Online taalhelpmiddels om minsken de Fryske taal te learen

Foto: Google Streetview

De Fryske Akademy lansearret op 2 febrewaris op ynternet it nije Taalweb Frysk. Dat is in webside mei in ferskaat oan nij ûntwikkele taalhelpmiddels spesjaal foar minsken dy’t it Frysk goed leare wolle.

De webside is makke yn opdracht fan de provinsje en is begjin febrewaris foar eltsenien fergees tagonlik. De side bestiet út fiif ûnderdielen: de foarkarswurdlist foar it Frysk, de online Staveringshifker, de Oersetter, it Wurdboekportaal en de Paadwizer Fryske stavering.

De ôfrûne tiid wie der in soad diskusje oer de regels fan de Fryske stavering. Nei alle gedachten sille de foarstelde oanpassings fan krêft wurde as Deputearre Steaten dizze offisjeel fêststeld hat.

Boarne: Omrop Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *