Foto: Omrop FryslânIt Biltsk is in echte taal en wis gjin dialekt. Dat hat ûndersiker Paulus van Sluis fan de Fryske Akademy tongersdeitejûn bekend makke. Hy hat der ûndersyk nei dien en in rapport oer makke. Dat rapport is oerlange oan de gemeente It Bilt, de provinsje en in ferskaat oan oare organisaasjes. Ien fan de redenen wêrom”t it Biltsk in echte taal is, is omdat it in saneamde kultuertaal is.
Der wurde taalkursussen yn jûn en der binne dêrom ek noarmen dêr’t de taal oan foldwaan moat.
It rapport is in boustien om in Europeeske minderheidstaal te realisearjen foar It Bilt. Dêrfoar moat it Nederlânske regear de taal dan wol foardrage. Der binne seistûzen minsken dy’t Biltsk prate.
Foto: Omrop FryslânDe Fryske Akademy giet op it mêd fan taalûndersyk en minderheidstalen in lange gearwurking oan mei de Sineeske Universiteit fan Nanjing. Der is yn Ljouwert in oerienkomst tekene tusken de Akademy en it China Center for Linguistic and Strategic Studies (CCLASS), it ûndersykssintrum fan de Universiteit fan Nanjing.
De twa ûndersyksynstellingen wolle yntinsiver wurkje oan kennisútwikseling en mienskiplik ûndersyk op it mêd fan taalfariaasje, taalbelied en minderhedeproblematyk. De gearwurking wurdt koordinearre troch twa sosjolinguisten, dr. Zhang Jingwei (CCLASS) en dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy). Dêrneist binne prof. dr. Xu Daming (CCLASS/Universiteit van Macau) en drs. Cor van der Meer (Mercator Research Centre fan de Fryske Akademy) hjirby behelle.
“Beliedsmakkers yn rûnten fan it Sineeske regear binne tige goed op ’e hichte fan it Europeeske taalbelied oangeande minderheden en steane hieltyd mear iepen om fan ús te learen”, seit Hans Van de Velde, dy’t neist syn Akademy-funksje it Sineesk-Europeeske ûndersyksnetwurk ILCI koördinearret en as gastprofessor ferbûn is oan de Universiteit fan Nanjing. “Us rol leit benammen yn it trenen fan Sineeske studinten yn it kritysk dwaan fan ûndersyk. Dêrneist wolle wy ús tapaste kennis en ekspertise op it mêd fan minderheidstalen nei Sina oerbringe.” Konkreet wurdt der tocht oan it oerbringen fan it type ûndersyk dat it kennissintrum Mercator útfiert nei de situaasje fan Europeeske minderheidstalen yn oerheidsbelied en ûnderwiis.
Op donderdeg 2 july wort op ’t Bildts gemeentehuus ’t rapport ‘Seven perspectives on Bildts’ presinteerd. ’t Ondersoeksrapport, dat in opdracht fan gemeente ’t Bildt útbrocht is deur kinnissintrum Mercator Research Centre on Multilingualism and Language Learning fan de Fryske Akademy, sketst ’n fizy op ’n Bildts taalbelaid in de anloop na 2018, wanneer’t de gemeente opgaan sil in de nije gemeente Westergo.
’t Mercator-rapport plaatst de Bildtse taalstatus in Europees perspektyf en ferkint de kânsen foor en de ferwachte útkomsten fan erkinning fan de Bildtse streektaal binnen ’t Europees Hândfest foor Regionale en Minderhydstalen. De taalstatus wort fergeleken met seuven ândere Europese minderhydstalen, der goenent fan deur ’t Hândfest beskermd worre en ândere niet. Hiermet biedt ’t rapport handfatten om ’t effekt fan erkinning binnen ’t Hândfest ôf te wegen teugen de alternativen. Taalondersoeker Paulus van Sluis skreef ’t rapport. ’t Rapport wort donderdeg 2 juli op ’t gemeentehuus presinteerd en anboaden an de gemeente ’t Bildt, deputeerde Sietske Poepjes en ferteugenwoordigers fan ferskillende taalorganisasys Continue reading “Presintasy Mercator-rapport over de Bildtse taal”
De Fryske Akademy lansearret op 2 febrewaris op ynternet it nije Taalweb Frysk. Dat is in webside mei in ferskaat oan nij ûntwikkele taalhelpmiddels spesjaal foar minsken dy’t it Frysk goed leare wolle.
De webside is makke yn opdracht fan de provinsje en is begjin febrewaris foar eltsenien fergees tagonlik. De side bestiet út fiif ûnderdielen: de foarkarswurdlist foar it Frysk, de online Staveringshifker, de Oersetter, it Wurdboekportaal en de Paadwizer Fryske stavering.
De ôfrûne tiid wie der in soad diskusje oer de regels fan de Fryske stavering. Nei alle gedachten sille de foarstelde oanpassings fan krêft wurde as Deputearre Steaten dizze offisjeel fêststeld hat.
Foto: Omrop Fryslân, Jaap ElzesYn Provinsjale Steaten is in soad stipe foar it plan fan de Fryske Akademy foar Taalweb Frysk: in nije Fryske online wurdlist mei staveringshifker en online wurdboek. Neffens de measte partijen hat it ûnderwiis dêr in soad ferlet fan. Ek binne der yn Fryslân in soad minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne by it skriuwen fan it Frysk.
In team fan frijwilligers jout freed yn it Ljouwerter kafee Van Buren it lêste triuwke oan it folslein beskikber meitsjen fan Facebook yn it Frysk. Dizze ‘Fryske Facebook Oersetsprint’ fynt tagelyk plak mei in ynternasjonale konferinsje oer meartaligens en sosjale media fan it kennissintrum Mercator fan ’e Fryske Akademy. Continue reading “Oersetsprint foar Frysk Facebook op Mercator-konferinsje”
De Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tweintichste kear it Frysk Filologekongres, yn Ljouwert op woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ‘e breedste sin. De fiertalen binne: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.
Programma en gearfettingen
De opset fan it kongres is dat der elke dei út ein set wurdt mei in plenêre lêzing. Dêrnei binne der parallelsesjes. Op ‘e tongersdei is der in jûnssesje oer Underwiis. It kongres is rjochte op ‘e neifolgjende ûndersyksmêden: Aldfrysk, Taalkunde, Letterkunde, Leksikografy, Taalsosjology, Skiednis fan Fryslân/Kultuerstúdzje. It ûndersyksfjild is it Frysk, mei ynbegryp fan de dialekten dy’t yn Fryslân foarkomme, yn al syn fazen en it Frysk yn Dútslân (Noard- en East-Fryslân). Continue reading “20ste Frysk Filologekongres 10-12 desimber 2014”
De Fryske Akademy, it Friesch Dagblad en Tresoar organisearje op woansdeitejûn 26 novimber fan 19.45-21.30 oere (seal iepen: 19.30 oere) in duo-lêzing by Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert). Sprekkers binne prof. dr. mr. Cees Fasseur en prof. dr. Hans Renders oer de biografy fan Pieter Sjoerds Gerbrandy en de biografyske metoade yn regionale skiedskriuwing.
Pieter Sjoerds Gerbrandy (1885-1961) wie al rillegau bekend as in skerp, mar eigensinnich man. Dochs slagge er der yn om as oarlochspremier yn de Twadde Wrâldkriich lieding te jaan oan de Nederlânske regearing yn Londen. Oer dizze yntrigearjend Fryske ARP-politikus skreaun Cees Fasseur okkerdeis de biografy Eigen meester, niemands knecht. Continue reading “Duo-lêzing oer Gerbrandy en de biografy yn de regionale skiedskriuwing”
De foarstelde staveringsoanpassing sil it wurdbyld fan it Frysk foar 99,93% yntakt litte. Dy yndikaasje jout de Fryske Akademy op basis fan berekkeningen fan de wurdfrekwinsje.
De Fryske Akademy krige yn 2011 de opdracht fan de Provinsje Fryslân foar it ûntwikkeljen fan in wurdlist dêr’t de foarkarsfoarmen foar it skreaune Frysk yn fêstlein binne, in nije staveringshifker, in wurdboekportaal en in automatyske oersethelp. As Provinsjale Steaten (PS) ein 2014 in posityf beslút oer it pakket nimme, sil it begjin 2015 op it webportaal Taalweb Frysk beskikber komme. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Continue reading “Frysk hâldt foar 99,93% itselde wurdbyld”
Foto: Fryske AkademyYn de tún fan de Fryske Akademy oan de Grienewei yn Ljouwert is woansdei 8 oktober de earste peal slein foar de nijbou. It giet eins om in kombinaasje fan nijbou, ferbou en restauraasje fan de monumintale gebouwen oan de Doelestrjitte. As earste wurde de fûneminten fan de nijbou oan de Grienewei lein. Oanslutend wurdt sealesintrum It Aljemint ferboud ta wurkplakken foar de meiwurkers fan de Akademy en wurdt de nijbou realisearre oan de Grienewei. As lêste wurde de âlde gebouwen oan de Doelestrjitte restaurearre. It giet om in projekt fan 7 miljoen euro. Continue reading “Earste peal Fryske Akademy”