Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’

In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.

‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, wêrby’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd ‘kuieren’.

Yn it ferlingde fan Bosk, dêr’t Linda seach hoe’t bern genieten en boarten tusken de beammen fan it kuierjende bosk, nimt se ús mei op aventoer. Sy stelde harsels de fraach: “Hoe kin ik de ynspiraasje, de ferwûndering en de ynformaasje fan Bosk as byldmakker fêstlizze en trochjaan oan jonge bern en harren âlden en pakes en beppes?”

Yn dit fantasyfolle printeboek folgje wy Simke, dy’t mar ien grutte winsk foar har jierdei hat: in beam yn ’e strjitte. Sy skriuwt in brief oan de boargemaster en wachtet ôf. As sy in pear dagen letter wekker wurdt, stiet de strjitte fol mei beammen. Wat in geweldich kado! De hiele strjitte komt ta libben: in keunstner fertelt oer de kleuren en de foarmen fan de beammen en de blêden, heit lêst foar op it balkon, der wurde beamhutten boud en bern boartsje ferstopperke. Simke soe o sa graach wolle dat it bosk foar altyd yn har strjitte bliuwt, mar kin dat wol?

By útjouwerij Ploegsma yn Amsterdam is tagelyk de Nederlânske ferzje ferskynd ûnder de titel: ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’.

Presintaasje/foarlêze:

Op freed 29 maart (Goedfreed) fan 14.00 – 15.00 oere lêst Linda de Haan foar út har nije boek, spesjaal foar bern fan 4 oant 7 jier. Dat fynt plak yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Ek wurdt dêr mei de bern noch in aktiviteit organisearre: sy sille mei Linda de Haan in eigen boekje meitsje. Elkenien is fan herten wolkom!

Boekgegevens

  • Titel: Ik wol in bosk op ’e jierdei
  • Auteur en yllustrator: Linda de Haan
  • Utfiering: hurd kaft
  • ISBN: 978 949 331 8267
  • Ferkeappriis: € 16,99
  • Utjouwer: Afûk
  • www.websjop.afuk.frl

Kedogies veur de commissaris

Jessica Bonnema oet Assen schref Kedogies, een dichtbundel veur kinder.

Een bezundere prissentatie oflopen dönderdag bij het Huus van de Taol in Beilen. Jessica Bonnema oet Assen hef heur eerste dichtbundel veur kinder schreven. In het boekie met de titel Kedogies staot gedichten in het Drents en Nederlaands. De jonge vörmgeefster Nikki Roosma oet Möppelt hef der prachtige illustraties bijmaakt.

Foto: Huus van de Taol. V.l.n.r.: schrijfster Jessica Bonnema, CvK Jetta Klijnsma, illustratrice Nikki Roosma

Dönderdag 7 meert kreeg oeze commissaris van de Keuning, Jetta Klijnsma, de allereerste Kedogies. In het boekie stiet ok een QR-code, die naor geluudsopnames van de gedichten leidt. Céleste, Joy, Mans en Thom hebt de teksten insproken en zij waren ok bij de boekprissentatie um de gedichten veur te dragen.

De prissentatie weur nog feestelijker deur zangeres Martijje. Zij zung een koppel liedties die mooi bij de dichtbundel past.

Kedogies is te koop veur € 19,50 bij de boekhandel en bij het Huus van de Taol.

https://huusvandetaol.nl/product/kedogies-jessica-bonnema-en-nikki-roosma/

Foar alles in ferske! in ferskeboek foar pjutte-opfang en ûnderbou primêr ûnderwiis

Op 1 maart ferskynt by Utjouwerij Afûk it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ fan Clara Rullmann. It boek befettet tolve nije ferskes en ferhaaltsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. De ferskes binne makke foar gebrûk op de berne-opfang en yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis, en geane oer ûnderwerpen dy’t dêr deistige praktyk binne, lykas opromjen, iten, jierdei wêzen en grutter wurden. De feestlike presintaasje fan it boek is op 29 febrewaris by ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema.

De ferskes

Clara Rullmann skreau tolve ferskes oer ûnderwerpen dy’t ticht by de belibbingswrâld fan jonge bern steane. Pedagogysk meiwurkers en learkrêften yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis hawwe meitocht oer de ûnderwerpen en de nije ferskes ek yn de praktyk úttesten. Doel wie dat de ferskes jonge bern oanmoedigje om mei te dwaan en te bewegen. Clara: “Muzyk is ûnmisber yn ’e ûntwikkeling fan jonge bern. Troch meimekoar te sjongen en te dûnsjen stimulearrest de taalûntwikkeling, en hast tagelyk in hiel soad wille!”

Njoggen bern, learlingen fan ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema en dielnimmers oan it Berne- iepenloftspul, songen de ferskes yn by Sytse Broersma fan Noorderzon Muziekproducties, ûnder lieding fan Joke Krist. De arranzjeminten fan de ferskes binne makke troch Peter van der Zwaag.

It boek

Yn it boek steane de tolve ferskes en tolve bypassende ferhaaltsjes op rym. It boek kin ûnder it sjongen en fertellen rjochtop delset wurde, sadat de bern de prachtige yllustraasjes fan Marijke Klompmaker ek besjen kinne. By alle ferskes en ferhaaltsjes wurde praat- en aktiviteitetips jûn dy’t passe by it tema. Mei in QR-koade yn it boek komst by de online lokaasje dêr’t de ferskes te belústerjen binne en ek de blêdmuzyk downloaden wurde kin. It boek is makke mei subsydzje fanút it Taalplan Frysk. Pjutte-opfanglokaasjes en learkrêften yn de ûnderbou kinne it boek fergees oanfreegje fia www.tomke.frl.

De presintaasje

Op 29 febrewaris 2024 om 13.30 oere is de presintaasje fan it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ op ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema. Clara Rullmann sil dêr it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst nimme, tagelyk mei de bern dy’t de ferskes ynsongen hawwe. Foarôfgeand oan de presintaasje fersoargje Willy van Assen en Wytske Bouwma in clinic, dêr’t sy yn sjen litte hoe’t it boek en de ferskes ynset wurde kinne. Oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen koene de ôfrûne tiid al meidwaan oan in winaksje om ek sa’n clinic te bemachtigjen. Yn totaal wurde der tsien clinics weijûn.

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: Gozert

It prachtige bekroande berneboek Gozert, skreaun troch Pieter Koolwijk, is no oersetten nei it Frysk troch Rymke Zijlstra. De boekpresintaasje is op woansdei 7 febrewaris, tagelyk mei de premjêre fan de teäterfoarstelling ‘Gozert’ foar basisskoallen, spile troch Jeugdtheater Frets.

Yn gearwurking mei Utjouwerij Afûk is Rymke Zijlstra frege om de Fryske oersetting te fersoargjen. Rymke hat mei in soad wille oan dizze oersetting wurke.

“It ferhaal fan Gozert is prachtich en hat in belangryk boadskip. Ik bin bliid dat bern de kâns krije om dat moaie boek no ek yn it Frysk te lêzen.” 

Rymke Zijlstra 

Yn 2021 waard Gozert bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Om’t de teäterfoarstellingen yn Fryslân yn it Frysk opfierd wurde, ûntstie it idee om it berneboek ek oer te setten.

  • Auteur: Pieter Koolwijk
  • Oersetter : Rymke Zijlstra
  • Yllustrator: Linde Faas
  • ISBN : 9789493318243
  • Siden : 256
  • Taal : Frysk
  • Utjouwer: Afûk
  • Priis: €16,99

Nije Europeeske subsydzje foar Mercator Kennissintrum yn Ljouwert

It Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, hat op ’e nij in Europeeske subsydzje takend krigen. Mei dizze stipe út it Erasmus+ programma foar ûnderwiis & training, jeugd en sport, sil Mercator it projekt Read with MEE koördinearje, dat as doel hat om lêsfeardigens by jonge meartalige bern te stimulearjen en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen. It projekt wurdt útfierd yn oparbeidzjen mei partners út Fryslân (NHL Stenden Hegeskoalle en 8D Games), Ierlân, België en Spanje.

Read with Multilingual Early Education (Read with MEE)

Oan ’e ein fan desimber set it Europeeske projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) útein. Read with MEE wol de belangrike lêsfeardigens by jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld) stimulearje en lykweardige edukative kânsen kreëarje. De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern.

It projekt hat as doel om a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens, b) ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús te stypjen, en c) in positive hâlding te ûntwikkeljen wat taalferskaat en thústalen oangiet.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sil dit nije Erasmus+ projekt koördinearje. Partners yn it projekt binne ATiT (België), NHL Stenden  Hegeskoalle (Ljouwert), 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco (Spanje).

Read with MEE wurdt stipe troch de Europeeske Uny mei in bedrach fan €400.000,-.

foto: Pixabay

Oer Mercator en de Fryske Akademy

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Fan septimber 2023 oant septimber 2024 fiert de Fryske Akademy it 85-jierrich jubileum.

By de Afûk is ferskynd: De Freon, fan I.E. Bloem

By Utjouwerij Afûk is in nije jeugdroman fan I.E. Bloem ferskynd: De Freon. In feest! Dat is wat Jeroen en syn freonen yn coronatiid wol brûke kinne. En wêr kin soks better as yn it bosk, dêr’t fierder gjinien him yn it donker sjen litte sil. Hielendal net no’t soks ferbean is fanwegen de jûnsklok.

Emma komt fansels ek. It is dan wol út tusken har en Jeroen, mar se wol withoegraach werris útgean mei har freondinnen, seker no’t se dy krekt har grutte geheim ferteld hat. Samira wit ûnderwilens noch net oft se wol nei it feest ta mei. En hiel feilich is it ek net. Want hoe sit dat mei dy oanrander? It gefaar loert tusken de beammen…

De Freon is de tredde Young Adult-roman fan I.E. Bloem. Mei It neidiel fan ’e twivel wûn de skriuwer yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Fryske jongereinboek.

Boekgegevens De Freon

  • Auteur: I.E. Bloem
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 94 93318199
  • Ferkeappriis: € 17,50
  • Leeftiid: 12-15 jier
  • Afûk
  • www.websjop.afuk.frl

By de Afûk is ferskynd: Omke Ûle sjocht stjerren fan Paul van Dijk

Omke Ûle wol hiel graach nei de romte. Neefke Eppy wit wol rie, hy bout foar omke in raket. Mar de raket docht net wat omke wol. Krekt as alles mislearret, komt der help út ûnferwachte hoeke. In waarm ferhaal oer freonskip en it neijeien fan dyn dreamen foar bern fan 2 oant 6 jier.

‘Omke Ûle sjocht stjerren’ is it twadde prachtige en kleurrike printeboek oer Omke Ûle en syn neefke Eppy. Yn 2020 ferskynde ‘Omke Ûle past op’

Boekgegevens:

  • Omke Ûle sjocht stjerren
  • Auteur en yllustraasjes: Paul van Dijk
  • Utfiering: hurd kaft
  • ISBN: 978 949 3318182
  • Ferkeappriis: € 14,50 www.websjop.afuk.frl

By de Afûk is ferskynd: De groep fan mees bok fan Lida Dykstra

Op Freed 20 oktober binne de earste eksimplaren fan de prachtige nije boekesearje ‘De groep fan mees bok’, foar begjinnende Frysk-lêzers, oanbean oan de bern fan groep 3-4 fan CBS De Oanrin yn Twizel. De rige fan fiif nije boekjes binne skreaun troch Lida Dykstra en mei yllustraasjes fan Ina Hallemans. Earder binne se útbrocht yn it Nederlânsk (De klas van Mees Bok) en dêr is no in Fryske oersetting fan makke.

Boekerige

Yn elts diel fan de rige stiet in oar bistke út de groep fan mees bok sintraal. De dielen binne los fan elkoar te lêzen en binne skreaun op it nivo fan begjinnende Frysk-lêzers. De dielen slute allegearre oan op in seizoen fan it jier, sa is de ynhâld aktueel troch it jier hinne.

Derneist binne de boekjes ek tige geskikt om as toaniellêsboekjes yn te setten. Dat hawwe de bern fan De Oanrin sjen litten troch ‘de hut fan Das’ te meitsjen wylst Lida Dykstra mei de groep it ferhaal lies. Geandewei it ferhaal ûntstie der in prachtige hutte dêr’t alle bisten, spile troch in tal learlingen út groep 3-4, op harren eigen wize in bydrage oan leveren.

De skriuwster is tige wiis en grutsk dat de boeken der binne en fynt it wichtich dat der ek foar de begjinnende lêzer yn it Frysk goeie materialen binne.

“Mei dizze searje is der foar it earst in rige kleurige boeken om it begjinnend lêzen yn it Frysk foarm te jaan.”

Lida Dykstra

Yn de rige binne de folgjende fiif boeken ferskynd:

Foto: Afûk

Pas op, baarch!

Baarch fynt in hiel bysûndere pin. Hy makket allegear prachtige tekeningen. Dat is leuk! Mar as er in enge foks tekenet… Dan blykt dat syn tekeningen begjinne te libjen!

Knyn yn de put

Knyn wol graach in kado oan Mees Bok jaan. Se giet op syk yn de bosk. In lekkere nút of in moaie bloeiende tûke? As se in hege tûke plôkje wol, falt se yn in âlde put. Wat no?

Pup giet te fier

Mees Bok giet mei de groep nei it strân. Se bouwe in kastiel fan sân, genietsje fan de sinne en Mees Bok docht in knipperke. Se ha net yn ’e gaten dat Pup mei syn flot fierstente fier de see yn driuwt. Mei-elkoar kinne se Pup krekt op ’e tiid rêde.

Laam, wat bist tûk!

Mees Bok is siik! Hy hat it sop fan in din nedich, mar dat is op! Laam beslút om it op te heljen yn de bosk. Mar dêr leit in berch snie. De freonen geane mei. Soe it se slagje om de beam te finen en op ’e tiid wer thús te kommen?

De hut fan Das

Das bout in hut en yn dy hut is hy de baas. Mar de oaren meie der ek yn. Se nimme allegear wat mei en as der ek noch in fee lânskomt, wurdt it hielendal feest.

Boekgegevens De groep fan Mees Bok

  • Auteur: Lida Dykstra
  • Yllustrator: Ina Hallemans
  • Utfiering: hardcover
  • Tal siden: 29
  • Taal: Frysk
  • Ferkeappriis: € 9,95
  • www.websjop.afuk.frl
  • Pas op, baarch!
    ISBN: 978 949 3318113
  • Knyn yn de put
    ISBN: 978 949 3318120
  • Pup giet te fier
    ISBN: 978 949 3318151
  • Laam, wat bist tûk!
    ISBN: 978 949 3318144
  • De hut fan Das
    ISBN: 978 949 3318137

Fryske film Bartele Bûse talitten op it Cinekid Festival

De film Bartele Bûse fan Omrop Fryslân Tsjil giet yn premjêre op it Cinekid Festival yn
Amsterdam, it grutste film- en mediafestival foar bern yn de wrâld. It is foar it earst dat in
Fryske fiksjefilm fertoand wurdt by Cinekid.

De ôfrûne moannen is der op de Omrop Fryslân Tsjil-redaksje hurd wurke oan de koarte film ‘Bartele Bûse en de kaam fan Juffer Lize’. It ferhaal komt út ien fan de klassikers fan de Fryske berneliteratuer: Bartele Bûse fan Berber van der Geest. De regisseur fan de film, Halbe Piter Claus is tige bliid mei de wurdearring: “Dat ús earste Frysktalige bernefilm daliks sa’n grut berik hat is fantastysk en soarget foar mear omtinken foar it Frysk en lêzen yn it algemien .”

Filmfestivals
Bartele Bûse is talitten op it Cinekid Festival yn Amsterdam en sil dêr op tongersdei 26 oktober offisjeel yn premjêre gean. Dêrneist is der ek ynternasjonaal omtinken foar de film mei fertoaningen op it KIDS FIRST! Film Festival yn New Mexico en it Universal Kids Film Festival yn Turkije. Bartele Bûse sil ek te sjen wêze op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert.

Bartele Bûse
Wannear’t in magyske kaam yn ’e hannen falt fan de behelpsume kapperssoan Bartele, groeit it hier fan alle klanten op magyske wize fan de iene op de oare dei. Mar as de situaasje út de hân driget te rinnen fanwege de habsucht fan syn heit, hat Bartele de help fan in tovener nedich om de magyske kwestje op te lossen.

Bartele Bûse is yn de krystfakânsje te sjen by Omrop Fryslân en fan 1 jannewaris ôf op Omropfryslan.nl/tsjil om te brûken yn it ûnderwiis.

Foarlêsbus jout startsein foar Lês-mar-foar-wiken

Fan 11 oant en mei 29 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling. Hielendal foar in minderheidstaal as it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar-foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje en foar bern fan 4 o/m 8 jier ferskynt der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Foar de grutte minsken is der in spesjale edysje fan it tydskrift heit&mem. Ek yn de biblioteken is ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk en dêr wurde alderhande foarlêsaktiviteiten organisearre. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken op de spiksplinternije website: www.lesmarfoar.frl.

Foarlêsbus fan Arriva

Op tiisdei 12 septimber sil it startsein foar de Lês-mar-foar-wiken jûn wurde mei in echte Tomke&Keimpe-foarlêsbus! Om 11.00 oere rydt de bus fan Arriva it plein op fan IKC Toermalijn yn Frjentsjer, en dêrnei wurde de bern fan de pjutte-opfang en de ûnderbou foarlêzen yn de bus troch in echte bussjauffeur. Dat wurdt in wier foarlêsfeestje! De foarlêsbus rydt mei de Lês-mar-foar-wiken troch de provinsje en docht dêrby ek noch in tal oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen oan.

Nij Tomke-boekje

Op de pjutte-opfang wurdt foarlêzen út in nij Tomke-boekje, dat dit jier as tema ‘wetter’ hat. It boekje hjit: ‘Lekker spatterje!’ en sit grôtfol moaie ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. Dy geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: elkoar wietspuitsje, blomkes wetter jaan en lekker boatsjefarre. Alle pjutte-opfanglokaasjes, bernesintra en dielnimmende gastâlden hawwe in foarlêspakketsje krigen, mei dêryn boekjes en in lesbrief mei foarlêstips. Nei it foarlêzen krije alle pjutten in boekje mei nei hûs. It Tomke-boekje ferskynt dit jier ek yn it Stellingwerfsk, Biltsk én foar it earst ek yn it Franekers.

Nij Keimpe-boekje

Keimpe de Krokodil wol, krekt lykas Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Foar bern fan 4 oant en mei 8 jier leit dêrom yn de biblioteken in fergees nij Keimpe-boekje klear, ‘By ús thús’. Yn dat boekje sitte ferhaaltsjes en spultsjes oer bygelyks in hutte bouwe yn ’e keamer, útfanhûzje by beppe en nei de romte. Alle skoallen krije it boekje en de bybehearrende lesbrief tastjoerd, en kinne it Frysk (foar)lêzen dêrmei in ekstra stimulâns jaan.

Ekstra heit&mem

Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in ekstra edysje fan de heit&mem. Mei ûnder oaren prachtige foarlêsferhalen, in ynterview mei skriuwster Annet Schaap oer de Fryske oersetting fan

‘Lampje’, en de moaiste berneboeken en foarlêstips foar bern fan alle leeftiden. De heit&mem Lês- mar-foar-edysje wurdt útdield op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen.

Feest yn de biblioteek!

Yn de biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen. Janneke Brakels sil sjonge en muzyk meitsje mei de pjutten en mei Willy van Assen fan Danswil kin der lekker dûnse wurde yn har nije foarstelling. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Grutte minsken kinne yn de biblioteek de spesjale Lês-mar-foar-edysje fan it tydskrift heit&mem ophelje. En hast it nije Tomke- temaboekje of Keimpe-boekje noch net? Dat is ek te krijen yn de biblioteek!

Oare foarlêsfeestlikheden yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’

Yn it programma ‘Tsjil’ fan Omrop Fryslân binne – op telefyzje én online − wer hagelnije Tomke- aventoeren te besjen en dêrneist ek noch fjouwer filmkes fan besteande Fryske printeboeken. Op Tjitsfloch fan Omrop Fryslân binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren!

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.