Sipke komt op stoom

Op tongersdei 16 febrewaris presintearje útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn gearwurking mei it Ir. D.F. Woudagemaal in nij unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke komt op stoom. Skreaun troch Lida Dykstra, mei yllustraasjes fan Harmen van Straaten.

Der is wurk oan ’e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.

Woudagemaal

Sonja Hylkema, fan it Ir. D. F. Woudagemaal: ‘Fanwegen it sukses fan de Sipke-boekjes by ús yn de winkel kamen wy op it idee om in unyk Sipke-boekje oer it Woudagemaal te meitsjen. Wy ha doe kontakt opnaam mei de Afûk en frege oft dat mooglik wie. De Afûk wie fuortendalik entûsjast oer dat idee en hat kontakt socht mei útjouwerij Rubinstein en it fierder yn gong setten. Wy binne bliid dat it Lida Dykstra slagge is om in tige nijsgjirrich, ynformatyf en grappich boekje oer it Woudagemaal te meitsjen en ha der alle fertrouwen yn dat it in grut sukses wurdt.’

Presintaasje

De presintaasje fynt plak op tongersdei 16 febrewaris om 09.45 oere by it Ir. D.F. Woudagemaal op ’e Lemmer. DB-bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân – Annet van der Hoek – sil yn oanwêzichheid fan groep 5/6 fan CBS Eben Haëzer út Eastersee de earste twa eksimplaren oanbiede oan Wachtchef Rein Couperus en Wachtchef Marcel de Jong.

Boekgegevens

  • Sipke komt op stoom
  • Skreaun troch: Lida Dykstra
  • Yllustraasjes: Harmen van Straaten Utfiering: ynbûn
  • ISBN: 978 90 47629511
  • Ferkeappriis: € 9,99
  • www.afuk.nl
  • www.rubinstein.nl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *