Ried Fryske Beweging sil yngeand reorganisearje

Nei alle gedachten hâldt de Ried fan de Fryske Beweging op mei in koepelorganisaasje te wêzen foar in griemmank oan organisaasjes. Dy bliuwe wol belutsen fia in advysried. Mar de Ried wol ek folle mear enerzjy stekke yn de gearwurking mei oare organisaasjes dy’t relevant binne foar Fryslân, de Friezen en it Frysk. Dêr wurdt in Mienskipskommisje foar opset. Dat is yn neifolging fan de suksesfolle Politike Kommisje, dy’t oan de widze stien hat fan it hjoeddeistige omtinken foar it Frysk yn de polityk.

lês mear op It Nijs

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *