Folgje alles oer de ferkiezingen by Omrop Fryslân

Mei it programma Fryslân Kiest bringt Omrop Fryslân elkenien as earste op ’e hichte oer de Provinsjale Steateferkiezingen fan 15 maart. De útslaggejûn is live te folgjen by Omrop Fryslân, mei prognoazes, útslaggen en analyzes.

Yn de oanrin nei de ferkiezingen jout Omrop Fryslân yn ferskate programma’s omtinken oan de ferkiezingen.

Debatten yn It Polytburo

Fan 6 oant en mei 10 maart ûntfange Andries Bakker en Eric Ennema yn de studio fan It Polytburo tal fan politike gasten. Listlûkers fan alle partijen skowe oan en debattearje oer ûnderwerpen dy’t op it stuit spylje. Tink oan de Lelyline, lânbou en stikstof, wynmûnen, iepenbier ferfier en de Fryske taal en identiteit. De debatten yn It Polytburo binne jûns fan 17.30 oere oant 18.00 oere live te sjen by Omrop Fryslân.

Ferkiezingsdei

Op 15 maart, de dei fan de ferkiezingen, sit Omrop Fryslân derboppe-op. De hiele dei is alles te folgjen yn in liveblog op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Live út it Provinsjehûs yn Ljouwert folget Omrop Fryslân it tellen fan de stimmen, de earste tuskenútslaggen en de foarriedige einútslaggen, mei reaksjes en analyzes. Fryslân Kiest set om 20.00 oere útein, de presintaasje leit yn hannen fan Andries Bakker en Jan Dirk de Haan. De dei nei de ferkiezingen is ek alles te folgjen yn in liveblog mei ûnder oare mear reaksjes en fierdere útslaggen.

Fryslân Kiest – Foto: Omrop Fryslân

Fryslân Kiest is in programma yn gearwurking mei RTV NOF. It programma is op 15 maart fan 20.00 oere oant 01.00 oere op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te folgjen. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

Franeker Diktee, Trinus Riemersma-dei en Franeker Woordeboek nominearre foar Taalpriis Waadhoeke

It Franeker Diktee, de Trinus Riemersma-dei en it Franeker Woordeboek binne nominearre foar de Taalpriis Waadhoeke. Dat hat de sjuery fan de priis bekend makke. De earste Taalpriis fan de fjouwertalige gemeente wurdt op 21 febrewaris, de UNESCO Dei fan de Memmetaal, útrikt op de Waadhoekster Taledei yn de biblioteek fan Frjentsjer.

Dy dei is der yn de biblioteek fan Frjentsjer fan 20.00 oant 22.00 oere in feestlik programma om de meartaligens fan de gemeente – mei neist it Nederlânsk ek ryk oan it Frysk, Bildts en Franekers – te fieren. De priis bestiet út in keunstwurk fan keramist Paulien Ploeger, spesjaal foar dizze priis makke.

De sjuery bestiet út trije minsken dy’t in protte mei taal en meartaligens dwaande binne: Jitske de Hoop (beliedsadviseur Fryske taal en kultuer en meartaligens by Omrop Fryslân), Sannah Debreczeni (trainee Frysk en meartaligens by Provinsje Fryslân) en Gerard de Jong (meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke).

“’t Idee achter de jaarlikse taalpriis en taaldâg is ’t ferskiet an ôns talen te fieren en sien late hoefeul at d’r gebeurt an taalpromoasy en -inisjativen,” seit De Jong. “En dat is best slaagd. Wij hewwe soafeul mooie, inspirerende en orizjinele nominasys kregen; ’t waar ’n hele haister om d’r drie út te pikken.”

Nominaasjes

Ut alle ynstjoerings binne trije nominaasjes keazen dy’t kâns meitsje op de taalpriis:

  • It Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers, foar it yn novimber 2022 hâlden Franeker Diktee;
  • de Academie van Franeker, foar “In dei mei Trinus Riemersma” (oktober 2022);
  • Wim Aalbers foar it skriuwen fan it Franeker Woordeboek, dat ein 2021 presintearre waard.

Feestlike jûn

De nominaasjes wurde taljochte en yn it sintsje set op tiisdei 21 febrewaris, yn de biblioteek fan Frjentsjer. Fan 20.00 oant 22.00 oere (ynrin fan 19.30 oere ôf) is der in feestlik programma mei û.o. in meartalige pubkwis troch Douwe Gerlof Heeringa, en fansels de útrikking fan de taalpriis oan de winner, troch taalwethâlder Jan Dijkstra.

Elkenien is wolkom, de tagong is fergees.

Sjochtip – FryslânDOK: ‘Is hjir noch wat te rêden?’

Op it ‘Friesen-droapen’, dat eltse trije jier op it Dútske eilân Helgolân holden wurdt, komme Friezen byinoar út alle wynstreken: fan it Hollânske West-Friesland oant Nordfraschlönj oan de Deenske grins. De Fryske taal en kultuer stiet ûnder druk. ‘Is hjir noch wat te rêden?’ is dêrom de fraach fan FryslânDOK, dat op syk giet nei in nij Frysk ferhaal. Te sjen op 10 en 11 desimber by NPO2 en Omrop Fryslân.

Klik hjir foar de trailer. Lês de folsleine sjochtip fia dizze link.

Fryske ynsprekmaraton fan start

Yn it Frysk prate tsjin dyn mobile telefoan of in app? Dat is no net mooglik. De Fryske ynsprekmaraton moat dêr feroaring yn bringe. Op 27 oktober joech Deputearre Sietske Poepjes it symboalyske startskot tegearre mei de Fryske flogger Eduard Rekker by it radioprogramma Goeiemiddei fan Omrop Fryslân. Mei dit projekt wol de provinsje yn ’e mande mei harren partners 300 oeren ynsprutsen Frysk sammelje. Elkenien dy’t Frysk praat kin meidwaan op ynsprekmaraton.frl. De Fryske ynsprekmaraton rint oan 21 febrewaris 2023, de ynternasjonale dei fan de memmetaal.

Foar de takomst fan it Frysk is it wichtich dat wy it Frysk ek brûke kinne yn ús kommunikaasje mei de mobile telefoan of apps. Sa bliuwt ek de nije generaasje it Frysk brûken en bliuwt de taal fitaal. Mei dizze ynsprekmaraton kinne wy in grutte stap sette om it Frysk ek digitaal in plak te jaan. Ik nûgje alle Friezen út om harren stim hearre te litten.

Deputearre Sietske Poepjes

Foar it behâld fan de Fryske taal is it wichtich dat Friezen de taal ek yn de digitale wrâld brûke kinne. Mei de ynsprekmaraton wurket de provinsje oan in digitale samling fan yn it Frysk sprutsen sinnen. Sa’n ‘dataset’ is de basis foar it meitsjen fan spraaktechnology. Foar in goede dataset binne sa’n 300 oeren sprutsen Frysk nedich. De provinsje makket hjirfoar gebrûk fan de software Mozilla Common Voice. Mei dizze dataset kin bygelyks in technologybedriuw spraakstjoerde tapassingen meitsje foar de Fryske taal. Ek hobbyisten kinne der mei oan ’e slach.

Ynsprekmaraton.frl

Elkenien dy’t Frysk praat kin online sinnen ynsprekke op de webside: ynsprekmaraton.frl. Dat kin simpel fia sawol de telefoan, tablet of kompjûter. Ferskillen yn regionale útspraak binne gjin probleem. Dat is krekt wichtich by it opbouwen fan de dataset. Sa is it ek wichtich dat der sawol mannen- as frouljusstimmen opnommen wurde yn alle leeftiden. Der is oant no ta 135 oeren oan materiaal sammele.

Eduard Rekker, de Fryske flogger, en deputearre Sietske Poepjes jouwe it startskot foar de ynsprekmaraton. foto: provinsje Fryslân

Om de Fryske ynsprekmaraton bekend te meitsjen ûnder de Friezen reizget Eduard Rekker, de Fryske flogger en ambassadeur fan it projekt, mei syn ynsprekcamper by ferskate eveneminten in Fryslân del. Ek binne der ferskate flogs om Friezen op te roppen om mei te dwaan oan de ynsprekmaraton. De provinsje wurket foar dit projekt gear mei Mozilla Common Voice, Afûk, Fryske Akademy, NHL Stenden, Omrop Fryslân, RUG Campus Fryslân en Tresoar

Lês-mar-foar-wiken feestlik ôfsluten

Yn de moanne septimber wiene de Lês-mar-foar-wiken en waard der troch de hiele provinsje foarlêzen oan pjutten op sa’n 400 pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. De feestlike ôftraap wie op 3 septimber mei it grutte Tomke Foarlêsfeest by paviljoen MeM yn Bûtenpost. Freed 30 septimber wiene de lêste foarlêsaktiviteiten en waard de foarlêsmoanne yn styl ôfsletten mei de foarstelling ‘Tomke syn pyamadei’ fan Geartsje Douma yn de biblioteek fan Grou.

