Geartsje Douma skriuwt al 25 jier Fryske ferskes, gedichtsjes en ferhaaltsjes foar jonge bern. Ta eare dêrfan ferskynt hjoed in prachtige feestlike jierdeikalinder mei in seleksje fan har wurk. Foar alle moannen is der wat keazen dat krekt past by de tiid fan it jier.
Op de kalinder binne by alle gedichtsjes en (opsis-)ferskes prachtige yllustraasjes te sjen. Se binne makke troch Linda de Haan, Mirjam van Houten, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Karin Carolina Poiesz en Froukje Reitsma. Fia in QR-koade binne de ferskes te belústerjen en der wurde by alle moannen bypassende lês-, sjong-, doch- of praattips jûn. In fleurige kalinder, om it hiele jier troch fante genietsjen; op ’e pjutte-opfang, op skoalle of thús! De jierdeikalinder is fan hjoed ôf oan te keap by de Afûk yn de winkel en fia de websjop.
Op 28 febrewaris waard it earste eksimplaar fan de kalinder kado jûn oan Geartsje Douma, dy’t ek nochris op dizze dei har jierdei hat. Spesjaal dêrfoar wie der in feest-foarlêsmoarn organisearre foar pjutten yn de Afûk winkel yn Ljouwert. Der waard foarlêzen, muzyk makke en fansels taart iten.
Gegevens Jierdeikalinder mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma

- Auteur: Geartsje Douma
- Yllustraasjes: Linda de Haan, Mirjam van Houten, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Karin Carolina
- Poiesz en Froukje Reitsma
- ISBN: 978-94-93318-49-6
- Ferkeappriis: € 9,95
- websjop.afuk.frl