Fan 1 o/m 25 sept. 2026 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken!

Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan 2026 is ‘Spot oan!’ en slút dêrmei oan op dy fan de lanlike ‘Kinderboekenweek’. Letter fynst hjir mear ynformaasje oer de aktiviteiten fan dit jier. 

Foar de pjutte-opfang: Tys & Teske-boekje

Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt alle jierren in nij foarlêsboekje fan Tys & Teske, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. It tema fan 2026 is ‘Spot oan!’ en slut oan op it tema fan de ‘Kinderboekenweek’ yn oktober. It boekje is fergees op te heljen by de biblioteek. Der ferskynt ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it foarlêsboekje. Sjoch foar mear ynformaasje oer Tys & Teske op tysenteske.frl

Wurkesto mei pjutten en wolsto meidwaan oan ’e Lês-mar-foar-wiken? Om mei te dwaan en oan al jim pjutten de Lês-mar-foar-boekjes út te dielen, moatte jim dit jier de boekjes sels oanfreegje. Jim krije de boekjes dan yn de earste twa wiken nei de simmerfakânsje fergees besoarge. Fia https://lesmarfoar.frl/ kinne jim it formulier ynfolje om jim lokaasje oan te melden. Ek as gastâlder kinst dy oanmelde (minimum fan 8 bern op ‘e opfang).

Foar skoallen: Keimpe-boekje

Keimpe de Krokodil hâldt fan Frysk lêzen! Mei de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in nij boekje fan Keimpe foar bern fan 4-8 jier, mei ferhaaltsjes en spultsjes. Alle basisskoallen fan Fryslân krije it Keimpe-boekje en in byhearrende lêsbrief tastjoerd, dêr’t sy mei de Lês-mar-foar-wiken út foarlêze kinne.

Wolle jim as skoalle it boekje útdiele oan al jim learlingen fan groep 1-4 en in moaie poster ûntfange? Mail dan nei Keimpe de Krokodil: keimpe@afuk.frl
Set yn de mail de namme en it adres (!) fan jim skoalle, de kontaktpersoan, it oantal boekjes dat jim ûntfange wolle en de groepen dêr’t jim foar bestelle wolle. Dan soarget Keimpe derfoar dat jim de boekjes foar de Lês-mar-foar-wiken besoarge krije.

Foar thús: Lês mar foar!

Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Asto wolst dat dyn bern yn it Frysk opgroeit, is foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Lês hjir mear oer meartalich opgroeien.

mear ynformaasje is te finen op https://lesmarfoar.frl/

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *