Lansearring ynteraktive Keimpe-sykplaat op CBS It Fûnemint

Tegearre mei IVN (Instituut Voor Natuureducatie) hat de Afûk in nije ynteraktive sykplaat ûntwikkele fan Keimpe de Krokodil, oer it tema ‘greide en boulân’. Yn dy sykplaat komme in soad fûgels foar, lykas de ljurk en de skries, mar ek wurden lykas aaisykje en neisoarch komme oan bod. Mei de ynteraktive sykplaat wolle IVN en de Afûk bern bewust meitsje fan al it libben yn de greiden en boulannen fan Fryslân. Boppedat leare bern sa op in boartlike wize de Fryske wurden.

“It is dochs te gek dat bern wol witte watfoar bisten der yn de jungle yn Afrika libje, mar net de fûgels yn harren eigen omjouwing kenne?”, seit Pyke Kroes fan IVN. “Mei de sykplaat wolle wy dêr op in boartlike wize feroaring yn bringe, tegearre mei Keimpe.” Keimpe de Krokodil belibbet syn aventoeren yn it Frysk. Hy is gek op lêzen, want troch te lêzen kinst de moaiste aventoeren belibje en alderhande dingen ûntdekke.

Lansearring mei Eke Folkerts

De lansearring fan de nijste ynteraktive sykplaat mei Keimpe de Krokodil is op tongersdei 13 juny 2024. Om 12.30 oere sil deputearre Eke Folkerts op CBS It Fûnemint yn Wommels de sykplaat by de skoalbern lansearje. Folkerts giet mei de bern fan groep 1a op ’e siik nei de ôfbyldingen op de plaat by 20 Fryske wurden dy’t passe by greide en boulân. De groep hat foarôfgeand oan dizze dei ek it ‘ontdekpad’ dien fan Pykje Fjouwer en opdrachten makke by it ferhaal, dus sy sitte al hielendal yn it tema natoer.

Keimpe de Krokodil

Bern fan 4 oant en mei 8 jier kenne Keimpe miskien al. Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, thús en op skoalle. Hy helpt by it Frysk lêzen en it fergrutsjen fan de Fryske wurdskat. Der binne al 35 ynteraktive sykplaten mei Keimpe makke oer alderhande tema’s. Op de sykplaten speure de bern nei ôfbyldingen by Fryske wurden en fansels hat Keimpe de Krokodil himsels ek ferstoppe yn de plaat. Alle sykplaten binne te finen yn de metoade Spoar 8 . Keimpe hat ek syn eigen sykboek: Wêr is Keimpe?.

De nijste ynteraktive Keimpe-sykplaat ‘Greide en boulân’ is foar de learkrêften fan basisskoallen te finen yn de metoade Spoar 8 en foar elkenien op: www.keimpe.frl.

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Kwek kwek minemyn’ fan Hindrik van der Meer

Underweis op ’e fyts fan syn wenplak Goaiïngea nei syn wurk as muzyklearaar oan pabo ‘De Him’ yn Snits betocht Hindrik van der Meer faak de teksten foar de berneferskes dy’t er skreau foar de Fryske skoalradio. En dy ferskes waarden omraak songen, want wa is der net grut wurden mei Bijke, Kees Kikkert, Flip flap flinterke… en al dy oare ûnferjitlike ferskes.

berneferskes
Yn de rin fan de jierren ferskynden de ferskes yn ferskate boeken, Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpen grottenbrij (1980), Retteketet tsjyng boem (1992) en De bisteboel fan omke Roel (2011, mei ferhalen fan Thys Wadman en nije arranzjeminten fan Kees van der Meer). By dy boeken ferskynden respektyflik ek elpees, kassettebantsjes en cd’s. No binne de ferskes te belústerjen fia Spotify, mar se wiene net mear yn boekfoarm te krijen. Dêr is no feroaring yn kommen.

lieten ferbine
Op it sympoasium en sjongfeest dat ein april foar him en syn frou organisearre waard yn Tresoar joech Hindrik van der Meer oan dat er noed hat dat it hieltyd minder wurdt mei it meielkoar sjongen en spyljen: “Dêr meitsje ik my soargen oer. Op skoallen wurdt der hast net mear songen, wylst dat tige wichtich is. Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden.”

bisteferskes
Yn dizze nije Kwek kwek minemyn is in samling fan de bekendste bisteferskes byelkoar brocht, mei de noaten en akkoarden derby. Sjonge en spylje mar!
Hindrik van der Meer (1938) hat hûnderten (berne)lieten komponearre en krige yn 2009 de Fryske Anjer foar syn grutte fertsjinsten foar de Fryske kultuer, benammen op it mêd fan de muzyk.

Boekgegevens
Kwek kwek minemyn
Auteur: Hindrik van der Meer Yllustraasjes: Aizo Betten
Utfiering: ynbûn Tal siden: 48
ISBN: 978 94 9331 8045
Ferkeappriis: € 18,95
websjop.afuk.frl

Ferstiet dyn hûn al Frysk?

Byld fan de Afûk

Foar hûnebesitters hat de Afûk no it boekje: ‘Leer je hond Fries’. Mei dit boekje learst dysels en dyn hûn stap foar stap Fryske wurden en sinnen. It boekje wurdt op freed 4 oktober oanbean oan Yuki, de hûn fan reedrydpear Jorrit en Heather Bergsma. Heather en Yuki sille op 4 oktober it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme yn de Afûk-winkel. Alle hûnen en hûnebesitters binne dy dei om 14.00 oere wolkom en krije in ‘doggybag’ mei it boekje en mear leuks!