Nije dichtbondel fan Elske Kampen: Net fiksearre hûs

Net fiksearre hûs is de sechsde poëzybondel fan Elske Kampen. Sy ropt hjiryn in wrâld op dy’t leit tusken de werklikheid fan in ienfâldich Ru-skaaltsje yn Museum Princessehof en de ûnwerklike thúskomst fan ien dy’t net bestie. Dichtsje is foar Elske in foarm fan oarderje en harmonij skeppe. De twang fan de fersfoarm twingt har om ta de essinsje te kommen.

Ik kleurje dy in houtskoalswarte rok
Heech by it liif oplutsen hâldt dy wyt fan
himd, fan hûd teplak. Waskguod strui ik
as suggestje om dy hinne.

Behindige beam, dûnser mei bruised
knees. Dit lichem dat foar dy ornearre is.
De linkerearm wol fierder, wiist omheech.
rjochts bliuwt in kromming foar it boarst.

Wolst learzens ha, in kleed ploaid op
it gers. Fleanmasine foar sulversneden yn
blau. In túnstoel, kessen, kat. Skets fan
it hûs achter dy noch net fiksearre.

Myn hân krijt dy net helder. Tichtby
en dochs ûnskerp in rûge feech it antlit.
Mei earnstige mûle, eagen boaiemleas
moatst dysels skielk blynseach treaste.

Boekgegevens

  • Titel: Net fiksearre hûs
  • Auteur: Elske Kampen
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 3318090
  • Tal siden: 85
  • Ferkeappriis: € 17,50
  • www.websjop.afuk.frl

Ntrije55

By Afûk is ferskynd:

Ntrije55 – Prachtige gedichten fan Elske Kampen

‘Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan ‘e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’

De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.

Trochgong
Ik fyn in letterteken yn ‘e berm. Krij it op
en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy’t
skrok of dy’t begrutsjen hie. Bewûndere of
eangstich wie. No stjoert it teken my.