Online workshop: De Psychology fan dyn Taal

De Afûk organisearret as partner fan it projekt LISTEN dizze moanne fjouwer workshops, “De Psychology fan dyn Taal.” De trening oer ‘taalgedrach en -gewoantes’ is in kombinaasje fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ trening, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêr’tst net by stil stietst. De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switche as gewoante.

De workshops binne fergees, opjaan kin by Praat Mar Frysk. De workshops wurde holden fan 19.30-22.00 oere op:

  • moandei 8 febrewaris
  • tiisdei 16 febrewaris
  • woansdei 24 febrewaris
  • tongersdei 25 febrewaris

It projekt LISTEN giet oer it fenomeen datst as minderheidstaalsprekker faak en meastal ûnbewust oerskeakelest nei de mearderheidstaal. Of datst bewust of ûnbewust al yn de mearderheidstaal begjinst. Dat is in universeel fenomeen.