Yn totaal binne der tidens de Lês-mar-foar-wiken mear as 25.000 Tomke-boekjes útdield oan Fryske pjutten. Yn de Stellingwerven binne dêrneist noch 1000 Stellingwerfske boekjes útdield. Tagelyk wiene der de hiele moanne septimber nije Tomke-útstjoeringen op Omrop Fryslân te besjen en wiene der flochs fan Tjitsfloch oer de ferskes en ferhaaltsjes út it Tomke-boekje. By de Fryske biblioteken koene bern nei foarstellings fan Tomke-skriuwster Geartsje Douma, sjongeres Janneke Brakels en De Vertellende Piano.

Foto: Hippe kiek fotografie by Sjoeke

‘Wy sjogge werom op in prachtige en suksesfolle earste edysje fan de Lês-mar-foar-wiken’, seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Earder waarden de foarlêsaktiviteiten en in nij, fergees Tomke-boekje foar alle Fryske pjutten byelkoar brocht yn de Fryske Foarlêswike, mar om’t de organisaasje feroare is, wie it ek de tiid foar in nije namme en opset.’ Yn 2023 binne der yn septimber wer de Lês-mar-foar-wiken mei fansels in nij Tomke-boekje en in hiel soad leuke foarlêsaktiviteiten foar pjutten.

De Lês-mar-foar-wiken binne in inisjatyf fan de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS. Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne Opfang (SFBO) soargje foar promoasje en fersterking.

It Grut Frysk Diktee werom mei in nije edysje

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Dat is foar it earst sûnt It Grut Frysk Diktee yn 2018 op it Aldehoustertsjerkhôf wie, mei in rekôrtal dielnimmers. Op tiisdei 17 maaie wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fan âlds hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Kwalifisearje foar it diktee kin fan hjoed ôf fia it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl.

Politikus Habtamu de Hoop skriuwt dit jier de dikteetekst, dy’t as tema ‘sport’ hat. ‘’Ik fyn it in geweldige ear dat ik it diktee skriuwe mei. Ik fyn it hiel belangryk foar it befoarderjen fan it Frysk en it is moai dat ik sa dêr in bydrage oan leverje kin’’, seit de politikus.

Omrop Fryslân soarget ek diskear wer foar de registraasje en de útstjoering fan it diktee. Dy is op woansdei 18 maaie.

Kwalifikaasjediktee
Minsken dy’t op 17 maaie mei dwaan wolle oan It Grut Frysk Diktee, moatte har dêrfoar kwalifisearje. Fan 28 maart oant 24 april kinne minsken online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee. Dat kin op www.fryskdiktee.nl De bêste 15 dielnimmers meie meidwaan oan It Grut Frysk Diktee.

Organisaasje

It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan it Cedin, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

Bettere beleanning foar Fryske skriuwers! Effektivere promoasje fan boeken yn it Frysk

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

Presintaasje 7 april

De presintaasje hjirfan fynt plak op tongersdeitejûn, 7 april, om 19:30 oere, yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Belanghawwerrs

Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan

  • de leden fan it Skriuwersboun
  • de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
  • de omrop
  • organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
  • de provinsjale en regionale kranten
  • útjouwers
  • biblioteken
  • Tresoar
  • ‘Boeken fan Fryslân’
  • de provinsje Fryslân
  • minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.
It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.



Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

Fryske media inisjearje opliedingstrajekt foar sjoernalisten Provinsjale subsydzje foar trainee-programma Fryske taal en kultuer

Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant, het Friesch Dagblad bondelje de krêften om sjoernalisten op te lieden yn de Fryske taal en kultuer. Se begjinne mei in traineeprogramma foar jonge sjoernalisten. Foar it ûnderwiisdiel dêrfan wurkje de mediabedriuwen gear mei de Afûk en de Ryksuniversiteit fan Grins (RUG). De provinsje Fryslân makket it inisjatyf mei mooglik mei in bydrage fan goed 200.000 euro, ferspraat oer trije jier. Dêrmei kin de helte fan de traineeplakken finansiere wurde.

It giet foarearst om in projekt foar trije jier, dêr’t jierliks trije jonge sjoernalisten oan mei dwaan kinne. Sy kinne harren ûntwikkelje op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis, sjoernalistyk en aktualiteit. De trainees dogge praktykûnderfining op by de redaksjes fan de trije media en folgje dêrnjonken in  opliedingsprogramma. Dat programma wurdt yn gearwurking mei de Afûk en de RUG útwurke. It doel is in kurrikulum te ûntwikkeljen dat op termyn ek brûkt wurde kin yn de opliedingen fan studinten sjoernalistyk en Frysk. Dêrmei wolle de partijen de kwaliteit fan it Frysk yn de media yn stân hâlde en fierder ferbetterje en dêrnjonken Frysk sjoernalistyk talint behâlde foar de takomst.

Foto: Omrop Fryslân

De taal fan it publyk
De Fryske mediabedriuwen steane noed foar de Fryske taal, kultuer en identiteit, sa jouwe haadredakteuren Ria Kraa (Friesch Dagblad) en Sander Warmerdam (Leeuwarder Courant) oan. Warmerdam: “It is wichtich dat ús sjoernalisten de taal fan it hert fan ús publyk begripe, prate en skriuwe kinne.” Ingrid Spijkers (haadredakteur fan Omrop Fryslân) follet oan: “Foar de Fryske taal en kultuer is no gjin omtinken yn de stúdzjes sjoernalistyk. Dêrom pakke we dit mei-inoar, en mei de ûnderwiispartners, op.”

In wichtich inisjatyf
De taalûnderrjochtynstelling Afûk en de ôfdieling Fryske taal- en letterkunde fan de RUG binne by de tarieding en útfiering fan it opliedingstrajekt belutsen. “Dit inisjatyf is wichtich om’t der sa mear sjoernalisten komme dy’t Frysk skriuwe kinne en dy’t boppedat better op ‘e hichte binne fan de Fryske taal en kultuer”, seit heechlearaar Fryske taal- en letterkunde prof. dr. Goffe Jensma. Direkteur Alex de Jager fan de Afûk: “It ferhaal fan Fryslân sa autentyk mooglik fêstlizze yn de taal fan de minsken út de regio, dat is wêr’t wy as Afûk mei dizze nije talinten én de hjoeddeiske betûfte sjoernalisten graach fierder oan wurkje.” 

Oer Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is de regionale publike omrop foar elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt. De organisaasje makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje en bringt de kontint fia ferskillende platfoarmen lykas radio, telefyzje en online kanalen.

Oer Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant 
It Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant binne ûnderdiel fan NDC mediagroep, fêstige yn Ljouwert en Grins. NDC mediagroep is ek útjouwer fan Dagblad van het Noorden en mear as 35 nijs- en wykblêden en sy beheart rom 50 digitale regionale kanalen. NDC leaut yn ûnôfhinklike sjoernalistyk en foarsjocht mear as 2 miljoen minsken yn Noard-Nederlân fan nijs en ynformaasje.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek Frysk yn foar Mozilla Common Voice.

Wat soe it moai wêze dat dyn telefoan Frysk ferstiet en prate kin! Takomstmuzyk? Der wurdt al oan wurke en wy hawwe dyn stipe derby nedich!

Mozilla Common Voice

Mozilla Common Voice is in iepen source platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin. Spraaktechnology wurdt ynset om masines te learen hoe’t minsken sprekke yn ferskillende talen en om masines sels spraak produsearje te litten. Tink oan in soarchrobot, Siri, Google Home ensafh. Dy technology wurdt de kommende jierren hieltyd wichtiger en it is wichtich dat dy technyk ek yn it Frysk wurket.

Fryske ynsprekwike

Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan 300 oeren ynsprutsen tekst te kommen. Dochst ek mei oan de Fryske ynsprekwike fan 20 oant en mei 26 septimber? Harkje yn dy wike ek nei Omrop Fryslân radio, mei in soad omtinken foar taaltechnology en de ynsprekwike. Alle dagen wurdt fia in aksje op Omrop Fryslân radio in Google Home miny weijûn!

Hoe dochst mei?

Hast dyn tillefoan, tablet of kompjûter by de hân?

1. Gean nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari).

2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’

3. Sprek de sinnen yn. Do kinst it eventueel weromharkje foardatst it ynstjoerst. Klik op de knop ‘Yntsjinje’.

4. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’.

Do kinst fansels safolle sinnen ynsprekke of tsjekke ast sels wolst! Súkses!

Tûke trúks

  • Praat sa’tst altyd praatst. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ‘e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen.
  • Do hoechst gjin aparte mikrofoan te brûken. De ynboude mikrofoan fan dyn telefoan, tablet as kompjûter is goed genôch. It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen.
  • De betingsten fan Mozilla binne datst op syn minst 18 jier wêze moatst.
  • Do kinst derfoar kieze om in akkount oan te meitsjen, mar dat hoecht net perfoarst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar, RUG/Campus Fryslân.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek yn!