Taalweb yn oanpaste stavering

Foto: Omrop Fryslân
Op tiisdei 7 oktober presintearre de Fryske Akademy op it Provinsjehûs yn Ljouwert de demo fan Taalweb Frysk, it nije webportaal ornearre foar elts dy’t Frysk skriuwt. It eigentiidsk skriuwark (de ‘tool’) helpt ek tige by it lesjaan yn it fak Frysk. Deputearre Jannewietske de Vries: “Hjir wie ferlet fan yn it fjild. In moai, dúdlik helpmiddel, sadat minsken it Frysk makliker brûke en der minder mei wrakselje.”

Taalweb Frysk is in online tapassing. It bestiet út fjouwer ûnderdielen. Yn de Wurdlist Frysk binne de foarkarsfoarmen foar de taal fêstlein, it hat in staveringshifker, in wurdboekportaal en it jout automatyske oersethelp. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Hjoed presintearre men de demo. Mei in bywurke foarmjouwing en de lêste oanpassings is de definitive ferzje letter dit jier beskikber. Continue reading “Taalweb yn oanpaste stavering”

Hanno Brand: “Akademy stiet foar fikse útdagingen”

De Fryske Akademy stiet de kommende jierren foar fikse útdagingen. Troch besuniging nei besuniging binne fakatueren jierren oanien net opfolle. It gefolch wie in kealslach ûnder it wittenskiplik personiel, ek al binne de ôfrûne jierren mear promovendy by ús oan ‘e slach rekke as ea earder.” Dat seit direkteur-bestjoerder Hanno Brand hjoed yn syn taspraak op Akademy-dei, de tradisjonele jiergearkomste foar leden en stipers fan de Fryske Akademy. “It momint is no oanbrutsen en smyt it roer om om te ynvestearjen. Nije stêfleden binne nedich om promovendy te begelieden, projekten te inisjearjen, op heech nivo te publisearjen, ynternasjonale kontakten te lizzen, en it kontakt mei de Fryske mienskip te ûnderhâlden. De besunigingen geane de kommende jierren troch. Wy moatte mei hieltyd minder jild mear dwaan. Dat betsjut dat wy tagelyk ynvestearje moatte yn it opfoljen fan fakatueren en sterk ynsette moatte op it ynheljen fan projektjild.” Continue reading “Hanno Brand: “Akademy stiet foar fikse útdagingen””

Frysk op GoogleTranslate

Foto: Omrop Fryslân
Leksikograaf Anne Dykstra fan de Fryske Akademy hat kontakt mei Google om it Frysk op GoogleTranslate te krijen. Elkenien dy’t knap Frysk skriuwe kin, kin dêrby helpe troch nei translate.google.com/community te gean en dêr Ingelske wurden en sinnen oer te setten yn geef en gongber Frysk.

Mei geef en gongber wurdt hjir bedoeld it Frysk sa’t wy dat gewoanwei yn kranten, tydskriften, boeken en websiden as dy fan It Nijs, Ensafh en De Moanne tsjinkomme, want teksten út dat soarte fan boarnen sille mooglik it faakst oersetten wurde op GoogleTranslate. Mar it is net nedich om by elk wurd nei te tinken oft it no wol geef en gongber is of net. Wês wol wach op hollanismen lykas ‘sich’, ‘hun’, ‘niks’, ‘noadich’ en ‘steeds’. Continue reading “Frysk op GoogleTranslate”

Sloop pannen Fryske Akademy sil nije wike heve

Foto: Omrop Fryslân
De sloop fan de pannen oan ‘e Grienewei 6, 8 en 10, dy’t diel útmeitsje fan it kompleks fan ‘e Fryske Akademy, sil yn ‘e wike fan 16 juny út ein sette. De tariedingen foar de sloop begjinne al dizze wike. Tsjin de flakte geane de eardere, yn 1977 boude boekwinkel fan ‘e Fryske Akademy en it oanbuorjende pân dat de Akademy yn 1983 oankocht en dat in skoftke as tsjinstwenning foar de húswarder brûkt waard. Ek it yn 2001 oankochte pân Grienewei 10 – it âlde pearskleurige koetshûs mei it hege puntdak – ûntkomt net oan de sloop. Dit ferrinnewearre pân hat altyd by it yn 1713 boude Coulonhûs heard en stammet wierskynlik ek út deselde tiid. It wie as hynstestalling mei koetshûs yn gebrûk troch de ferneamde famylje Coulon oant it jier 1844, doe’t it Coulonhûs mei koetshûs, bûthús en wenning ferkocht waard. Lykwols kin it koetshûs net mear sparre wurde. “Foar de Fryske Akademy is it net te dwaan it koetshûs yn goede steat werom te bringen”, ljochtet Jos Tjalsma, haad algemiene saken fan ‘e Fryske Akademy, ta. “Dat kostet in ûnevenredich soad jild. Wy rjochtsje ús op restauraasje fan it Coulonhûs en nijbou oan ‘e Grienewei.” Continue reading “Sloop pannen Fryske Akademy sil nije wike heve”

Wâldpykjes brûke it measte Frysk op sosjale media

Frysk wurdt troch jongerein yn ‘e Fryske Wâlden mear brûkt op sosjale media as troch jongerein yn oare parten fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder Fryske jongerein dat ûndersiker Lysbeth Jongbloed-Faber fan Mercator Research Centre fan ‘e Fryske Akademy mei stipe fan de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert de ôfrûne moannen útfierde.

