Deputearre Folkerts en Douwstra as earste fertsjintwurdigers fan provinsjaal bestjoer mei nei Hilgelân

Fan 23 oant 25 maaie 2025 komme Friezen fan Fryslân, Ostfriesland en Noard-Fryslân byinoar op Hilgelân (Helgoland) foar in feestlik en kultureel evenemint. Dit jier sil deputearre Folkerts en Douwstra meigean wêr’t sy ûnder oare bydrage sil oan in kulturele workshop. Ek binne der spesjale optredens fan Fryslân út fan de band KASPAR, dy’t nei û.o. in spektakulêr optreden yn Paradiso Amsterdam no foar in unyk konsert nei Hilgelân komt. De dûnsgroep Aald Hielpen giet mei en sil in autentike Fryske sfear bringe.

Hilgelân (foto fan Pixabay)

It programma biedt in ferskaat oan aktiviteiten, in part bestiet út tradisjonele folkloare sa as in Börteboot-rally. Dêrneist binne der ek ynteressante workshops te folgjen oer ûnder oare Fryske leginden as Kening Redbad dêr’t ús eigen Fryske Akademy oan meiwurket. De festivaljûn op sneons sil in hichtepunt wêze mei optredens fan Kaspar en artysten út de oare regio’s. De ôfsluting fan it evenemint bestiet út in tradisjonele Fryske tsjerketsjinst, in optocht oer it eilân en in tradisjonele dûnsfoarstelling.

It Friesendroapen belooft in bysûnder evenemint te wurden fol muzyk, dûns en Fryske ferbining.

opjaan en programma

Dielnimmers wurde frege harren foar 1 april op te jaan fia sekretariaatfryskerie@gmail.com.

East-Fryslân ynspirearret de Afûk by aksje foar mear Frysk yn de supermerk

Twatalich opskrift yn de EDEKA-supermerk fan Aurich – Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

By in soad supermerken yn Fryslân stiet no noch de tekst ‘Haal hier uw winkelwagen’. As it oan de Afûk leit wurdt dat meikoarten ‘Pak hjir jo winkelwein’, want de Afûk wol wurk meitsje fan mear Frysk yn en om de supermerk en is dat ek al oan it tarieden. Undernimmers dy’t hjir wol wat foar fiele kinne in berop dwaan op de Afûk foar oersettingen en logistike stipe, seit projektlieder Fokke Jagersma.

Continue reading “East-Fryslân ynspirearret de Afûk by aksje foar mear Frysk yn de supermerk”