Sûnt 2009 kinne kursisten fan ferskate opliedings fan it MBÛ in sertifikaat Frysk ferstean/sprekken helje. Dit skoaljier hawwe 15 kursisten fan ferskillende MBÛ-grienopliedings fan it AOC Friesland op It Hearrenfean dat sertifikaat behelle.
Op 21 maaie krigen de kursisten it sertifikaat “Frysk ferstean yn de beropssitewaasje” of “Frysk ferstean en prate yn de beropssitewaasje” útrikt troch deputearre mefr. Jannewietske de Vries.
Om yn oanmerking te kommen foar sa’n sertifikaat moast in portfolio gearstald wurde, dêr’t kursisten yn oantoane, middels bewizen, dat hja it Frysk ferstean, as ek sprekke kinne.
De Provinsje hopet mei it stypjen fan sa’n provinsjaal sertifikaat dat it Frysk in struktureel en fêst plak krijt binnen it curriculum fan de MBÛ’s yn Fryslân. No is it faak noch sa dat de opliedings ûnfoldwaande omtinken jouwe oan meartaligens en it Frysk.