Veltman, Erik de Boer, Gabriëlle Terpstra, Jetze de Vries, Marije de Lange, Meindert Talma en Sigrid Kingma. Nei de earste ronde gienen seis troch nei de twadde ronde en dêrfan twa nei de finale. Dichter fan Fryslân Arjan Hut wie de presintator.

Tresoar organisearre de Fryske Poëzyslam 2025.

De Folkshegeskoalle giet fierder as ‘De Folks’.

Nei in rike histoarje sûnt 1948 stappe wy mei in frisse blik en in nije namme de takomst yn!

Mei deselde wearden sette wy troch wat wy altyd al dogge: dy in plak biede dêr’tst dysels wêze meist, sûnder poespas. Dêr’tst altyd ferrikst fuortgiest. Wêr’tst besinne, moetsje en ûntdekke meist. Solo, mei freonen & famylje, dyn organisaasje, of as dielnimmer fan in kursus of retraite. Mar dan mei in namme dy’t past yn de hjoeddeistige tiidsgeast.

Freed 13 juny hawwe wy mei ús freonen, (âld) kollega’s & partners de nije namme feestlik ûntbleate. En lykas dichter Gabrielle Terpstra dy moarns spruts: “ As ik der jongere minsken nei freegje wite se net altyd wat it is, mar dan sis ik: Kom mar ris sjen. Want dat ljochtsje yn ‘e eagen fan de âldere generaasje nimme wy graach mei de takomst yn. It skoalske derôf knipt. Foar alle Folks. ”

foto: De Folks

De Gjalp: twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters

Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt. Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025.

GJALP 1 – Dichtsje by histoarysk filmmateriaal

Dichters wurde útnûge om in gedicht te skriuwen by in filmfragmint út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Ut in seleksje fan 25 films (te finen op de webside fan it FFAA) kiest de dichter in fragmint fan 2 à 3 minuten en skriuwt dêr in gedicht by. In sjuery selektearret fiif teksten op basis fan literêre kwaliteit en byhearrend byld. De teksten wurde anonym beoardiele.

De fiif selektearre gedichten wurde (mei stipe fan it FFAA) troch de dichter sels ynsprutsen en montearre ta koarte foarfilmkes dy’t fertoand wurde op it Noordelijk Film Festival. Ek binne live-optredens fan de dichters op it festival ûnderdiel fan it plan. Elke selektearre dichter krijt in honorarium fan €500 en de teksten wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne.

Meidwaan? Stjoer dyn gedicht (mei fermelding fan film en tiidkoade) foar 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com

GJALP 2 – Dyn eigen literêre projekt mei film

Foar De Gjalp wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre produksje mei film. Fan in optreden mei byld oant in koart filmsenario, fan in essay oer film oant in animaasje- eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en film yninoar gripe.

In sjuery fan literatuer- en filmkenners selektearret fiif plannen. De plannen wurde anonym beoardiele. Foar elk selektearre idee is der €500 beskikber foar in earste útwurking. Ek is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei it festival.

Ynstjoere kin oant freed 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com (Meardere ideeën ynstjoere mei!)

De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, Ensafh en dichterskollektyf RIXT, yn gearwurking mei it Noardlik Film Festival en it Frysk Film & Audio Argyf.

Nije Skriuw- en Staveringsline primêr ûnderwiis

Op tiisdei 1 july 2025 wurdt op basisskoalle ’t Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaar útrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Dé nije, ynspirearjende metoade foar Frysk skriuwen en staverjen op de basisskoalle!

De nije Skriuw- en Staveringsline is in folsleine metoade foar skoallen dy’t it Frysk in moai plak jaan wolle yn harren taalûnderwiis. De boekjes binne ûntwikkele foar de groepen 5 o/m 8 fan it primêr ûnderwiis. Bern leare mei dizze metoade net allinnich goed Frysk staverjen, mar ek frij en kreatyf skriuwen. Mei ferhalen, dialogen en ferskate stylfoarmen ûntdekke learlingen de Fryske taal op in natuerlike en útdaagjende wize.

De nije metoade befettet lesmateriaal dy’t sawol de kreativiteit as de taalfeardigens stimulearret. Foar de learkrêft is der in praktyske hantlieding by makke. De Afûk hat hjirmei in tagonklike metoade ûntwikkele mei oandacht foar kreatyf en fantasyryk skriuwen en de staveringsregels. Dat jout in stevige basis foar it Frysk skriuwûnderwiis. Dizze nijste metoade slút oan by de belibbingswrâld fan bern én de easken foar it Frysk op skoalle.

Der binne fjouwer omdraai-wurkboeken ûntwikkele mei oantreklike opdrachten en oefeningen. Yn alle boekjes steane oan ’e iene kant seis lessen kreatyf skriuwen en oan ’e oare kant seis lessen stavering. Alle lessen binne neffens in fêst stramyn opboud en biede in praktyske en effisjinte metoade foar de masters en juffen. De boekjes binne te bestellen yn de websjop fan de Afûk.

Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’

De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf.

Lês de ferhalen oer it famke Poike, dy’t bûten boartsje it moaiste fynt dat der is. Poike hat altyd de bûsen fol. Mei wûnderbaarlike of gewoan moaie, grutte en lytse skatten. By elk fan dy skatten heart in ferhaal en dy ferhalen fertelt Poike oan har bêste freon op fjouwer poaten: har hûn Bijke.

Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm – allegear kinne it bûseskatten wêze! Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten omstrune om skatten te ûntdekken en te sammeljen?

Gean dizze simmer op ’en paad mei dit moaie boek: net allinne in (foar)lês- en sjochboek, mar boppedat in dochboek!

Boekgegevens De bûseskatten fan Poike

  • Auteur: Reina&Greetje
  • Yllustraasjes: Barbara de Ruiter
  • Utfiering: ynbûn en mei ilestyk
  • ISBN: 978 949 331 861 8
  • Ferkeappriis: € 15,95
  • Tal siden: 80
  • Leeftiid: 4+
  • websjop.afuk.frl

Oprop Tresoar Fellow 2026

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom. Alle ynteressearren foar de 2026-ronde kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.

Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar freed 7 novimber 2025 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.

Mear ynformaasje oer it Fellowship is te finen fia de link ûnder dit berjocht. Ast ​​fragen of opmerkings hast, noegje wy dy út foar in online ynformaasjegearkomste foar de Fellowship 2026 op tongersdei 3 july 2025 om 16.00 oere.

Tresoar

Betingsten

  • De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2015)
  • Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
  • De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
  • De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
  • By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte

Haadtema’s

Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út:

  1. Fryske skiednis
  2. Fryske literatuer
  3. Fryske kultuer

It ûnderwerp fan de Fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.

Stipendium

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkiesde fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1500. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp-er oantsjutten wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is dêroan mei te wurkjen).

Kritearia

Kandidaten foar de Fellow wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relevânsje foar ien fan neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje. De sjuery let dêrby op de neikommende kritearia:

a. Kwaliteit ûndersiker, dat moat bliken dwaan út in cv en in publikaasjelist

b. De helberens fan it projekt

c. It ynnovative en kreative karakter

d. Oft it ûnderwerp oansprekkend is foar in breder publyk

e. Wittenskiplike relevânsje fan it útstel

f. Maatskiplike relevânsje fan it útstel

Fasiliteiten

  • Tresoar stelt ûnder de normale kantoaroeren in fleksplak ta beskikking as dat winsklik is en biedt ûndersyksfasiliteiten yn argiven
  • Fan Tresoar út wurdt in begelieder/kontaktpersoan oanwiisd

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de fellowship en de ynformaasjegearkomste op tongersdeitemiddei 3 july is te finen by Tresoar.

Meartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk

Op tongersdei 5 juny waard op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert troch mbû-studinten in bysûnder meartalich glês yn lead keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio.

Foto: Arcadia

Wat betsjut taal en kultuer foar dy?

Dy fraach stie sintraal yn it keunstprojekt fan Wy binne mbû. Foar dat projekt leveren goed 200 mbû-studinten en dosinten fan Aeres MBO en Firda wurden oan yn harren eigen taal. Yn totaal binne 416 wurden sammele, yn mar leafst 14 talen – fan Nederlânsk en Frysk oant Oekraynsk, Arabysk, Fjetnamees en Tigrinya. Wurden oer û.o. identiteit, komôf en ferbûnens.

Nei’t it projekt yn oktober 2024 by de jierlikse Ynspiraasjedei Wy binne mbû presintearre waard, binne studinten fan ferskate opliedings lykas Bloem & Styling, Entree, Travel & Hospitality, ISK, Kinderopvang en Onderwijs, NT2 en Veehouderij yn ferskate gearstallings yn petear gien nei oanlieding fan boppesteande fraach. Alle dielnimmers waarden stimulearre om ta de kearn te kommen en de foar harren wichtichste wurden op glês fêst te lizzen yn in workshop fan glêskeunstner Nanda Vandeberg.

It resultaat is in bysûnder meartalich glês yn lead keunstwurk, besteande út acht panielen dêr’t taal en byld yn by inoar komme. Elk paniel befettet in part fan it gedicht, spesjaal skreaun troch de dichters Marrit Jellema en Arjan Hut, dat ynspirearre is op de ynstjoerde wurden en workshops. Ek de unike wurden fan de studinten en dosinten komme werom yn dizze kleurrike panielen. In prachtich resultaat fan in ferbinend meartalich projekt!

Wy binne mbû

“Wy binne mbû” is in gearwurking tusken Afûk , Firda en Aeres en is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. It hat as doel de posysje fan it Frysk yn it mbû te fersterkjen.