Kommunikaasjewittenskipper Jongbloed hat op 20 Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan jongerein tusken de 14 en 18 jier op sosjale media. Yn totaal hawwe mear as 2000 jongeren in fragelist ynfolle.

Hast alle Fryske jongeren brûke sosjale media: 98% is hjir aktyf op. WhatsApp wurdt troch 95% fan dy jongeren brûkt, 86% sit op Facebook en 76% op Twitter. WhatsApp wurdt fan dy trije it measte brûkt: 47% hat keazen foar it antwurd “allinnich as ik sliep, sjoch ik net op WhatsApp”.

Folgje de oanbieding fan it rapport oan Jannewietske de Vries en Sjoerd Feitsma op 16 april fan 10.00 oere ôf op Twitter fia de hekstek #Frysk. Continue reading “Wâldpykjes brûke it measte Frysk op sosjale media”

Twadde Keamerlid Pieter Heerma op besite by it EBLT

Op 11 april was bi’j oons te gaaste Pieter Heerma (CDA) veur een gesprek over de pesisie van et Fries en Nedersaksisch.

Pieter Heerma wie freed 11 april op besite by it EBLT. It CDA-Twadde Keamerlid wie te gast by it EBLT om by te praten oer Omrop Fryslân, it Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa en noch folle mear.

Op de foto (fan lofts nei rjochts): Hanno Brand fan de Fryske Akademy, Pieter Heerma, Fokke Jagersma (DB-lid fan it EBLT en Afûk) en Henk Bloemhoff (DB-lid fan it EBLT en SONT).

It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân

Wa’t ris besykje wol hoe goed hy of sy it Frysk skriuwe kin, krijt no de kâns. Minsken kinne dit jier thús meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. It diktee is op woansdei 16 april foar it earst live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en ynternet. It Grut Frysk Diktee wurdt om ‘e twa jier holden, dit jier foar de tolfte kear. Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs bûge 32 dielnimmers harren oer it diktee.

Presintatrise Karen Bies fan Omrop Fryslân hat de tekst foar it Grut Frysk Diktee fan dit jier skreaun en sil it ek foarlêze. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering. Yn 2010 en 2012 waard it diktee wûn troch André Looijenga. Hy docht ek dit jier wer mei om syn titel te ferdigenjen. 51 minsken hawwe oan ‘e foarronde meidien, 32 dêrfan hawwe har pleatst foar de finale. Oan it diktee dogge tradysjegetrou ek bekende Friezen mei, ûnder oaren aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018. Continue reading “It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân”

Nije tekst fan ferlern Aldfrysk hânskrift fûn

Foto: Fryske Akademy
Akademy-ûndersiker Han Nijdam hat by syn ûndersyk yn it ramt fan it tarieden fan in nije edysje fan ‘e Aldfryske ynkunabel Freeska Landriucht (sa. 1485) in tekst fûn fan it ferlerne Aldfryske hânskrift Kodeks Unia. Dit foar it Aldfrysk wichtige hânskrift wie yn de sântjinde ieu yn it besit fan ‘e lânshistoarjeskriuwer fan Fryslân, Simon Abbes Gabbema (1628–1688), mar is nei syn dea ferdwûn. De ynhâld fan it hânskrift is bekend tanksy ôfskriften dy’t makke binne troch de gelearde Franciscus Junius (1589–1677). Mar Gabbema hat sels ek parten fan Unia oerskreaun.

Nijdam fûn in ferzy fan ‘e tekst ‘Oer de keningen Karel en Redbad’ út it Unia-hânskrift yn it eksimplaar fan ‘e ynkunabel Freeska Landriucht dat yn it besit west hie fan Gabbema sels. Yn dat eksimplaar hat Gabbema op ferskate plakken stikken tekst yn de marzje skreaun út oare Aldfryske hânskriften dy’t er yn syn besit hie, om de teksten sa mei elkoar te ferlykjen. De tekst oer Karel en Redbad yn Gabbema’s eksemplaar smyt in folsleinere Unia-ferzy op as oant no ta fia it ôfskrift fan Junius bekend wie. Continue reading “Nije tekst fan ferlern Aldfrysk hânskrift fûn”

Wittenskiplike biblioteek Fryske Akademy oer nei Tresoar

De biblioteekkolleksje fan de Fryske Akademy, ynklusyf dy fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, wurdt woansdeitemiddei 26 maart oerdroegen oan Tresoar. Direkteuren dr. Hanno Brand (Fryske Akademy) en drs. Bert Looper (Tresoar) tekenje dêrta in ferklearring fan permaninte brûklien; de ûndertekening fynt plak yn de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar. Continue reading “Wittenskiplike biblioteek Fryske Akademy oer nei Tresoar”

Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Foto: Fryske Akademy, Hindrik Sijens
De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Oan it begjin fan de tweintichste ieu wie it idee om Frysk te brûken yn it godstsjinstich en ek it tsjerklik libben sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. Ds. Sipke Huismans fan Eanjum hat mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 de stjit jûn ta feroaring: prinsipieel wie der neffens him gjin beswier om yn it Frysk te bidden en te preekjen. Krekt oarsom: de eigen taal rekket it hert folle mear as de Hollânske ‘tale Kanaäns’. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west, benammen by grifformearden. Earst nei de Twadde Wrâldoarloch krige it Frysk in erkend plak(je) yn ‘e tsjerke. Yn De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu giet de skriuwer, Jan Popkema, de skiednis nei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012), it Roomsk Frysk Boun (1917-1997), it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske Mienskip op frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar foaral harren doelstellings en resultaten en hoe’t de tsjerken dêrop reagearre hawwe. Continue reading “Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu”