Nije Fryske taallearapp SKREP fan hjoed ôf beskikber yn ‘e appstores

Mei in druk op de knop lansearre deputearre Eke Folkerts yn Café Neushoorn yn Ljouwert de nije Fryske taallearapp fan de Afûk: SKREP. Tagelyk mei it bekend meitsjen fan de namme, wie dêrmei ek de beskikberens fan de app yn de appstores in feit en koene de oanwêzigen fuortendaliks begjinne mei ‘skreppen’. Bysûnder oan SKREP is dat it de earste app is dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar spraakwerkenning spesjaal foar it Frysk.

SKREP is bedoeld foar Nederlânsktaligen dy’t it Frysk leare wolle foar yn sosjale situaasjes of bygelyks foar it wurk. Mar de app is ek hiel geskikt foar begjinnende Fryskpraters dy’t harren feardichheden ferbetterje wolle. Sita Postma, projektlieder en haad ûnderwiis by de Afûk: “Mei de app kinne minsken op in leechdrompelige wize yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wolle wy de taal fitaal hâlde. De app kin in smaakmakker wêze foar in besteande kursus Frysk, mar kin ek wurkje as opfrisker by of nei in kursus.”

Projektlieder Sita Postma fan de Afûk en deputearre provinsje Fryslân Eke Folkerts. Foto: Jaap Schaaf, fotobureau Hoge Noorden

Gearwurking

Foar de technyske ûntwikkeling fan de taallearapp wurke de Afûk nau gear mei Mensora, it Ljouwerter bedriuw dat AI-ymplemintaasje ienfâldich, feilich en effektyf makket foar
organisaasjes. Domenique van der Niet, direkteur fan Mensora: “Door gebruik te maken van
state-of-the-art AI en digitale pedagogiek, hebben we een leermiddel gecreëerd dat niet alleen effectief is in het overbrengen van taalkennis, maar ook boeiend en interactief voor gebruikers. Het platform van Mensora maakt bovendien continue verbetering mogelijk. Het aanbod in de app kan zich aanpassen aan de voortgang en behoeften van individuele gebruikers, evenals aan veranderingen en nieuwe ontwikkelingen in de Friese taal.”

Waitlist

Om de ynhâld fan de app goed oanslute te litten by de winsken fan takomstige brûkers, is yn it begjin fan it ûntwikkelingstrajekt in saneamde ‘waitlist’ oanmakke. Goed 300 persoanen joegen fuortendaliks oan dat sy graach op ’e hichte bliuwe woene fan de ûntwikkelingen, mar ek graach meitinke én teste woene. By de lêste testjûn yn febrewaris kamen der al in soad positive reaksjes, mar wiene der ek noch de nedige krityske noaten. Postma: “Yn de ôfrûne moannen is dy feedback ferwurke en in lêste slach slein yn de ûntwikkeling en foarmjouwing fan de app. Wy binne dan ek hiel bliid dat we no safier binne dat we de app diele kinne mei it grutte publyk, mar dat is ek wol hiel spannend hear. Wy binne hiel benijd nei de reaksjes fan de brûkers!”

SKREP de leukste Fryske taallearapp

It meitsjen fan in taallearapp is ien, mar in goede, passende namme betinke is noch wer in fak apart. Der folgen brainstoarmsesjes en allerhanne minsken waarden frege om der ris oer nei te tinken. Postma: ““It is SKREP wurden. Yn ’t foarste plak om’t dat rimet op Fryske taallearapp, mar ek fanwege de betsjutting fan it tiidwurd skreppe: iverich en mei ynspanning wurkje. Dêrneist hat SKREP de typysk Fryske kombinaasje fan de letters ‘skr’ en is it wurd út te sprekken foar elkenien, ek foar net-Frysktaligen.” Dus, skrepsto jûn ek?

De Fryske taallearapp SKREP is fan hjoed ôf fergees te downloaden yn de appstores!


De realisaasje fan de taallearapp is mei mooglik makke troch in finansjele bydrage fan de
provinsje Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *