Pjutte-opfang De Veenscheiding fan Ychtenbrûge hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ foar trije jier ferlinge. De lokaasje fan Doomijn wurket sûnt 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn 2017 hawwe sy dêr it sertifikaat foar behelle. Om ‘e trije jier wurdt der op ‘e nij besjoen oft lokaasjes noch altyd neffens de rjochtlinen wurkje. By De Veenscheiding wie dat yn oarder en it sertifikaat is wer foar trije jier fertsjinne.
By it sertifisearringstrajekt krijt pjutte-opfang De Veenscheiding begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.