Winners Poëzijposter-wedstriid Dichter fan Fryslân bekend

Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriidfan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,-en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.

Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân: ‘Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoerings. Moai is ek dat de fiif bêstegedichten elk by in oar fak hearre. It doel fan it projekt is om de sichtberens fan Fryske poëzy yn it fuortset ûnderwiis te fergrutsjen. Dat ik hoopje dat de skoallen de poëzijposters in moai plakje yn de leslokalen gunne.’

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, skreau de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak, lykas wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten sille as posters opmakke en foarmjûn wurde troch Silke Boersma.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

Sjoch foar mear ynformaasje en de winnende gedichten op www.dichterfanfryslan.nl.

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Ien tel de ierde stil’ fan Arjan Hut

Ien tel de ierde stil is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut en skreaun yn de tiid dat hy wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen. Yn in perioade fan lockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken, by him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn de trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn de bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op de camping yn De Pomp.

As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar bliuwt de tiid dan echt stean? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.

Oer de auteur

Arjan Hut (berne yn Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en wennet sûnt 1996 yn Ljouwert. Hy wennet dêr mei syn frou en twa bern. Yn 2005 waard er keazen ta earste offisjele stêdsdichter fan Ljouwert. Dy titel jilde foar twa jier. Van 2019 oant 2023 wie Hut Wâlddichter, gemeentedichter fan Achtkarspelen. Behalve gedichten skriuwt hy ek oer muzyk, foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Earder ferskynden de dichtbondels: Nachtswimmers (Bornmeer, 2004),05/06 (Bornmeer, 2007),Tin (Afûk, 2010), Aurora Bossa Nova (Afûk, 2016), Fjoertoer yn it wâld (Afûk, 2020).

Boekgegevens

  • Ien tel de ierde stil
  • Auteur: Arjan Hut
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 3318083
  • Tal siden: 60
  • Ferkeappriis: € 17,50
  • websjop.afuk.frl

Presintaasje blomlêzing “Naar gelang het Noorden”

Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardroegen wurde.

tsien renommearre Fryske dichters.

Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters, mei gedichten fan Piter Boersma, Tsead Bruinja , Eppie Dam, Elske Kampen, Elmar Kuiper, Aggie van der Meer, Jacobus Q. Smink, Abe de Vries, Nyk de Vries en Cornelis van der Wal. De blomlêzing is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn, wurdt útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.

oanbieding P.C. Hooft-prijs

De blomlêzing is ûndertusken troch de wurkgroep oanbean oan it bestjoer en de sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs. Dy sjuery is krekt begûn mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in (Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter.

programma

  • Fan 16.30 ynrin, kofje en oranjekoeke yn de besikersromte fan it provinsjehûs
  • 16.45 nei de histoaryske Steateseal
  • Wolkomstwurd troch foarsitter Willem Verf fan it Skriuwersbûn
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Martsje de Jong jout út namme fan de wurkgroep in koarte presintaasje fan de ynhâld fan de brosjuere en oerlanget oanslutend it earste eksimplaar oan de Deputearre
  • Reaksje fan Sietske Poepjes
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Ôfsluting troch útjouwer Hille Faber

“Naar gelang het Noorden”

  • Taal: Frysk & Nederlands
  • siden: 74
  • priis: €12,50
  • útjouwer: De Ryp

    gedichte-aven op 26 jannewary 2023

    D’r binne sestyn deelnimmers an de gedichte-avend. Der is de organisasy och soa wiis met. En an de opgeven gedichten te sien, binne ‘t úteenlopende gedichten. ‘t Belooft dus ‘n boeiende avend te worren in ‘e bibletheek fan St.-Anne. Elkeneen is fan harte welkom om deuze avend bij te weunen. ‘t Begint om 19.30 uur en d’r is gyn intree.

    lês mear

    Huus van de Taol zet de deuren lös

    Zaoterdag 19 november is der Lös Huus bij het Huus van de Taol in Beilen. Wij viert daw 15 jaor bestaot, de metwarkers en vrijwilligers laot die dag zien wat er allemaol gebeurt um de Drentse taol oet te dragen. Daornaost is er ’s middags de Grote Streektaolstried.

