Deputearre Folkerts en Douwstra as earste fertsjintwurdigers fan provinsjaal bestjoer mei nei Hilgelân

Fan 23 oant 25 maaie 2025 komme Friezen fan Fryslân, Ostfriesland en Noard-Fryslân byinoar op Hilgelân (Helgoland) foar in feestlik en kultureel evenemint. Dit jier sil deputearre Folkerts en Douwstra meigean wêr’t sy ûnder oare bydrage sil oan in kulturele workshop. Ek binne der spesjale optredens fan Fryslân út fan de band KASPAR, dy’t nei û.o. in spektakulêr optreden yn Paradiso Amsterdam no foar in unyk konsert nei Hilgelân komt. De dûnsgroep Aald Hielpen giet mei en sil in autentike Fryske sfear bringe.

Hilgelân (foto fan Pixabay)

It programma biedt in ferskaat oan aktiviteiten, in part bestiet út tradisjonele folkloare sa as in Börteboot-rally. Dêrneist binne der ek ynteressante workshops te folgjen oer ûnder oare Fryske leginden as Kening Redbad dêr’t ús eigen Fryske Akademy oan meiwurket. De festivaljûn op sneons sil in hichtepunt wêze mei optredens fan Kaspar en artysten út de oare regio’s. De ôfsluting fan it evenemint bestiet út in tradisjonele Fryske tsjerketsjinst, in optocht oer it eilân en in tradisjonele dûnsfoarstelling.

It Friesendroapen belooft in bysûnder evenemint te wurden fol muzyk, dûns en Fryske ferbining.

opjaan en programma

Dielnimmers wurde frege harren foar 1 april op te jaan fia sekretariaatfryskerie@gmail.com.

Ynterfrysk Kongres op Sylt ‘Goede freon kom deryn’

It Ynterfrysk Kongres wurdt ien kear yn ‘e trije jier holden, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen. Yn 2024, fan 31 maaie – 2 juny hat it Ynterfrysk Kongres plak op Sylt.

Dat kongres biedt alle Friezen de gelegenheid om trije dagen mei-inoar te laitsjen, te diskusjearjen en gewoan dingen te dwaan dy’t it bêste beskriuwe dat wy byinoar hearre yn de prachtige natuer op it Noardsee-eilân Sylt. Elkenien is wolkom!
Op Söl’ring, dat yn it Sylter Frysk betsjut: ,goede freon kom deryn’.
»Gur Frinj kum iin!«

Fryske Rie

Ynterfryske gearwurkingsferbân

De Ynterfryske Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, oftewol de trije seksjes yn West, East en Noard. De leden besteane út de leden fan de Fryske Rieden en it foarsitterskip wikselet om de trije jier. Seksje Noard is oant oant begjin juny foarsitter, dêrnei nimt seksje East it roer oer.

Dêrmei wurdt trije jier ôfsletten mei in rige ynter-Fryske gearkomsten lykas it frouljustreffen, de Hilgelân (Helgoland)-reis, in bestjoersgearkomste, algemiene gearkomsten en in soad ideeën. Nettsjinsteande tsjinwurkjende omstannichheden sa as de koroanakrisis wolle wy sjen nei wat wy berikt hawwe en wêr ‘t wy hinne wolle.

Taheakke it programma en ynformaasje oer opjaan en de kosten.