Skriuw! – in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint

Skriuw! is in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint dat learlingen oanset ta kreatyf skriuwen yn it Frysk. It doel is om safolle mooglik learlingen fan groep 7 en 8 Frysk skriuwe te litten.

It projekt bestiet út in tal opdrachten dy’t de learlingen yn de klasse dwaan kinne om it kreative skriuwen te stimulearjen. Mei dy opdrachten wurkje de learlingen oan de feardichheden om oan de ein in ferhaal te skriuwen foar de ferhalewedstriid. It bêste ferhaal wint hjirby fansels in priis en sil brûkt wurde as basis foar de tekst fan it fineale-evenement.

Want Skriuw! is ék de opfolger fan it bekende ‘Lyts Frysk Diktee’ en op 26 maaie 2026 sil de Skriuw! Finale yn de Steateseal fan it Provinsjehûs plak hawwe. Yn dy finale wurdt bekend wa’t fan alle learlingen yn Fryslân it bêst Frysk staverje kin.

Dogge jim ek mei?

Oanmelde kin oant 20 maart 2026 fia dizze website. Nei it oanmelden ûntfange jim in (digitaal) boekje mei alle opdrachten om te oefenjen.

Ynstjoere fan de ferhalen en it seleksjediktee foar de finale kin oant 17 april 2026.

Op 21 april 2026 wurdt bekendmakke hokker ferhaal wûn hat en wa fan de learlingen meidwaan kinne oan de staveringsfinale yn it Provinsjehûs.

Femke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025

Femke van Kammen fan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 10 flaters wie se hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it Provinsjehûs, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. Twadde waard Dieuwke Buma fan de Master Frankeskoalle yn Earnewâld mei 11 flaters. It tredde plak, mei 13 flaters, wie foar Marianne van der Veen fan Kindcentrum de Wel yn Broeksterwâld.

Lyts Fryske Diktee 2025. F.l.n.r. Marianne van der Veen (3e), Femke van Kammen (1e), Dieuwke Buma (2e). Foto makke troch Marieke Balk

Der dienen likernôch 50 learlingen fan 24 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Sjongeres en skriuwer Janneke Brakels skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Brakels hie in dikteetekst makke oer in learling dy’t troch de rein nei skoalle fytse moast. De dreechste wurden wiene dit jier dan ek ‘ierdrykskundetoets’, ‘moatst’ (mei -tst-) en ‘rûte’, dat faak skreaun waard as roete/route. Mear ynformaasje oer it Lyts Frysk Diktee kinne jo fine op de website fan it diktee. Dêr kinne jo ek ynformaasje fine oer it Grut Frysk Diktee, dat op tiisdei 8 april holden wurdt yn it Provinsjehûs.

Lyts Fryske Diktee 2025 mei 50 learlingen fan 24 skoallen. Foto makke troch Marieke Balk