    Tussen 10 en 16 uur is der een keur an activiteiten: bezukers kunt rondkieken in het Huus, een broescursus volgen, naor Drentse poëzie lustern of anschoeven veur een sunterklaos-dichtworkshop. Veur kinder is der een veurleesuurtie en een spannende speurtocht. Ok projecten die nou bij het Huus loopt wordt veur het voetlicht bracht en der is een boekenmarkt.

    Wieder zendt Radio Drenthe het programma Hemmeltied de hiele mörgen live oet vanoet het Huus van de Taol en komp winnaor van het Drèents Liedtiesfestival Rick Hilberts optreden.

    De oetsmieter van de dag is de Grote Streektaolstried in de raodzaal van het gemientehoes: wi’j je met een koppel Drentskenners opgeven, dan kuj dat doen op huusvandetaol.nl/streektaolstried.

    En wi’j as schriever van Drentse poëzie een podium veur je wark? Meld je dan an veur de loketpoëzie in de hal van het gemientehoes. Dan kuj je wark daor veurdragen. Dit kan via huusvandetaol.nl/loketpoezie.

    Sytse Jansma nei it ynternasjonale poezijfestival Transpoesie

    Op moandei 26 septimber en tiisdei 27 septimber wurdt yn it ramt fan de Europeeske Dei fan de Talen foar de tolfde kear it ynternasjonale poezijfestival Transpoesie hâlden yn Brussel. It tema dit jier is “It Europeeske jier fan de jeugd”.

    Der binne foardrachten troch dichters út hiel Europa wei en yn Brussel binne op ferskate plakken posters en banners te finen mei de gedichten yn de oarspronklike taal en oersettingen yn it Frânsk en Nederlânsk. Dit jier is Sytse Jansma oanwêzich as fertsjintwurdiger fan de Fryske dichtkeunsten.

    Sytse Jansma. Foto: Welmoed Riemersma

    It Skriuwersbûn hat him útkeazen om’t syn wurk in moai foarbyld is fan de rykdom en mooglikheden fan meartaligens en hy byldzjende keunsten en poezij op in kreative wize kombinearret. De dichter hat ferskate kearen de Rely Jorritsma-priis wûn en wie dit jier ien fan de minsken efter it projekt “Sprekende Stenen” yn Ljouwert.

    It festival is op ôfstân te folgjen fia de sosjale media –fia @transpoesie op Twitter en op Facebook – en de berjochten fan Sytse Jansma sels. In earste filmke fan it gedicht “Myn brieven” foar dit festival is al online te besjen.

    Fiering Europeeske Dei fan de Talen

    It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum fiere op 26 septimber it taalferskaat yn Nederlân en Europa

    Op moandeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen mei spesjale oandacht foar in meartalige learomjouwing. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en trûbadoer Jan Henk de Groot sille harren talen klinke litte mei poëzy en muzyk.

    Meartalige learomjouwing

    Sprekkers Hilda Heyde fan de RUTU-foundation en Janke Singelsma fan NHL-Stenden Hegeskoalle sille sprekke oer de ynklúzje fan talich ferskaat op ’e (basis)skoalle. Heyde sil it projekt ‘Language Friendly Schools’ fan de RUTU-foundation taljochtsje en Singelsma sil it koartby ferskynde boek ‘Talenbewust lesgeven: Aan de slag met talige diversiteit in het basisonderwijs’ presinstearje.

    Dichter fan Fryslân en Grinzer muzyk

    It talige ferskaat is de middeis ek werom te hearren yn poëzy en muzyk. Sigrid Kingma, de Dichter fan Fryslân hat spesjaal foar de Europeeske Dei fan de Talen in gedicht skreaun, dy’t sy  fansels foardrage sil. Grinzer trûbadoer Jan Henk de Groot sil de muzyk fersoargje.

    Europeeske Dei fan de Talen

    Europeeske Dei fan de Talen, in inisjatyf fan de Ried fan Europa, wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 79 talen erkend fan mei-inoar 204 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

    Wolkom

    It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik. De ynrin begjint om 15:00 oere en om 15:30 oere set it programma útein. De middei wurdt ôfsletten mei in hapke en in drankje.

    Lokaasje: Gysbert Japicxseal, Tresoar. Bûterhoeke 1, Ljouwert.

    Graach sjogge wy jo opjefte temjitte by it sekretariaat fan it EBLT fia dit formulier

    Noarderleech unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap: nij fotoboek fan Evert Wilstra mei twatalige gedichten fan Jochum Rijpma

    It Noarderleech is ien fan Europa’s grutste kwelders en wurdt sjoen as tige wichtige natuer foar Europa. Yn ’e rin fan ’e jierren hat fotograaf Evert Wilstra prachtige foto’s makke fan dat 4200 hektare grutte natuergebiet, dat ek ûnderdiel is fan UNESCO Wrâlderfgoed Waadsee. Jochum Rijpma lit ús fia de taal de leechte, it moaie ljocht en it nachtlik tsjuster fan it gebiet fiele.

    fotograaf en dichter

    Evert Wilstra (Beetstersweach, 1951) is fotograaf en âld-fierljepkampioen. Evert Wilstra lit mei syn foto’s in ympresje fan it lânskip sjen, mar ek de ferbining tusken it lânskip, de natuer en de keunst. Earder ferskynde wurk fan Wilstra yn Auke Rauwerda – afscheid van de binnenstad.

    Jochum Rijpma (Bears, 1948) is eko-campingboer op de Swetteblom, taalleafhawwer en eartiids tsjoender fan tongestreakjende suvel. Unrjocht, himsels of in oar oandien, kin hy min oer. De pinne helpt him om dat wer rjocht te breidzjen. Tagelyk hat er nocht om ûnnocht om sa de fleur der yn te hâlden.

    Presintaasje

    De feestlike oanbieding soe plakhawwe op moandeitemiddei 11 july op it stedhûs fan Dokkum, mar wurdt op in letter momint dit jier presintearre – nei alle gedachten yn septimber. Boargemaster Johannes Kramer sil dan it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

    Noarderleech, unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap
    Fotograaf: Evert Wilstra
    Dichter: Jochum Rijpma
    Oersetting: Syds Wiersma
    Utfiering: paperback
    ISBN: 978 949 315 9877
    Tal siden: 96
    Ferkeappriis: € 17,50
    www.afuk.frl

    Sytse Jansma nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

    Foar de tolfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil op 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it kader fan de Europeeske Dei fan ’e Talen. 

    Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich yn it Frysk en Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner. Foto: Welmoed Riemersma

    Syn Frysktalige debútbondel “Wa’t tate seit moat ek whisky sizze” kaam út yn 2008. Syn twadde bondel, “As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht”, út 2015, wie twatalich. Hy publisearret û.o. yn literaire tiidskriften as De Revisor, De Moanne en Ensafh. Hy wûn al 4 kear de Rely Jorritsmapriis foar syn gedichten en hat optreden op ferskate festivals, yn bygelyks Grins en Ljouwert, mar ek Kenia.

    Yn syn poëzy is meartaligens in belangryk tema. Syn wurk kin karakterisearre wurde as eksoatysk, byldryk en eksperiminteel. De relaasje tusken persepsje en taal komt faak werom yn syn gedichten, mar ek syn pasje foar reizgjen, muzyk en byldzjende keunst spilet in grutte rol. Hy kombinearret ek graach syn wurk mei oare keunstfoarmen. Sa skreau er de tekst foar de teätrale audiokuier “It gelok fan Fryslân” fan Tryater yn 2020 en is krekt syn nijste projekt “Sprekende Stenen”, in gearwurking mei oare skriuwers en keunstner Ineke van der Blom, iepene yn Ljouwert. Sytse Jansma wurket no oan syn earste Nederlânsktalige dichtbondel dy’t yn 2023 ferskine sil by útjouwerij AtlasContact.

    It Transpoesie Poëzyfestival wurket al in tal jierren gear mei it Skriuwersboun