DINGtiid-lêzing 2023 Taal en rjocht: de positive ympakt fan Frysk op de rjochtspraak

Op sneon 4 novimber 2023 organisearret DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, in lêzing oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. Op papier liket dat regele, mar yn de praktyk blike alle partijen der mei te wrakseljen om’t net eltsenien yn it rjochtsproses de Fryske taal machtich is. Wat is der nedich om it Frysk yn de rjochtspraak duorsum te boargjen?

Gerjochtshôfpresidint Jonneke Oosting oer de prosedurele rjochtfeardigens fan Frysk prate op sitting

Mr. Z.J. Oosting (presidint fan it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert) besprekt de dilemma’s rûn it Frysk praten ûnder in sitting. Wat as oare prosesdielnimmers it Frysk net of matich behearskje? Alle partijen moatte nei-inoar lústerje kinne en inoars belangen begripe.

DINGtiid-bestjoerder Annalies Outhuijse oer duorsum boargjen fan it Frysk

Dr. Annalies Outhuijse (bestjoerder fan DINGtiid en bestjoersrjochtlik advokaat by Stibbe yn Amsterdam) leit út wêr’t DINGtiid yn petearen oer it Frysk yn de rjochtspraak tsjinoan rint. En jout har fyzje op hoe’t it brûken fan it Frysk de kwaliteit fan de rjochtspraak krekt befoarderje kin. Hoe soe it brûken fan it Frysk yn de rjochtsproseduere duorsum boarge wurde moatte?

Programma

DINGtiid hjit jo op sneon 4 novimber 2023 om 10.00 oere fan herte wolkom by de DINGtiid-lêzing yn it Paleis fan Justysje (Wilhelminaplein 1 yn Ljouwert). It programma set om 10.30 oere útein. Wy slute om 12.30 oere ôf mei in lunsj.

  • Wolkom troch Jan Koster (DINGtiid)
  • Lêzing Jonneke Oosting
  • Lêzing Annalies Outhuijse
  • Plenêre diskusje
  • Lunsj

Oanmelde

Graach foar freed 27 oktober 2023 oanmelde fia it online oanmeldformulier.
Fol = fol. Tink der om, nim jo identifikaasjebewiis mei!

Rûnetafelpetear oer de BFTK yn Den Haach

Dizze tongersdei, op 12 oktober, is der tusken 14:00 en 18:00 oere yn Den Haach in rûnetafelpetear oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Meardere lidorganisaasjes fan it EBLT hawwe sprektiid en teffens in position paper yntsjinne.

foto: pixabay

Programma

Der binne fjouwer blokken fan elk in oere, mei de ûnderwerpen:

Kultuer, Wittenskip en Media

  • H. Rijpstra, Omrop Fryslân
  • J. J. Hoebe, Screen Talent Europe
  • M. Hospers, Explore the North
  • N. IJssennagger-Van der Pluijm, Fryske Akademy

Rjochtspraak

  • F. Dijkstra, rjochtbanktolk
  • A.R. Van der Winkel, Rechtbank Noord-Nederland
  • J. Koster, DINGtiid
  • B.G. Kooi, Kooi Advocaten

Underwiis

  • A. Merkuur, Fryske taal en kultuer Rijksuniversiteit Groningen
  • A. Wallinga, Drachtster Lyceum
  • A. P. Walsweer, lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid NHL Stenden
  • H. Van der Molen, Firda
  • S. De Boer, Sintrum Frysktalige Berne-opfang

Bestjoer

  • A. Brok, Kommissaris fan de Kening profinsje Fryslân
  • R. De Groot, Komitee fan Eksperts fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en talen fan minderheden
  • G. Benedictus, Steatekomitee Frysk
  • A.J. Soepboer, wethâlder Noardeast-Fryslân

Dielnimmers

Twadde Keamerleden dy’t dielnimme:  

  • E.A. Haverkort (VVD)
  • H. Bevers (VVD)
  • R.H. (Romke) de Jong (D66)
  • T.C. (Tjeerd) de Groot (D66)
  • H.M. Palland (CDA)
  • J.P. Kwint (SP)
  • H.E. de Hoop (PvdA)
  • C.A.M. van der Plas (BBB)

Mear ynformaasje

Alle dokuminten (ynklusyf position papers), it folsleine programma en mear ynformaasje is te finen op: https://www.tweedekamer.nl/debat_en_vergadering/commissievergaderingen/details?id=2023A06021

It is in iepenbiere gearsit yn Den Haach, mar it is ek mooglik om it petear live te folgjen.Dat kin mei de livestream fan de Thorbeckezaal:  https://www.tweedekamer.nl/vergaderingen/livedebat/thorbeckezaal