Fryske Akademydei 2026

It nije akademyske jier begjint foar de Fryske Akademy mei de fiering fan de dies natalis, de dei fan de oprjochting fan it ynstitút. Alle jierren nûget de Fryske Akademy – op de freed fan, foar of nei de 10e septimber – de leden, stipers en relaasjes út om mei-inoar werom te sjen op it ôfrûne jier, mar foaral om mei-inoar foarút te sjen nei moaie gearwurkingen, projekten en wittenskiplike útdagings. Op de Akademydei wurde tradisjoneel de nije leden fan de Fryske Akademy beneamd. 

Akademydei 2026

De Akademydei 2026 is op freed 11 septimber 2026 yn BOEL (earder: Zalen Schaaf), Ljouwert.

Op dizze Akademydei kinne jo de rook fan Fryslân rûke, yn de wrâld fan Kening Redbad dûke, wurde nije leden fan de Fryske Akademy beneamd en wurdt de winner fan de skripsjepriis bekend makke. It programma folget ynkoarten, oanmelde kin hjirûnder (as it formulier net lade wol, kinne jo op dizze link klikke). 

mear ynformaasje: https://www.fryske-akademy.nl/akademydei/

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *